Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Sjaka Sûlû

Ut Wikipedy
Portret fan Sjaka Sûlû (1824)

Sjaka Sûlû (juny 1786 - 22 septimber 1828), ek Chaka, Tsjaka of Shaka, wurdt oer it generaal beskôge as dejinge dy't syn relatyf lytse Sûlûclan feroare yn in keninkryk dat in grut diel fan Súd-Afrika tusken de Fonogolo- en Mzimkhulu-rivieren besloech. Oer Shaka besteane in soad legindes en sa ek oer syn militêre macht, al hat er dochs ek in grut steatsman west dy't mei in protte moed syn buorstammen feriene en op ôfstân in grut ryk behearske.

De feroveringen fan Sjaka
Stânbyld fan Sjaka yn Londen

Sjaka waard berne as soan fan Nandi en kening Senzangakhona, mar it wie in bûtenechtlike relaasje en hy waard dêrom grutbroch troch Dingiswayo, de kening fan de Mthethwa en net troch syn eigen heit. Doe't syn heit ferstoar holp Dingiswayo him om syn healbroer Siguyana te ferslaan en ± 1812 waard hy kening. Syn earste aksje wie wraak op de fijannen út syn jeugd dêr't er in soad fan speetse liet. Yn 1816 begûn syn feroveringstocht mei it ferslaan fan oare Sûlûclans en sluet in alliânsje mei de Mthethwa-clan, omt dy gjin lieder hiene.

Eartiids waard der oarloch fierd tusken de ferskillende Sûlûfolken, mar dan op in tradisjonele, hast freonskiplike wize. Men stie nammentlik op in spearwoarp ôfstân foar elkoar oer smiet sa de spearen nei elkoar ta. Mei harren skylden warden se de spearen ôf en sa no en dan sneuvele der in kriger. Sjaka Sûlû fûn dit in achterhelle manier fan oarlochfieren en ûntwurp de koartere stekspearen mei gruttere limmets foar in mear direkte oanfal. Mei dizze wapens koe hy stekke mar ek slaan en ôfwarre, krektas by it skermjen en boppedat ek smite. Syn krigers moasten op bleate fuotten stride en gjin sandalen of oare skoaiing drage. Hy woe syn leger hurdzje op elk gebiet. Sa soe hy ris, as bewiis, in lyts fjurke mei bleate fuotten útmakke hawwe. De oare deis tochten de oare folken wer te fjochtsjen op tradisjonele wize, mar Shaka foel har oan yn in striid fan man tsjin man en deade alle tsjinstanners mei syn sterk ferbettere wapens. Fan doe ôf wie der in nije manier fan oarlochsfiering begûn, dêr't it leger fan Sjaka foar master opsloech.

It wichtichste gefjocht wie tsjin Swide oer it besit fan de Ndwandwe. Neffens de leginde fersloech hy de stam, mar der binne oanwizings, dat Swide útnaaid wie en dat der ûnder it bewâld fan Sjaka faak ris wat rebûlje wie mei it leger fan Swide. Dochs hie Sjaka in grut diel fan Natal en it súdeasten fan Súd-Afrika yn hannen.

Yn 1824 sluet Sjaka in febûn mei de Europeanen om mienskiplik it keninkryk fan Sjaka út te wreidzjen. Letter die bliken dat de Europeanen troch dit ferbûn in grut diel fan it lân fan de Sûlûs yn hannen krije soenen.

Dingane en Mhlangana, twa healbruorren fan Sjaka, hawwe twarris besocht om Sjaka te likwidearjen, dit barde nei alle gedachten yn septimber 1828 by in boargeroarloch. Oft dit troch ien fan syn healbruorren barde en wat de krekte (dûbel)rol fan de Europeanen wie bliuwt ûndúdlik.

De Sûlû is ferneamd wurden meidat hy yn de 19e iuw it Britske leger fersloech yn de histoaryske Slach by Isandlwana ûnder lieding fan kening Cetswayo.

In sterk romantisearre telefyzjefilm op basis fan de leginde hat Sjaka by it grutte publyk bekend makke.