Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Tsjernmûne

Ut Wikipedy

In tsjernmûne is in konstruksje om molke te tsjernjen.

Nei 1650 kaam de 'hynstedraaimole' op yn Fryslân dy't op grutte skaal it mei de hân tsjernjen oarnaam. It tsjernhynder (mei in blynkape tsjin dûzelichheid en in bakje ûnder de sturt foar de figen) draaide bytiden oeren oanien mei de sinne mei lâns it (faak mei klaai oanstampte) tsjernpaadsje en hold sa de tsjernmole ( meast foar yn de skuorre) yn beweging. Tusken hântsjerne en tsjernmûne yn stie in lichter type tsjernmûne, in troch in hân beweechde (meast op de eilannen). In houten meganisme (ûnder oare de tsjernwidze) tusken tsjernmûne en tsjerne (yn de tsjernhoeke) sette de draaiende beweging om yn in fersneld op-en-del-gean fan de tsjernpols.

Mei it bûtermeitsjen op de pleats ferdwûn ek de tsjernmûne. Noch inkele tsjernmûnen binne noch werom te finen yn Fryslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: