Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Stroomstjitwapen

Ut Wikipedy
In taser.

In stroomstjitwapen, ek wol in elektroskokwapen of soms in stun gun neamd, is in wapen dêr't elektryske skokken mei tatsjinne wurde kinne. Dit apparaat is yn 1974 ûntwikkele troch Jack Cover, in Amerikaanske wittenskipper fan de NASA. Lichte ferzjes, lykas de feepripper, bringe lichte skokken ta, dy't mear bedoeld binne om it slachtoffer skrikke te litten en sadwaande earder ferlike wurde kinne mei skriktried as mei in wier wapen. Sokke lichte stroomstjitwapens wurde brûkt troch feehâlders om grutfee (almeast kij) foarút te krijen as se it dêrtsjin yn 'e kant sette. Dêrby moat men tinke oan it twingen fan in ko om 'e laadbarte fan in feewein op te rinnen. Ek yn slachthuzen wurdt soksoarte ark wol brûkt.

Swierdere ferzjes fan stroomstjitwapens binne bedoeld om tsjin oare minsken ynset te wurden. (Yn Nederlân is soks inkeld foar de plysje tastien.) Dêrtroch ferliest it slachtoffer tydlik de behearsking oer syn of har spieren, sadat hy of sy oermastere wurde kin. De bekendste foarm fan sokke stroomstjitwapens is de taser, dy't anno 2017 yn omtinken nommen is om yn Nederlân as algemien plysjewapen ynfierd te wurden, sa't er yn bygelyks de Feriene Steaten al jierren yn gebrûk is. De oansjenlike elektryske skok dy't mei dit wapen tabrocht wurdt, hat as sydeffekt dat it slachtoffer ek slimme pine ûnderfynt. Hoewol't soks foar de measte minsken gjin duorjende skea opsmyt, kin de elektryske skok foar lju dy't hertproblemen hawwe, fatale gefolgen hawwen.

Yn 'e simpelste foarm bestiet in streamstjitwapen út in yn 'e hân holden, op in batterij wurkjend apparaatsje mei twa metalen pjukken dêr't elektrisiteit tusken komt te stean as men in knopke yndrukt. As men dy pjukken by immen tsjin 'e hûd oantriuwt en dan it knopke yndrukt, giet de elektrisiteit dy persoan troch de lea hinne. In feepripper hat foar de feilichheid fan 'e brûker faak in langere stâle, om't in ko wolris nei efteren ta wâdzje kin as men him in skokje tatsjinnet. Tasers hawwe de foarm fan in pistoal, kompleet mei kolf, loop en trekker. As men de trekker oerhellet, sjit it wapen twa pylkjes ôf dy't mei elektryske triedden mei it wapen ferbûn bliuwe, en krekt sa wurkje as de beide pjukken by ienfâldiger foarmen fan stroomstjitwapens. Hjirmei kin immen op in ôfstân fan trije oant fiif meter útskeakele wurde. Der binne ek elektroskokprojektilen ûntwikkele foar de lange ôfstân, dy't gjin triedden nedich binne en ôfsketten wurde kinne út in gewoan jachtgewear.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.