Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Tsjinstesektor

Ut Wikipedy

De tsjinstesektor is de ekonomyske sektor dêr't bedriuwen mei de ferkeap fan harren tsjinst winst meitsje wolle. De meso-ekonomy, dy't bedriuwstûken bestudearret, brûkt it synonym tertiêre sektor.

Yn de histoaryske ûntwikkeling fan ekonomyen komt de tsjinstesektor trochgeans as lêste ta bloei, neidat de ekonomy earst troch in faze fan agraryske dominânsje gien is en dêrnei troch in perioade fan yndustrialisaasje. De tsjinstesektor ferfangt de foargeande twa sektoaren net, mar wurdt al it wichtichst yn it ferskaffen fan wurkgelegenheid en ynkommen.

Untwikkele lannen lykas Nederlân hawwe yn ferhâlding in grutte tsjinstesektor. Lytsere lannen as Lúksemboarch binne sels hast hielendal oanwiisd op de tsjinstesektor, benammen at hja net folle natuerlike helpboarnen hawwe. Minder-ûntwikkele lannen, lykas Ivoarkust, hawwe meastentiids in iensidiger ekonomy dy't hast hielendal driuwt op de lânbou.

Ta de tsjinstesektor wurde ûnder oare winkels, hoareka, teaters, kappers, saaklike tsjinstferlieners, abbekaten, ICT-bedriuwen en oare tsjinstferlieners rekkene. Yn ûntwikkele ekonomyen lykas yn West-Jeropa en de Feriene Steaten wurdt tusken de 70 en 80 persint fan it bruto binnenlânske produkt yn de tsjinstensektor realisearre.

De tsjinstesektor stelt oare easken oan har aktoaren as de oare sektoren. Sa komt yn in ekonomy dêr't tsjinsten hieltiten wichtiger wurde in gruttere klam op formele oplieding en nimme de kânsen foar net- of leech-oplieden wurknimmers dramatysk ôf.

Troch de Schengen-akkoarden is der yn de betreffende lannen yn Jeropa in frij ferkear fan persoanen, kapitaal, fracht en tsjinsten.