Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Tsjisse Hettema

Ut Wikipedy
Tsjisse Hettema
skriuwer
Tsjisse Hettema
Tsjisse Hettema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 july 1955
berteplak Bitgum
stoarn 26 july 2021
stjerplak Frjentsjer
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk,
Stellingwerfsk
sjenre Poëzy,
Koarte ferhalen
útjouwer Koperative Utjowerij
Frysk en Frij Utjouwerij
jierren aktyf 1991-2021

Tsjisse Hettema (Bitgum, 16 july 1955 - Frjentsjer, 26 july 2021) wie Frysk skriuwer en dichter.

Nei de middelbere skoalle studearre er twa jier Ingelsk yn Grins, mar stapte dêrnei oer nei it MU-Frysk. Hy wurke yn it bibleteekwêzen en by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dat yn 2003 opgie yn Tresoar.

Hy skreau earst koarte ferhalen, dy't ferskynden yn Trotwaer, Hjir en de jeugdbondel Skroei. Stapte dêrnei oer op it skriuwen fan fersen. Yn 1996 ferskynde syn debútbondel Tsi tsi. Nei syn ferstjêren ferskinde postúm de bondel Hewwy dát. Njonken yn it Frysk skreau Tsjisse Hettema ek yn it Stellingwerfsk.

Fan 2018 ôf wie Hettema aktyf belutsen by it dichterskollektyf RIXT. Tsjisse Hettema ferstoar yn 2021 oan de gefolgen fan akute leukemy[1]

Poëzij
  • Tsi Tsi (1996)
  • It eachwyt fan de simpele rider (1999)
  • Heeho heeho de leafde is as de mage fan in ko (2015)
  • Hewwy dát (2021)

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Webstee Tresoar
  • Dichter Tsjisse Hettema is overleden. Frysk Deiblêd, s. 17, 29 july 2021