Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Tamyltigers

Ut Wikipedy
It diel fan Sri Lanka dêr't de tamylske separatisten oanspraak op makken

De Tamyltigers, folút de 'Befrijingstigers fan Tamil Eelam' (Liberation Tigers of Tamil Eelam (LTTE), Tamylsk: தமிழழவிடுதலைப்புலிகள், ISO 15919: tamiḻ iiḻa viṭutalaip pulikaḷ), is in militante organisaasje fan de Tamyls yn Sry Lanka.

De Tamyltigers fjochtsje sûnt de jierren santich foar in ûnôfhinklik Tamil Eelam, letterlik: 'Tamylthúslân'. Op 16 maaie 2009 ferklearre presidint Rajapakse fan Sry Lanka dat it regearingsleger de Tamyltigers ferslein hie. Hy sei doe: 'Ik kin jo mei grutskens sizze dat myn regearing, mei de totale tawijïng fan ús striidkrêften, de Tamyltigers einlik militêr ferslein hat'.

Om it brûken fan terreurtaktiken (sa as selsmoard- en bomoanslaggen) stienen de Tamyltigers yn de Feriene Steaten sûnt 1997 en yn de Europeeske Uny sûnt 2006 op de list fan terroristyske organisaasjes. Ferneamde slachtoffers fan oanslaggen fan de Tamyltigers binne de eardere Yndiaaske premier Rajiv Gandhi en de Srylankaanske presidint Ranasinghe Premadasa.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]