Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Triple Entente

Ut Wikipedy
In lânkaart fan Jeropa yn 1914, oan it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch. De Triple Entente yn ljochtgrien; de rivalisearjende Triple Alliânsje yn legergrien. (De Slavyske bûnsgenoaten fan Ruslân binne werjûn yn in pastelgriene kleur.)

De Triple Entente (Ingelsk: Triple Entente; Frânsk: Triple-Entente; Russysk: Антанта, Antanta), fan it Frânske entente, dat "freonskip" of "oerienkomst" betsjut, is de oantsjutting foar in ynformeel militêr bûnsgenoatskip tusken it Feriene Keninkryk, Frankryk en it Keizerryk Ruslân, dat in wichtige rol spile yn 'e oanrin nei de Earste Wrâldoarloch. It ûntstie yn 1907, doe't in ferdrach tusken it Feriene Keninkryk en Ruslân twa oare ferdraggen fan dy beide lannen mei Frankryk oanfolle. De Triple Entente wie rjochte tsjin 'e Triple Alliânsje, in militêr bûnsgenoatskip tusken it Keizerryk Dútslân, de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy en it Keninkryk Itaalje.

Yn 'e Frânsk-Dútske Oarloch fan 1870-1871 waard it Twadde Frânske Keizerryk ferslein troch Prusen en syn Dútske bûnsgenoaten. De Prusyske oerwinning late ta revolúsje yn Frankryk, wêrby't it keizerryk ferfongen waard troch de Trêde Frânske Republyk. In oar gefolch wie de oprjochting fan it Keizerryk Dútslân, dat eins in ferlinging fan it Keninkryk Prusen wie, mei de Prusyske kening Willem I as keizer. By wize fan oarlochsbút naam Dútslân Elzas-Loataringen yn besit, dat sûnt it santjinde-iuwske regear fan Loadewyk XIV Frânsk gebiet west hie.

It wie dúdlik dat de Frânsen op wraak longeren en op werovering fan 'e ferlern giene krite. De arsjitekt fan it Keizerryk Dútslân, de Prusyske regearingslieder Otto von Bismarck, dy't de earste Dútske rykskânselier waard, fierde neitiid in polityk dy't derop rjochte wie om Frankryk safolle mooglik te isolearjen. Dêrta waard yn 1873 it Trijekeizersbûn oprjochte, in militêr bûnsgenoatskip tusken Dútslân, de Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy en it Keizerryk Ruslân. Dat stie lykwols bleat oan swiere ynterne spannings, mei't Ruslân en Eastenryk-Hongarije folslein tsjinstelde belangen hiene op 'e Balkan, dêr't de opkomst fan it nasjonalisme en it oanhâldende ôfkealjen fan it Osmaanske Ryk ta it ûntstean fan nije lannen late.

Om 'e bannen tusken Dútslân en Eastenryk-Hongarije fierder oan te heljen, rjochten de beide lannen yn 1879 de Dûbeldalliânsje op, dy't rjochte wie tsjin sawol Frankryk as Ruslân. Yn 1882 waard dat ferbûn omfoarme ta de Triple Alliânsje troch de tatrêding fan Itaalje. It Trijekeizersbûn waard yn 1887 net mear fernijd omreden fan 'e nije ûntwikkelings op 'e Balken, benammen it Ferdrach fan Berlyn út 1878 en de Servysk-Bulgaarske Oarloch fan 1885, dy't Ruslân it gefoel joegen dat syn oerwinning yn 'e Russysk-Turkske Oarloch fan 1877-1878 teneate dien wie. Om te besykjen en kom foar dat Ruslân no de lapen gearsmite soe mei Frankryk, sleat Bismarck yn 1887 it saneamde Fersekeringsferdrach mei tsaar Aleksander III, wêryn't fêstlein waard dat beide lannen neutraal bliuwe soene as ien fan beiden yn oarloch rekke mei in trêde partij. Troch it groeiend neieroankommen fan Ruslân en Frankryk en de útsluting fan Russyske bedriuwen fan 'e Dútske finansjele merk yn 1887 waard de fernijing fan it Fersekeringsferdrach yn 1890 lykwols ferhindere.

Gearstalling fan 'e Entente

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Bismarck yn 1890 ôftrede moast en de jonge keizer Willem II fan Dútslân sels syn bûtenlânsk belied begûn te beävensearjen, koe neat de formalisearring fan 'e bannen tusken Frankryk en Ruslân mear tsjinkeare. Yn 1894 waard sadwaande de Frânsk-Russyske Alliânsje sletten.

De oansluting fan it Feriene Keninkryk by dat ferbûn lei earst net foar de hân. Yn it lêst fan 'e njoggentjinde iuw fierde dat lân in isolasjonistyske polityk (splendid isolation) en wie it suver útslutend rjochte op it eigen mânske koloniale ryk. De Britsk-Dútske marinewapenwedrin, dy't yn 1898 úteinsette, brocht dêr lykwols feroaring yn. Londen begûn Dútslân hieltyd mear as in serieuze bedriging te sjen, en doe't besykjen ta neieroankommen yn Berlyn ôfwiisd waarden, kaam it Feriene Keninkryk logyskerwize út by Frankryk en Ruslân. Yn 1904 sleaten Frankryk en it Feriene Keninkryk in rige fan fiif ôfsûnderlike oerienkomsten dy't foar it meastepart rjochte wiene op it oplossen fan rivalisearjende koloniale oanspraken yn Noard-Afrika. Mei-inoar waarden dy ferdraggen de Entente Cordiale ("Hoflike Oerienkomst") neamd, en se foarmen de grûnslach foar in militêr bûnsgenoatskip tusken de beide lannen.

Ruslân ferlear yn 1905 op fernederjende wize de Russysk-Japanske Oarloch. Hoewol't de algemiene persepsje wie dat de Russen yn it Fiere Easten noch gjin dûk yn in pakje bûter slaan koene, wie Ruslân yn Jeropa dochs noch wol in macht om rekken mei te hâlden en boppedat brûksum om 'e bedriging fan 'e Triple Alliânsje mei te neutralisearjen. Dêrfandinne dat yn 1907 de Britsk-Russyske Entente sletten waard, in ferdrach dat de trijehoeksferhâlding fan 'e Triple Entente kompleet makke. Krekt as mei de Entente Cordiale mei Frankryk wie de Britsk-Russyske Entente trouwens yn it foarste plak rjochte op it oplossen fan langjierrige oerlaapjende koloniale oanspraken, yn dit gefal fan Perzje, Afganistan en Tibet. Sa waard de Triple Entente gearstald, dy't oan 'e basis stie fan wat yn 'e Earste Wrâldoarloch 'de Alliëarden' neamd wurde soe.

Los mei de Triple Entente ferbûn wiene de Slavyske bûnsgenoaten fan Ruslân op 'e Balkan: it Keninkryk Servje en it Keninkryk Montenegro. Itselde gou foar it Keizerryk Japan, dat troch de Britsk-Japanske Alliânsje fan 1902 en it Frânsk-Japansk Ferdrach fan 1907 nauwe militêre bannen ûnderhold mei twa fan 'e trije leden fan 'e Entente. De relaasjes tusken Japan en Ruslân wiene problematysk nei de Japanske oerwinning yn 'e Russysk-Japanske Oalroch, mar doe't Japan in liening fan Frankryk hawwe woe, stelde dat lân as betingst dat Japan ta oerienstimming mei Ruslân komme moast. Ek it Feriene Keninkryk fitere in Russysk-Japansk neieroankommen bot oan.

De Triple Entente yn oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 juny 1914 waarden by in besyk oan Sarajevo, yn 'e Eastenrykske provinsje Bosnje, de Eastenryksk-Hongaarske aartshartoch en troanopfolger Frâns Ferdinand en syn frou, hartoginne Sophie von Hohenberg, fermoarde troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. Dat foarfal feroarsake de saneamde Julykrisis, wêrby't Eastenryk-Hongarije it Keninkryk Servje ferantwurdlik hold foar de moardoanslach, ek al wie dy op Eastenrykske boaiem útfierd. Nei it ferrinnen fan in ultimatum foar de ynwilliging fan ûnreedlike easken, ferklearre Eastenryk-Hongarije op 28 july 1914 oan Servje de oarloch. Dat wie it begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch.

It stelsel fan militêre bûnsgenoatskippen yn Jeropa soarge dêrnei foar in keatlingreäksje fan oarlochsferklearrings. Ruslân, dat altyd de beskermhear fan Servje west hie, kaam it lytsere lân te help en ferklearre de oarloch oan Eastenryk-Hongarije. Dútslân ferklearre de oarloch oan Ruslân. Dêrop kundige Frankryk de mobilisaasje ôf en ferklearre Dútslân de oarloch ek oan Frankryk. Om dat lân oan te fallen, teach it Dútske leger troch it neutrale Belgje. It Feriene Keninkryk, dat de Belgyske neutraliteit garandearre hie, ferklearre dêrop Dútslân de oarloch. De Britske bûnsgenoat Japan folge mei in eigen oarlochsferklearring oan Dútslân, wêrnei't it de Dútske koloanjes yn 'e Stille Súdsee oanfoel.

Inkeld Itaalje fielde him op gjin inkele wize ferplichte om 'e oare leden fan 'e Triple Alliânsje militêr te help te sjitten, mei't Eastenryk-Hongarije de oarloch sels begûn wie. It lân makke oanspraak op ferskate gebietsdielen fan Eastenryk-Hongarije (Súd-Tiroal, Istrje en Dalmaasje) en wie inkeld lid wurden fan 'e Triple Alliânsje fanwegen in mienskiplike bedriging dy't de trije lannen yn Sintraal-Jeropa ûnderfûnen fan Frankryk. Uteinlik ferbriek Itaalje de Triple Alliânsje yn 1915 om oan 'e kant fan 'e Alliëarden tsjin Eastenryk-Hongarije yn 'e oarloch te ynterveniëarjen. De Triple Entente duorre langer fuort as de Triple Alliânsje, mar nei de Febrewarisrevolúsje fan 1917 yn Ruslân waard ek de Entente ferbrutsen, mei't Ruslân doe in ôfsûnderlike frede socht mei Dútslân en Eastenryk-Hongarije, dy't tsjin dy tiid bekend kommen wiene te stean as de Sintralen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.