Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stasjon Frjentsjer Halte

Ut Wikipedy
It eardere stasjon Frjentsjerter halte (2018)

Frjentsjerter Halte (Fnh) wie in halte oan it spoar fan Tsjummearum nei Frjentsjer. Frjentsjerter Halte oan de Harlingerweg wie iepen fan 1 oktober 1903 oant 8 oktober 1933. It gebou út 1902 bestiet noch altiten.

Dit stasjon is boud nei it stasjonsûntwerp mei de namme Standerttype NFLS, dy't benammen brûkt waard by spoarstasjons yn Fryslân. It stasjon Frjentsjerter Halte wie fan it type NFLS halte 3e klasse.

Tusken 1935 en 21 novimber 1941 siet der in kibboets yn it gebou. Dy kibboets wie in hachsjara, in joadske lânbouskoalle. Goed 80 jonge sionisten waarden dêr taret op emigraasje nei Palestina[1].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ----- Frysk Deiblêd, s. 21, 2 juny 2020