Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Tolaihazze

Ut Wikipedy
Tolaihazze
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift hazze-eftigen (Lagomorpha)
famylje hazzen en kninen (Leporidae)
skaai echte hazzen (Lepus)
soarte
Lepus tolai
Pallas, 1778
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De Tolaihazze (wittenskiplike namme: Lepus tolai) is in sûchdier út it skift fan 'e hazze-eftigen (Lagomorpha), de famylje fan 'e hazzen en kninen (Leporidae) en it skaai fan 'e echte hazzen (Lepus). Dit bist heart ta it ûnderskaai fan 'e steppehazzen (Proeulagus). Tolaihazzen libje yn drûge kriten en binne benammen krepuskulêr en nokturnaal (yn 'e jûnsskimer en moarnsdage, resp. by nacht aktyf). Troch harren flugge fuortplanting komme se ferhâldingsgewiis in protte foar, sels yn gebieten dêr't in soad minsken libje. De IUCN klassifisearret de Tolaihazze as net bedrige.

De Tolaihazze waard foar it earst yn 1778 wittenskiplik beskreaun troch de Prusyske biolooch Peter Simon Pallas. Foarhinne waard dit bist oansjoen foar in ûndersoarte fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis). Tsjintwurdich wurdt de Tolaihazze lykwols rûnom erkend as in selsstannige soarte.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Tolaihazze strekt him út oer in brede, heal sirkelfoarmige stripe fan Aazje, fan eastlik Iraan en de Kaspyske See fia Sintraal-Aazje, Mongoalje en dielen fan súdlik Sibearje nei Mantsjoerije en eastlik Sina benoarden de rivier de Jangtsekiang. Dat gebiet oerlapet it areaal fan ferskate besibbe soarten, wêrûnder dat fan 'e Kaapske hazze (Lepus capensis) yn eastlik Iraan, en dat fan 'e Mantsjoerijske hazze (Lepus mandshuricus) yn Mantsjoerije.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tolaihazze hat trochinoar in kop-romplingte fan 40–59 sm, mei in sturtlingte fan 7,2–11 sm en in gewicht fan 11/2–2,9 kg. De pels is op 'e boppeste dielen fan it lichem feal giel, sânkleurich of bêzjich griis, mei dizenige brunige of rodzige streken dertrochhinne. De siden binne ter hichte fan 'e efterpoaten dûnkerder fan kleur, almeast dûnkergriis. De sydkanten fan 'e kop binne ek grizich, mar der sitte blekere ringen om 'e eagen hinne, dy't oan 'e foarkant yn 'e rjochting fan 'e snút trochrinne. De bealch en kiel binne wyt, wylst de sturt fan boppen brún is útskaaiend nei swart, en fan ûnderen wyt.

Tolaihazzen libje yn drûge biotopen, wêrûnder steppe, healsteppe, berchsteppe, rotsige kriten, rûch gerslân en iepen wâlden mei gers. It leafst hawwe se lykwols iepen lân mei hjir en dêr wat strewelleguod om har yn te ferskûljen. De hichte dêr't Tolaihazzen op foarkomme, rint fan 600 oant en mei 900 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tolaihazze is foar te meastepart krepuskulêr en nokturnaal, d.w.s. aktyf yn 'e jûnsskimer en moarnsdage, resp. by nacht. Soms kin men dit bist lykwols ek op ljochtskyndei waarnimme. Tolaihazzen grave gjin hoale, útsein de moerhazze wannear't dy smite moat. Ynstee jouwe se har om te rêsten del yn in leger, in ûndjip dobke dat se útgroeven hawwe mank opgeande fegetaasje. It dieet fan dit bist is herbivoar en bestiet út gerzen en krûden. Tolaihazzen steane bekend om harren flugge fuortplanting, wêrmei't se konkurrearjende soarten it neisjen jouwe. De moerhazzen smite ornaris 2–3 kear yn 't jier in nêst fan 2–6 jongen.

De Tolaihazze hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Pleatslike bedrigings binne fral oerbejaging om 'e pels, en yn Mongoalje wurdt dit bist brûkt foar de tarieding fan tradisjonele medisinen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.