Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

The Chicks

Ut Wikipedy
Dixie Chicks
band
De Dixie Chicks ûnder in konsert yn 'e Teksaanske haadstêd Austin (2006).
De Dixie Chicks ûnder in konsert yn 'e Teksaanske haadstêd Austin (2006).
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre country
bestean 1989 – no
label(s) Open Wide, Columbia
prizen 13x Grammy Award
webside www.dixiechicks.com
besetting
leden Natalie Maines
Emily Robison
Martie Maguire
âld-leden Laura Lynch
Robin Lynn Macy

The Chicks, earder en noch altyd better bekend as de Dixie Chicks, is in Amerikaanske countryband dy't ek muzyk út oare sjenres op syn namme brocht hat en dy't bestiet út trije leden: de susters Martie Erwin Maguire en Emily Erwin Robison en lead-sjongster Natalie Maines. De namme fan 'e band wie oarspronklik opmakke út Dixie, in oantsjutting foar it Amerikaanske Suden, en chick, in Amerikaansk-Ingelsk sprektaalwurd dat "fanke" betsjut. De namme soe sadwaande oerset wurde kinne as "Fammen út it Suden" of "Súdlike Fammen". En dat kloppet, want de bandleden komme allegear út it súdlike Teksas. De Dixie Chicks hiene oant 2012 13 Grammy Awards wûn, en binne sûnt 2013 de bêst ferkeapjende frouljusband en countryband fan Amearika.

De band waard yn 1989 oprjochte yn it Teksaanske Dallas, en bestie oarspronklik út fjouwer leden (Maines kaam der pas yn 1995 by). De earste seis jier wiene de Dixie Chicks in echte bluegrass-band en hiene se net folle súkses. Se toerden troch Amearika om op te treden op 'e bluegrass-festivals en yn lytse sealen, sûnder dat se de belangstelling wisten te lûken fan in grut muzyklabel. Nei't ien bandlid ôfheakke wie, de lead-sjongster ferfongen wie, en se kwa repertwaar justjes mear opskood wiene nei de mainstream-countrymuzyk, krigen se al rillegau in grutte kliber fans, te begjinnen mei de hits út 1998 There's Your Trouble en Wide Open Spaces. Yn 'e jierren dêrnei ûntjoegen de Dixie Chicks harren ta ien fan 'e populêrste countrybands fan 'e Feriene Steaten, wêrby't se krekt as oare country-artysten (lykas Shania Twain en Taylor Swift) wat langer wat mear opskoden yn 'e rjochting fan 'e popmuzyk, al ferleagenen se de country nea hielendal.

De Dixie Chicks by in konsert yn Madison Square Garden, yn New York (2003).

Yn 2003 kamen de Dixie Chicks yn it nijs doe't Maines, tsien dagen foar de Amerikaanske ynfaazje fan Irak, by in konsert yn Londen sei: "Wy wolle dizze oarloch, dit geweld, net, en wy skamje ús dat de presidint fan 'e Feriene Steaten George W. Bush út Teksas komt." Dy útspraak waard troch de Ingelske fans mei lûd jûchhei ûntfongen, mar yn 'e Feriene Steaten kearde in grut part fan harren efterban him tsjin harren; konserten fan 'e Dixie Chicks waarden boykotte, op 'e radio en tillefyzje waarden se oanfallen troch konservative presintators, harren sponsor Lipton ferbriek syn kontrakt, as ûnderdiel fan in demonstraasje waarden grutte oantallen Dixie Chicks-cd's publyklik ferneatige mei in bulldozer, en Maines krige sels deabedrigings. Se waard troch harren produsint twongen om har yn it iepenbier har ûntskuldigings oan Bush te meitsjen, mar dat koe de opskuor net delbêdzje. Oare sjongers, lykas Bruce Springsteen en Madonna, sprongen foar de Dixie Chicks yn 'e bresse, mar yn 'e countrymuzykhoeke bleau it alderheislikste stil. De iennichste útsûndering dêrop wie countryfeteraan en leginde Merle Haggard, dy't sei dat er dizze reäksje op it gebrûk fan frije mieningsutering in mislediging fûn fan alle Amerikanen dy't yn it ferline sneuvele wiene foar frijheid en demokrasy.

Tsjin 2012 hiene de Dixie Chicks 13 Grammy Awards (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis) wûn, wêrûnder fiif allinnich al yn 2007 foar it album Taking the Long Way, dat bekroane waard mei de Grammy Award foar album fan it jier, en in nûmer dêrfan, Not Ready to Make Nice, dat as single útbrocht waard. Yn Not Ready to Make Nice kanten de Dixie Chicks harren op 'e nij oan tsjin 'e fiergeande krityk dy't se sûnt 2003 oer har hinne krigen hiene; de titel bestjut safolle as "net ree om ús derûnder del te jaan". Yn maaie 2013, doe't se 30½ miljoen albums ferkocht hiene (wêrfan 27,2 miljoen yn 'e Feriene Steaten), wiene se de bêst ferkeapjende frouljusband en countryband fan Amearika wurden sûnt soks fan 1991 ôf byholden wurdt.

Maines (l.) en Robison (rj.) by it optreden fan 'e Dixie Chicks yn 'e Royal Albert Hall, yn Londen (2003).
tsjintwurdich
earder
Studio-albums
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
1990 Thank Heavens for Dale Evans n.f.t. n.f.t.
1992 Little Ol' Cowgirl n.f.t. n.f.t.
1993 Shouldn't a Told You That n.f.t. n.f.t.
1998 Wide Open Spaces wûn in Grammy Award foar bêste country-album Feriene Steaten: 12x platina
Kanada: 4x platina
Austraalje: 2x platina
Grut-Brittanje: goud
1999 Fly nominearre foar in Grammy Award foar album fan it jier
wûn in Grammy Award foar bêste country-album
Feriene Steaten: 10x platina
Kanada: 3x platina
Austraalje: platina
Grut-Brittanje: sulver
2002 Home nominearre foar in Grammy Award foar album fan it jier
wûn in Grammy Award foar bêste country-album
Feriene Steaten: 6x platina
Austraalje: 3x platina
Kanada: 3x platina
Grut-Brittanje: goud
2006 Taking the Long Way wûn in Grammy Award foar bêste country-album
wûn in Grammy Award foar album fan it jier
Kanada: 4x platina
Austraalje: 3x platina
Feriene Steaten: 2x platina
Ierlân: platina
Grut-Brittanje: goud
2020 Gaslighter
Live-albums
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
2003 Top of the World Tour: Live n.f.t. Feriene Steaten: goud
Austraalje: goud
2017 DCX MMXVI Live
Kompilaasjes
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
2010 Playlist: The Very Best of Dixie Chicks n.f.t. n.f.t.
Essential Dixie Chicks n.f.t. n.f.t.
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
1997 I Can Love You Better n.f.t. n.f.t.
1998 There's Your Trouble wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep n.f.t.
Wide Open Spaces n.f.t. n.f.t.
1999 You Were Mine n.f.t. n.f.t.
Tonight the Heartache's on Me n.f.t. n.f.t.
Ready to Run wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep n.f.t.
Cowboy, Take Me Away n.f.t. n.f.t.
Let 'er Rip n.f.t. n.f.t.
You Can't Hurry Love n.f.t. n.f.t.
Sin Wagon n.f.t. n.f.t.
2000 Goodbye, Earl n.f.t. Feriene Steaten: goud
Cold Day in July n.f.t. n.f.t.
Without You n.f.t. n.f.t.
Roly Poly (mei Asleep at the Wheel) nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t.
2001 If I Fall, You're Going Down with Me n.f.t. n.f.t.
Heartbreak Town n.f.t. n.f.t.
Some Days You Gotta Dance n.f.t. n.f.t.
Strong Enough (mei Sheryl Crowe) nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t.
Walk Softly (mei Ricky Skaggs) nominearre foar in Grammy Award foar bêste fokale countrygearwurking n.f.t.
2002 Long Time Gone wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep n.f.t.
Landslide n.f.t. Feriene Steaten: goud
Austraalje: goud
Travelin' Soldier n.f.t. n.f.t.
White Trash Wedding n.f.t. n.f.t.
Tortured, Tangled Hearts n.f.t. n.f.t.
2003 Godspeed (Sweet Dreams) n.f.t. n.f.t.
Top of the World wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep n.f.t.
Lil' Jack Slade wûn in Grammy Award foar bêste ynstrumintaal countrynûmer n.f.t.
2005 I Hope nominearre foar in Grammy Award foar bêste countryliet
nominearre foar in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep
n.f.t.
2006 Not Ready to Make Nice wûn in Grammy Award foar plaat fan it jier
wûn in Grammy Award foar liet fan it jier
wûn in Grammy Award foar bêste countrynûmer songen troch in duo of groep
Feriene Steaten: platina
Austraalje: platina
Kanada: platina
Everybody Knows n.f.t. n.f.t.
The Long Way Around n.f.t. n.f.t.
Voice Inside My Head n.f.t. n.f.t.
Lullaby n.f.t. n.f.t.
2007 The Neighbor n.f.t. n.f.t.
2020 Gaslighter
Sleep at Night
Dvd's
Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat
2002 An Evening with the Dixie Chicks n.f.t. Austraalje: 6x platina;
Feriene Steaten: 2x platina
2003 Top of the World Tour: Live n.f.t. Austraalje: 6x platina;
Feriene Steaten: platina
2007 Dixie Chicks: Shut Up and Sing n.f.t. n.f.t.
2011 VH1 Storytellers n.f.t. n.f.t.
2017 DCX MMXVI Live

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar it nûmer/album
1998 CMA Award wûn sanggroep fan it jier n.f.t.
wûn Horizon Award n.f.t.
1999 ACM Award wûn album fan it jier Wide Open Spaces
wûn bêste nije sangduo of -groep fan it jier n.f.t.
wûn bêste sangduo of -groep fan it jier n.f.t.
American Music Award wûn favorite nije country-artysten n.f.t.
Billboard Music Award wûn country-album fan it jier Wide Open Spaces
wûn country-artysten fan it jier n.f.t.
wûn country-duo/groep fan it jier n.f.t.
CMA Award wûn single fan it jier Wide Open Spaces
wûn fideoklip fan it jier Wide Open Spaces
wûn sanggroep fan it jier n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste nije artysten n.f.t.
wûn bêste country-album Wide Open Spaces
wûn bêste countrynûmer songen troch in duo of groep There's Your Trouble
2000 ACM Award wûn album fan it jier Fly
wûn sangduo of -groep fan it jier n.f.t.
Billboard Music Award wûn country-album fan it jier Fly
wûn country-artysten fan it jier n.f.t.
wûn country-duo/groep fan it jier n.f.t.
CMA Award wûn album fan it jier Fly
wûn fideoklip fan it jier Goodbye, Earl
wûn sanggroep fan it jier n.f.t.
wûn artysten fan it jier n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Asleep at the Wheel) Roly Poly
nominearre album fan it jier Fly
wûn bêste countrynûmer songen troch in duo of groep Ready to Run
wûn bêste country-album Fly
2001 ACM Award wûn fideoklip fan it jier Goodbye, Earl
wûn bêste sanggroep fan it jier n.f.t.
wûn artysten fan it jier n.f.t.
American Music Award wûn favorite country-band, -duo of -groep n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Sheryl Crow) Strong Enough
nominearre bêste fokale countrygearwurking (mei Ricky Skaggs) Walk Softly
2002 CMA Award wûn sanggroep fan it jier n.f.t.
CMT Flameworthy Video Music Award wûn Video Visionary Award (foar ynnovaasje op it mêd fan fideoklips) n.f.t.
People's Choice Award wûn favorite muzykgroep of band n.f.t.
French Country Music Award wûn bêste fideoklip I Believe in Love
2003 American Music Award wûn favorite country-album Home
wûn favorite country-band, -duo of groep n.f.t.
Grammy Award nominearre album fan it jier Home
wûn bêste country-album Home
wûn bêste country-nûmer songen troch in duo of groep Long Time Gone
wûn bêste ynstrumintale country-nûmer Lil' Jack Slade
2004 MTV's Rock the Vote wûn Patrick Lippert Award (foar it beskermjen fan 'e frijheid fan mieningsutering) n.f.t.
2005 Grammy Award wûn bêste countrynûmer songen troch in duo of groep Top of the World
2006 ACLU Award wûn Bill of Rights Award (foar ynset foar de frijheid fan mieningsutering) n.f.t.
Grammy Award nominearre bêste countryliet I Hope
nominearre bêste countrynûmer songen troch in duo of groep I Hope
2007 Grammy Award wûn bêste countrynûmer songen troch in duo of groep Not Ready to Make Nice
wûn liet fan it jier Not Ready to Make Nice
wûn plaat fan it jier Not Ready to Make Nice
wûn bêste country-album Taking the Long Way
wûn album fan it jier Taking the Long Way
Juno Award wûn ynternasjonaal album fan it jier Taking the Long Way

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.