Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stedsteat

Ut Wikipedy

In stedsteat is in steat dy't bestiet út ien inkele stêd mei eventueel dêropta it plattelân yn 'e omkriten fan dy stêd mei wat lytsere delsettings lykas doarpen en buorskippen. Sokke steaten foarmen histoarysk sjoen de earste stap yn it steatsfoarmingsproses dat late ta it ûntstean fan gruttere steatkundige ienheden. Ornaris begûn it mei in doarp dat stifte wie op in geunstich plak wat hannel en ferfier oangie. Dêrby koe it gean om in krúspunt fan hannelsrûtes, de mûning fan in rivier of in natuerlike haven (lykas in lytse beskutte baai). Troch it driuwen fan hannel groeide sa'n doarp út ta in stêd, dy't de direkte omkriten begûn te oerhearskjen.

Sokke stedsteaten binne fral bekend út 'e Klassike Aldheid, doe't benammen it âlde Grikelân opdield wie yn withoefolle fan sokke steatsjes, mei as wichtichsten Atene, Sparta en Tebe. Yn it folgjende statium fan 'e steatsfoarming begûn de stedsteat in grutter omlizzend gebiet te oerhearskjen, wêrnei't er úteinlik útgroeie koe ta in ryk, sa't bgl. barde mei Rome (it Romeinske Ryk) en mei Kartago (it Kartaachske Ryk).

Fan 'e Midsiuwen oant de Frânske Tiid wie in grut part fan Itaalje ferdield yn stêdsteaten. Bekende foarbylden dêrfan binne de Republyk Feneesje en de Republyk Genua. Oare foarbylden út dy tiid binne de Republyk Ragûsa, yn wat no Kroaasje is, en de stêdsteaten dy't diel útmakken fan it Hillige Roomske Ryk, lykas Hamburch, Bremen en Frankfurt.

Yn 'e tweintichste iuw waarden guon stêden, benammen as gruttere lannen it net iens wurde koene oer it eignerskip, soms ta frijstêd ferklearre, wêrmei't se yn prinsipe ek ta stedsteatsjes makke waarden. Foarbylden binne de Frije Stêd Danzig, oan 'e noardkust fan Poalen, dy't bestie fan 1919 oant 1939, de Ynternasjonale Sône fan Tanger, yn Marokko, dy't bestie fan 1923 oant 1956, en de Frije Sône fan Triëst, oan 'e Adriatyske See, dy't bestie fan 1947 oant 1954.

Hjoed-de-dei kinne Monako, San Marino, Singapoer en Fatikaanstêd omskreaun wurde as stedsteaten, en op subnasjonaal nivo Hongkong, Makau, Gibraltar en de ûnderskate emiraten fan 'e Feriene Arabyske Emiraten, yn 't bysûnder Dûbai en Abû Dabi. Ferskate oare lytse lannen fertoane oerienkomsten mei stedsteaten, mar wurde frijwol nea sa omskreaun, lykas Bachrein, Brûnei, Katar, Koeweit, Lychtenstein, Lúksemboarch en Malta. Fral Singapoer foldocht oan alle betingsten om in echte stedsteat neamd te wurden:

  • it omfiemet mar ien delsetting, in stêd;
  • it is folslein soeverein (wat yn it gefal fan Monako en Fatikaanstêd net sa is, mei't dy beskate dielen fan harren foech ôfstien hawwe oan Frankryk, resp. Itaalje);
  • it hat in eigen muntienheid (yn tsjinstelling ta Monako, Fatikaanstêd en San Marino);
  • it hat in eigen, technologysk avansearre kriichsmacht;
  • en it hat in oansjenlike befolking fan 5,6 miljoen ynwenners.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.