Stasjon Lier
Stasjon Lier Bahnhof Leer (Ostfriesland) | ||
Stasjon Lier yn 2007 | ||
lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Landkreis | Lier (East-Fryslân) | |
plak | Lier | |
adres | Bahnhofsring 8 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | HLEE 3609 | |
type | Bf | |
iepening | 20 juny 1856 | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Oldenburg - Leer Hamm - Emden Grins - Leer | |
offisjele webside | ||
bahnhof.de | ||
kaart | ||
Stasjon Lier is in spoarweistasjon yn de East-Fryske stêd Lier.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1854-1855 krige Lier in eigen stasjon, doe 't de stêd op de Hannoversche Westbahn fan Emden nei Rheine oansletten waard. Op de plannen tusken de jierren 1852 en 1855 hie de Hannoverse arsjitekt Conrad Wilhelm Hase ynfloed, mooglik ek Adolf Funk. It postkantoar kaam by de nijbou yn en iepene hjir ek it earste telegraafstasjon, mar ferhuze yn 1885-1886 nei in eigen gebou by it stasjon. De spoaroansluting nei Oldenburg en dêrmei nei Bremen folge op 15 juny 1869 en omfette 55,01 kilometer. Op 26 novimber 1876 waard de line nei Nijeskâns (26 km) yn bedriuw naam. Yn 1955 iepene it sintrale busstasjon (Zentrale Omnibusbahnhof, ZOB). Yn 1992 waard de spoarline Lier - Oldenburg elektrifisearre.
Oant yn 2015 beskikte stasjon Leer net oer roltreppen of liften, wêrtroch't it foar reizgers mei in rolstoel, bernewein, fyts, of swiere bagaazje dreech wie om de perrons te berikken. Njonken de renovaasje fan de perrons en de besteande tunnel, waard de tunnel útwreide mei liften.
Arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It hjoeddeistige, twa ferdjippingen symmetryske haadgebou út 1855 bestiet út fiif dielen. It gebou is ûntwurpen neffens it histoarisme, mei rûnbôgen. Op de foar- en efterkant soargje op elke ferdjipping trije rûnbôgefinsters tusken pilasters foar ljocht yn it gebou. De lege tusken gebouwen hawwe ien ferdjipping oan de strjitkant, oan de spoarkant binne der twa ferdjipingen. De haadyngong is yn in lytse útbou oan de foarkant fan it gebou.
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
IC 34 | Intercity (DB) | Norddeich – Emden – Lier – Lingen (Ems) – Münster (Westf) – Hamm – Unna – Siegen – Wetzlar – Frankfurt am Main | rydt ienris yn 'e twa oeren |
IC 35 | Intercity (DB) | Norddeich – Emden – Lier – Lingen (Ems) – Münster (Westf) – Recklinghausen – Oberhausen – Duisburg – Düsseldorf – Köln – Koblenz | |
IC 56 | Intercity (DB) | Norddeich – Emden – Lier – Oldenburg (Oldb) – Bremen – Hannover – Braunschweig – Magdeburg – Halle (Saale) – Leipzig | |
RE 1 | Regional-Express (DB Nord) | Norddeich – Emden – Lier – Oldenburg (Oldb) – Bremen – Verden (Aller) – Nienburg (Weser) – Neustadt am Rübenberge – Hannover | rydt ienris yn 'e twa oeren |
RE 15 | Regional-Express (WFB) | Emden Hbf – Lier – Papenburg (Ems) – Aschendorf – Dörpen – Lathen – Haren (Ems) – Meppen – Geeste – Lingen (Ems) – Leschede – Salzbergen – Rheine – Emsdetten – Greven – Münster (Westf) Hbf | |
RS 6 | Stoptrein (Arriva) | Grins – Súdbroek – Bad Nijeskâns – Weener – Lier | Ferbining wurd sûnt 2015 rieden troch in trein ferfangende bus om't de Friezebrêge stiken is. |
Tsjinstregeling fanôf: 12 desimber 2021 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|