Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stille Sneon

Ut Wikipedy
Foarstelling fan it deade lichem fan Kristus yn de katedraal fan Luik

Stille Sneon of Stille Saterdei (Latynsk: Sabbatum Sanctum; Hillige Saterdei; yn katolike rûnten ek Peaskesneon) is de lêste dei fan de lijenswike en nei Goed Freed de twadde dei fan it Triduum Sacrum. Op dy dei betinke kristenen dat it lichem fan Jezus yn it grêf rêst. It is ek de lêste dei fan de fêsteltiid, dy't fjirtich dagen earder begûn op Jiskewoansdei. Op Stille Sneon folget it Peaskefeest, de dei dat kristenen oeral op de wrâld de opstanning fan Jezus út de dea fiere.

Yn tsjerken binne de altertafels leech. Kearsen, blommen en in alterkleed binne ôfwêzich en oant de peaskejûn swije de klokken.