Stêfsjef
In stêfsjef is de lieder (sjef) fan in stêf, in groep persoanen dy't de lieding hat oer in grutte en komplekse organisaasje. De stêfsjef is dêrmei faak de op ien nei heechste persoan binnen sa'n organisaasje. Ferlykbere funksjes binne dy fan 'e gemeentesiktaris binnen de gemeentlike organisaasje en dy fan 'e direkteur-generaal binnen in ministearje. Oer it algemien kin steld wurde dat de stêfsjef in buffer foarmet tusken de heechste lieder fan in organisaasje en dy syn ûnderhearrigen. De spesifike funksjes dy't in stêfsjef ferfollet, hingje lykwols ôf fan it soarte organisaasje dêr't er ta heart.
Yn 'e polityk komt de funksje fan stêfsjef in protte foar as it haad fan it kabinet fan in presidint. Sokke stêfsjefs fungearje faak as fertrouling en wichtichste adviseur fan harren baas. Se kinne har gauris ûntjaan ta de op ien nei machtichste man fan it lân, hoewol't dat gjin wetlike grûnslach hat en inkeld basearre is op 'e ynformele ynfloed dy't se op 'e presidint útoefenje. In bekend foarbyld fan sa'n soarte fan stêfsjef is de stêfsjef fan it Wite Hûs, yn 'e Feriene Steaten.
Ek binnen de kriichsmacht bestiet de funksje fan stêfsjef, dy't yn dy kontekst formeel oantsjut wurdt as de sjef fan de Generale Stêf. Ofsieren dy't dy funksje beklaaie hawwe de rang fan brigadegeneraal of heger, of, as se by de marine tsjinje, de rang fan skout-by-nacht of heger. In militêre stêfsjef jout lieding oan it haadkertier fan 'e kriichsmacht en bepaalt yn tiden fan oarloch as oerbefelhawwer (yn oerlis mei syn stêf) de militêre strategy. Yn Nederlân is it sa dat de funksje fan stêfsjef om bar beklaaid wurdt troch in opperofsier fan 'e lânmacht, de loftmacht en de marine. Yn Nederlân wurdt de formele titel 'sjef fan de Generale Stêf' trouwens ornaris ferkoarte ta sjef-stêf, wylst yn 'e measte oare lannen, wêrûnder (Nederlânsktalich) Belgje, de ferkoarting ta 'stêfsjef' gebrûklik is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |