Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Skoanfamylje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Skoanheit)

Skoanfamylje, oantroude famylje of ek wol de kâlde kant is de famylje fan jins oarehelte of houlikspartner. Dêrby giet it yn it foarste plak om 'e skoanâlden, de âlden fan jins oarehelte. Dat binne jins skoanheit en skoanmem. Sels is men, ôfhinklik fan jins geslacht, de skoansoan of de skoandochter fan jins skoanâlden. As der ferskate oantroude bern binne, wurdt datoangeande ek wol sprutsen fan skoanbern, almeast yn 'e sin fan "de bern en skoanbern". Njonken de skoanâlden binne der faak ek noch de skoansuster (de suster fan jins oarehelte of de oarehelte fan jins broer) en de sweager (de broer fan jins oarehelte of de oarehelte fan jins suster).

Meastal moat men troud wêze om fan in skoanfamylje sprekke te kinnen, mar tsjintwurdich dogge guon minsken it ek as se in oare duorjende relaasje op it mêd fan leafde ûnderhâlde, lykas in registrearre partnerskip of in relaasje op basis fan in gearwenningskontrakt. Guon lju hawwe it sels al oer harren 'skoanfamylje' as se allinnich noch mar ferkearing hawwe.

Yn in protte kultueren hat men (faak wetlik fêstleine) plichten en/of ferantwurdlikheden foar leden fan 'e skoanfamylje oer, benammen as it giet om 'e skoanâlden. De stereotype skoanmem leit yn 'e Westerske maatskippij op in minne namme om't se in ferfelende seurpyt wêze soe dy't mei opsetsin besiket om it libben fan har skoansoan of -dochter soer te meitsjen. Der wurde sadwaande gauris grappen oer de skoanmem makke (de saneamde skoanmemmop), wêryn't òf foarbylden jûn wurde fan hoe't sy te wurk gean soe by it narjen fan 'e skoansoan of -dochter, òf de skoansoan of -dochter ôfweeft mei de skoanmem.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes