Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Sybren Schippers

Ut Wikipedy
Sybren Schippers
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 febrewaris 1842
stoarn 16 augustus 1908
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Bernedokter

Sybren Schippers (Ternaard, 17 febrewaris 1842Hilfertsom, 16 augustus 1908) wie ien fan der earste bernedokters fan Nederlân.

Sybren Schippers as studint

Yn 1860 waard er studint genêskunde yn Grins. Yn 1865 ferfear Schippers nei Wenen om dêr in eefkes te studearjen. Ofstudearjen die er op 6 septimber 1866 oan de Universiteit fan Grins mei in proefskrift oer hematuery (Haematuria renales, hjir te lêzen). Dêrnei reizge er fannijs nei Wenen, mar ek nei Berlyn.
Hy festige him as dokter yn Súdhorn. Yn de hjerst fan 1889 festige er him yn Amsterdam, Stadhouderskade 51.

Fan 1897 en 1903 wied er lid fan de gemeenteried fan Amsterdam en yn 1904 waard er lid fan Provinsjale Steaten.

Yn dy jierren wie er teffens bestjoerlid fan it Boargerlik Earmbestjoer en ek it Burgerweeshuis yn Amsterdam. Yn dy funksje wied er ek belutsen by it Herstellingsoord yn Bergen oan See, dat no Het Zeehuis hjit. Amsterdamske bern koene dêr oanbetterje. Schippers die as ien fan de earste Amsterdamske dokters mei oan ynintingen tsjin diftery.

Hy wie yn 1887 boaske oan Joanna Carolina Blancke (Amsterdam, 1856 – Amstelfean, 1937); sy krigen trije bern. Frou Schippers-Blancke wie nei Mathilde Thomas koarte tiid muze fan de dichter Jacques Perk, mei wa't hja briefke. Harren soan Joannes Sybren Schippers (1890-1974) wie yngenieur skiekunde en amateur berchbeklimmer. Hy wie bestjoerslid fan de Nederlandse Alpen Vereniging en organisearre yn 1953 in lêzing troch Edmund Hillary oer dy syn beklimming fan de Mount Everest yn it Konsertgebou. Hy hat sels de Brenta yn de Dolemiten beklommen. Ek wied er ûnder mear lid fan de Sûnenskommisje yn Amsterdam.

Sybren Schippers wie lang siik ear't er stoar, Hy waard beïerdige op begraafplak Zorgvlied. Syn ferstjerren krige omtinken yn it hiele lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Algemeen Handelsblad, 20 jannewaris 1906
  • Het nieuws van de dag, 18 augustus 1908