Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Tasjkent

Ut Wikipedy
Tasjkent
Toshkent
Emblemen
            
Bestjoer
Lân Oezbekistan
Provinsje gjint (federaal distrikt)
Sifers
Ynwennertal 2.909.466 (2022)
Oerflak 334,8 km²
Befolkingsticht. 8.690,2 / km²
Hichte 455 m
Oar
Stifting 5e iuw f.Kr.
Tiidsône UTC +5
Simmertiid (gjin simmertiid)
Koördinaten 41°18′40″N 69°16′47″W
Offisjele webside
tashkent.uz
Kaart
Tasjkent (Oezbekistan)
Tasjkent
Lokaasje yn Oezbekistan.

Tasjkent (Oezbeeksk: Toshkent; Russysk: Ташкент, "Stienstêd") is de haadstêd fan Oezbekistan en leit tichtby de grins mei Kazachstan, Kirgyzje en Tadzjikistan. It hat hast trije miljoen ynwenners - mei in grutte Russyske minderheid – en is de wichtichste stêd yn Sintraal-Aazje.

Oars as in protte oare stêden yn dy kontreien is Tasjkent in frijwat moderne stêd. It hat bygelyks in modern metrosysteem, ferskillende universiteiten en hegesskoallen, bioskopen en konsertsealen, kantoaren fan kompjûterbedriuwen en grutte Amerikaanske en Europeeske bedriuwen, ensafuorthinne.

Yn it ferline wie Tasjkent in wichtige halte op de siderûte tusken Europa en Aazje. In soad histoaryske gebouwen binne fernield ûnder de sosjalistyske revolúsje fan 1917 en by in grutte ierdskodding yn 1966.

Berne yn Tasjkent

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]