Steatestavering
De Steatestavering, of ek wol de "nije stavering", is de offisjele stavering fan it Frysk dy't sûnt 1980 yn gebrûk is ta ferfanging fan 'e Akademystavering. Op 10 augustus 1982 stelden Deputearre Steaten fan Fryslân ek in nije stavering foar frjemde wurden fêst. Yn 1993 hat Beart Oosterhaven, fan de fakgroep Leksikografyske Projekten by de Fryske Akademy, sa'n Nije list fan frjemde wurden makke.
Ligatueren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ligatueren (bygelykgs <Æ>), lykas dy yn âldere farianten fan toponimen wol foarkomme, wurde net brûkt. By in letterteken dat, of folsleine nammen dy’t, yn kapitalen skreaun, printe of oanbrocht wurdt, pleatst men eventuele aksinten: ^,¨, ´, ` net. Elk los skreaun elemint fan in namme begjint mei in haadletter.
Staveringswizigings fan 1980
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ae yn in sletten wurdlid wurdt aa
- é oan 'e ein fan in wurd is ee wurden.
- ou almeast útsprutsen as oo wurdt o yn iepen en oo yn sletten wurdlid.
- i yn it foarheaksel bi- wurdt e
- de oergongsletter j ferfalt ( bloeie, meie )
- ferdûbeling fan it bylûdteken nei in lang lûd ferfalt ( râne, bêden )
- De stomme h foar w ferfalt
- ou foar n wurdt û
- û foar r wurdt oe
- u wurdt yn 'e trije foarbylden eu: geunst, keunst, meunster.
- it efterheaksel -heit wurdt -heid
- t wurdt d yn 'e fjouwer foarbylden: gebed, gebod, held, geweld
- de ferlytsingsútgong -tsje nei -d wurdt -sje
- ea yn great wurdt u: grut
- ow yn notiidsfoarmen fan jaan en dêrfan ôflate wurden wurdt ou
- ow yn it mulwurd fan jaan wurdt û
- yn de trije foarbylden wurdt aw no â: sân, nâle, ik ha hân
- z yn liz en siz wurdt s
- -dd- en -tt- yn doetiidsfoarmen mei inn lang lûd yn de stam wurde -d- en respektyflik -t-
- boppesteande regels jilde ek foar gearstallings
Stavering fan frjemde wurden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stavering fan frjemde wurden, sa't dy jildt fan 25 novimber 1982 ôf:
- De lûden
- Yn 't algemien bliuwt de stavering fan de lûden gelyk as yn it oarspronklike wurd, mar wurde se oanpast oan it Fryske staveringssysteem as se foarkomme yn it wurdlid dêr't de klam op falt. Bygelyks Amearika njonken Amerikaansk, synoade njonken synodaal. Dêrnjonken mei yn guon gefallen as de klam net op it wurdlid falt beide staveringen brûkt wurde: óf it oarspronklike lûs of de útspraakfoarm. Dus njonken fakânsje, famylje, telefoan, redenaasje mei tenei ek stavere wurde fekânsje, femylje, tillefoan, riddenaasje.
- De Grykske-y- bliuwt stean op plakken dêr't er yn it frjemde wurd stie. Allinne as yn 't Hollânsk in i skreaun wurdt, dan wurdt dat yn it Frysk ek in i. Foarbylden: type, synonym, piramide, silinder.
- De foarheaksels in-, im-, il-, inter-, ir- wurde no stavere as yn-, ym-, yl-, ynter- en yr-. Foarbylden: ynternasjonaal, yllúzje, ymport, yrrasjoneel
- In dielteken (trema) op wurden as reaksje, beanderje, is net nedich. It dieltekenwurdt allinne brûkt by de kombinaasjes ii, ie, eee, en ee as se net as in ien- of twalûd útspruten wurde. Soms komt it trema nei in foar- of op in efterheaksel. Foarbylden: haaiïnge, hygiënysk, seeën, reële, snieïch. It skerpteken is nedich yn inkelde wurden dêr't de e oars maklik ferkeard lêzen wurde kin, lykas: grouwélich, mandélich,. As yn oare gefallen misferstân ûntstean soe, mei in trema brûkt wurde, mar regel is dat net.
- De ou út frjemde wurden wurdt stavere mei û en foar de r mei oe. Foarbylden: kûpon, bûket, toernee.
- Frjemde wurden mei é wurde skreaun mei ee.
- Lienwurden út it Ingelsk/Amerikaansk wurde net feroare. Allinne wurden dy't yn it Frysk alhiel ynboargere binne kine oanpast wurde oan it Fryske staveringssysteem. Foarbylden: claim, research mar traine - trene, cape -keep meie beide.
- De wurdútgong -ent/-ens wurdt, ek as it wurd langer makke wurdt -int/-ins. Foarbylden: kliïnt, oriïntaasje.
- Oan de ein fan in wurd stiet nea in i, dat wurdt altyd in y. Foarbylden: histoarisy, aliby, taksy, nassy.
- De útgong -ie wurdt meast mei -je stavere as dy útspraak net yn gebrûk is, mei y. Foarbylden:histoarje, evangeelje, mar religy, griffy.
- De bylûden
- De c wurdt stavere as k of as s en de kombinaasje ch mei de útspraak sj, mei sj. Itselde jildt foar de útspraak nj foar gn. De stomme h wurdt weilitten; allinne yn thús mei er stean bliuwe. De ph wurdt stavere as f. Foarbylden: konsert, sjauffeur, sinjalemint, teory, strofe.
- De kombinaasje si of ti dy't útsprutsen wurdt as sj, wurdt ek skreaun mei sj. Foarbylden: nasjonaal, inisjatyf.
- Oan it begjin fan in wurdt skriuwe wy altyd in f, yn pleats fan in v (yn eigennammen mei V brûkt wurde). Middenyn in wurd bliuwt de v stean: fia, ferbalisme, advys, advertinsje.
- De útgong se (útspraak ze) wurdt stavere mei ze. Foarbylden: faze, analyze. Itselde jildt foar ge (útspraak zje). Farbylden: garaazje, bagaazje.
- De kombinaasjes qu en cu, útspraak kw of k wurde stavere mei kw en k; lyksa x útspraak ks wurdt stavere mei ks, útsein eigennammen. Foarbylden akwadukt, maksimum.
- Frjemde wurden mei útgong -air dy't útsprutsen wurde as èèr wurde skreaun mei êr. Foarbyld: kulinêr en belvedêre.
- Wurdeinen
- De útgong -eren yn it Nederlânsk wurdt yn it Frysk -earje
- It Nederlânske wurdein -ie sûnder klam wurdt yn it Frysk mei -je stavere (as de útspraak |j| net gongber is, mei ek y stavere wurde.
- De ûnbeklamme wurdeinen -cie, -tie en -sie mei útspraak |sj| wurdt stavere mei -sje, by de útspraak |zj| wurdt de stavering -zje. Opmerking: de Nederlânske útgong -tie mei klam wurdt as -sy skreaun
- de wurdeinen -ent en -ens wurde neffens de útspraak -int en -ins stavere (ek by de ôfliedingen)
- de útgong -se mei de útspraak |z| wurdt stavere as -ze
- de útgong -ge mei de útspraak |zj| wurdt stavere mei -zje
- de útgongen -ief, -iek, -iel, -iem, -ien, -iep, -iet, -isch, en -ijn yn it Nederlânsk wurde yn it Frysk stavere as -yf, -yk, yl, ym, -yn, -yp, -yt, -ysk en -yn. Bûgingsfoarmen wurde neffens it Fryske systeem mei i stavere
- oergongsklanken dy't ûntsteane tusken stam en Fryske útgong wurde ynfoege (komeedzje, subsydzje)