Tipper Gore
Tipper Gore | ||
politikus | ||
Tipper Gore yn 1999 | ||
echte namme | Mary Elizabeth Aitcheson Gore | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 19 augustus 1948 | |
berteplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk Skotsk Sweedsk | |
partij | Demokratyske Partij | |
Second Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1993 – 2001 | |
foargonger | Marilyn Quayle | |
opfolger | Lynne Cheney |
Tipper Gore, berne as Mary Elizabeth Aitcheson (Washington, D.C., 19 augustus 1948), is in Amerikaansk skriuwster, fotografe en aktiviste, dy't fan 1993 oant 2001 as de frou fan fise-presidint Al Gore de second lady fan 'e Feriene Steaten wie. Sûnt de jierren tachtich is hja belutsen by it PMRC, in organisaasje dy't profaan taalgebrûk troch de Amerikaanske muzykyndustry bekritisearret. Sy en Gore giene yn 2010 útinoar.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tipper Aitcheson Gore waard yn 1948 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington as Mary Elizabeth Aitcheson. Hja wie de dochter fan John Kenneth "Jack" Aitcheson jr., in leveransier fan leadjittersnedichheden, en dy syn earste frou Margaret Ann Carlson Odom, dy't har earste man yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferlern wie (dêrfandinne har dûbele efternamme). Aitcheson har bynamme "Tipper" kaam fan it sliepsankje Tippy, Tippy, Tin, dat út 'e koarte film All About Hash (1940) kaam (ien fan 'e films oer The Little Rascals), wêryn't it songen waard troch berne-aktrise Janet Burston. Aitcheson hat Ingelske, Skotske, Dútske en Sweedske foarâlden. Nei't har âldelju skieden, waard hja yn Arlington, yn 'e steat Firginia, ien fan 'e wichtichste foarstêden fan Washington, grutbrocht troch har mem en har beppe oan memmekant.
Har middelbere-skoaloplieding die Aitcheson oan 'e Sint-Agnesskoalle (tsjintwurdich de Sint-Steffen- & Sint-Agnesskoalle), in priveeskoalle foar famkes yn Alexandria, dêr't se útblonk yn gymnastyk en drummer wie yn 'e famkesband The Wildcats. Op 'e prom (it bal oan 'e ein fan 'e middelbere skoalle) fan 'e jongesskoalle St. Albans, dy't deunby de Sint-Agnesskoalle stie, mar krekt binnen de grinzen fan it Distrikt Kolumbia, kaam hja yn 1965 yn 'e kunde mei Al Gore. Hoewol't se dêr wie mei ien fan syn klasgenoaten, begûnen se neitiid daliks mei-inoar om te gean. Doe't Gore letter datselde jiers talitten waard ta de prestizjeuze Universiteit fan Harvard, te Cambridge, yn Massachusetts, folge Aitcheson him dêrhinne. Se begûn in stúdzje oan it Garland Junior College en liet se har letter oerpleatse nei de Boston University yn Boston, dêr't Cambridge in foarstêd fan is. Yn 1970 studearre se dêr ôf mei in bachelorstitel yn psychology, wêrnei't yn 1975 oan it George Peabody Kolleezje te Nashville, yn Tennessee, in masterstitel yn psychology behelle.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 19 maaie 1970, koart nei har ôfstudearjen yn Boston, troude Aitcheson yn Washington mei Al Gore. Se krigen fjouwer bern: Karenna Gore Schiff (1973), Kristin Carlson Gore (1977), Sarah LaFon Gore (1979) en Albert Gore III (1982). Harren jongste bern, Albert Gore III, waard yn april 1989 by it oerstekken fan in strjitte skept troch in auto, en lei in moanne lang yn kritike tastân yn it sikehûs. Begjin juny 2010 kundigen de Gores yn in e-mail oan harren freonen oan dat se nei "lange en soarchfâldige oerweaging" mei mienskiplik lykfinen besletten hiene om útinoar te gean. Hja binne lykwols befreone bleaun, en hoewol't se no mei oaren omgeane en net fan doel binne om wer byinoar te kommen, bringe noch geregeldwei tegearre fakânsjes troch mei de bern.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't se yn 1975 klear wie mei har stúdzje, wurke Aitcheson parttime as fotografe foar The Tennessean, de krante dêr't Al Gore doedestiden foar wurksum wie as ûndersykssjoernalist. Yn 1976 besleat Gore, doe't him trochdien waard dat syn heite eardere sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen frijkaam, frijwol fan 'e iene op 'e oare dei om yn 'e polityk te gean. Dêr kaam er Aitcheson mar frijwat mei oer 't mad, mar hja stipe him yn syn kar en joech har wurk op om mei him op kampanje te gean. Gore siet dêrnei fan 1977 oant 1985 foar de Demokratyske Partij yn it Hûs fan Offurdigen, en doe fan 1985 oant 1993 yn 'e Senaat. It gesin wenne yn dy tiid yn Washington, mar se brochten de wykeinen troch yn Gore syn thússteat Tennessee. Fan 1982 oant 1985 wurke Aitcheson wer parttime as fotografe, diskear foar it tydskrift Quarante Magazine.
Yn 1985 rjochte se mei Susan Baker, de frou fan 'e Republikeinske politikus James Baker, it Parents Music Resource Center (PMRC) op, nei't se sjoen hie hoe't har alvejierrige dochter Karenna nei nûmer Darling Nikki, fan Prince, harke. Aitcheson bleau desennialang by dy organisaasje belutsen, en rekke der yn 'e Feriene Steaten sadwaande sterk mei assosjearre. It PMRC lobbyde by it Amerikaanske Kongres om warskôgingsstikkers (troch tsjinstanners "Tipperstikkers" neamd) op platen te ferplichtsjen as de oangeande muzyk fanwegen it taalgebrûk of it ûnderwerp net gaadlik wie foar bern. Dêrby gie it fral om 'e muzyksjenres punk, hardrock en hiphop. Aitcheson sei dat se nimmen sinsurearje woe, mar dat jeugdige harkers beskerme wurde moasten tsjin ûnfoege taal. Se lei út dat se net tsjin it rjocht op frijheid fan mieningsutering wie, mar inkeld foar mear ynformaasje pleite foar konsuminten op 'e frije merk.
Likegoed kamen har stânpunten har troch de jierren hinne op foarse krityk te stean fan in grut diel fan 'e Amerikaanske muzykyndustry. U.o. Dee Snider fan 'e band Twisted Sister, Jello Biafra fan 'e Dead Kennedys, John Denver, Joey Ramone, Frank Zappa en Eminem kanten har sterk oan tsjin it PMRC en de ideeën dy't dat útdroech. Persoanlik waard Aitcheson yn 'e skjirre nommen troch de rockband Warrant, dy't op harren album Cherry Pie (1990) it nûmer Ode to Tipper Gore ("Oade oan Tipper Gore") útbrocht, wat delkaam op in samling flokwurden en iepentlik seksuële útspraken.
As fise-presidintsfrou, wat Aitcheson wie fan 1993 oant 2001, bleau se belutsen by it PMRC. Yn 2000 sette se har sterk yn foar de (úteinlik mislearre) presidintskampanje fan har man, wêrby't se û.m. mei Hadassah Lieberman, de frou fan Al Gore syn running mate, senator Joseph Lieberman, op in grut tal eveneminten yn it hiele lân har opwachting makke. Yn 2002 waard Aitcheson troch har oanhingers oantrune om har ferkiesber te stellen foar de doe frijkommen senaatssit foar Tennessee, dy't har man ienris beset hie. Hja liet lykwols witte dat se gjin ambysjes hie om yn 'e polityk te gean, en betanke foar de eare.
Bibliografy fan Tipper Gore
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Raising PG Kids in an XRated Society, 1987, ISBN 0 68 73 52 827
- Picture This: A Visual Diary, 1996, ISBN 0 55 30 67 206
- From the Bottom of Our Hearts, 2002, ISBN 1 93 17 18 326 (allinne it wurd foarôf)
- Joined at the Heart: The Transformation of the American Family, 2002, ISBN 0 80 50 74 503 (mei Al Gore)
- The Spirit of Family, 2002, ISBN 5 55 01 51 677 (mei Al Gore)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk fotograaf
- Oarehelte fan in lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
- Oarehelte fan in Amerikaansk senator
- Oarehelte fan de fise-presidint fan de Feriene Steaten
- Amerikaansk polityk skriuwer
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk aktivist
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Sweedsk komôf
- Persoan berne yn 1948