Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Trilith Studios

Ut Wikipedy
Trilith Studios
algemien
hist. namme Pinewood Atlanta Studios
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Fayetteville (Georgia)
oprjochte 2014
oprjochter Pinewood Group
eigner River's Rock, LLC
offisjele webside
www.trilithstudios.com
kaart
Trilith Studios (Atlanta)
Trilith Studios
De lokaasje fan 'e Trilith Studios súdlik fan Atlanta.

De Trilith Studios binne in studiokompleks yn Fayetteville, in foarstêd fan Atlanta yn 'e Amerikaanske steat Georgia. It bedriuw waard yn 2014 oprjochte as de Pinewood Atlanta Studios. Yn 'e Trilith Studios hawwe de opnamen plakfûn fan in protte superheldefilms út 'e Marvel Cinematic Universe-rige. Anno 2021 binne de Trilith Studios it grutste studiokompleks fan Georgia.

De Pinewood Group, in Britske eksploitant fan film- en tillefyzjestudiokompleksen dy't ek eigner is fan û.m. de Pinewood Studios yn Buckinghamshire en de Pinewood Toronto Studios yn Kanada, makke yn april 2013 fierfoardere plannen buorkundich foar de bou fan in earste studiokompleks yn 'e Feriene Steaten. Dat soe oanlein wurde 35 km besuden Atlanta yn Fayette County op in perseel dat 280 ha besloech. It kompeks wie in joint venture fan Pinewood en River's Rock LLC, in ûnôfhinklike trust fan 'e erven S. Truett Cathy, de oprjochter fan 'e Chick-fil-A-keatling fan fastfoodrestaurants.

De Pinewood Atlanta Studios, sa't it studiokompleks kaam te hjitten, waarden yn 2014 yn gebrûk nommen. De earste film dy't der opnommen waard (fan septimber 2014 ôf), wie de superheldefilm Ant-Man (2015), in produksje fan 'e Marvel Studios. Yn augustus 2019 ferkocht de Pinewood Group syn oandiel yn 'e Pinewood Atlanta Studios oan River's Rock. Yn oktober 2020 waard it studiokompleks omneamd ta de Trilith Studios. De namme komt fan it Ingelske trilithon, in arsjitektoanyske term foar in struktuer besteande út twa fertikale stiennen dy't in trêde, horizontaal lizzende stien ûnderstypje (lykas yn it prehistoaryske monumint fan Stonehenge). Neffens River's Rock wie dat sawol in nij begjin as tagelyk in erkenning fan it Britske ferline fan it kompleks.

It studiokompeks fan 'e Trilith Studios bestiet anno 2023 út 23 ûnderskate tradisjonele soundstages, mei in totaal oerflak fan mear as 40.000 . De grutste soundstage hat in oerflak fan 3.720 m². Fierders binne de twa soundstages fan 2.790 m², seis fan 1.860 m², ien fan 1.688 m², fjouwer fan 1.675 m², en acht fan 1.395 m².

In 24e soundstage is de Prysm Stage, mei in oerflak fan 1.581 m², dat bedoeld is foar opnamen mei firtuele eftergrûnen dy't tafoege wurde kinne op 'e LED-panels dêr't it soundstage mei tarist is oan 360° fan 'e wanden en op it plafon. It omfettet ek spesjale fasiliteiten foar it filmjen fan sênes yn ridende (eins ridend lykjende) auto's.

Njonken de soundstages omfiemje de Trilith Studios ek in backlot fan 160 ha foar it dwaan fan bûtendoaropnamen, wurkplakken foar it meitsjen fan dekôrstikken, kantoarromte, klaaikeamers, romten foar fisazjy en hierstilearring en fasilititeiten foar postproduksjewurk lykas filmmontaazje.

As de Pinewood Atlanta Studios

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

tillefyzjsearjes


As de Trilith Studios

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

tillefyzjsearjes en tillefyzjespecials


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.