Stárkov
Appearance
Stárkov | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Tsjechje |
Regio | Královéhradecký kraj |
Distrikt | Náchod |
Sifers | |
Ynwennertal | 644 (2019) |
Oerflak | 16,52 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 441 m |
Oar | |
Stifting | om 1250 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee fan de gemeente |
Stárkov (Dútsk: Starkstadt) is in Tsjechysk stedsje en gemeente (Město) yn de regio Hradec Králové, en is in diel fan it distrikt (okres) Náchod. Stárkov hat 644 ynwenners (2019).
Stárkov wie oant 1945, lykas ek oare plakken oan de noardgrins fan Tsjechje, in plak mei in foar it meastepart Dútsktalige befolking. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de Dútsktalige befolking ferdreaun.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stárkov leit by de gearrin fan de rivier Jívka (Jibka) en it streamke Dřevíč (Erlitz). Plakken yn de omkriten binne Vlásenka yn 't noarden, Česká Metuje yn it noardeasten, Maršov nad Metují yn it easten, Horní Dřevíč (gemeente Jívka) yn it súdeasten, Zada yn it suden, Bystré yn it súdwesten, Jívka yn it westen en Vápenka yn it noardwesten.
Fotogalerie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Tsjerke
-
Stânbyld Jana Nepomuckého
-
It gemeentehûs
-
Tradisjoneel-boude went oant it plein
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Stárkov fan Wikimedia Commons. |