Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Verbandsgemeinde

Ut Wikipedy

In Verbandsgemeinde (ferbânsgemeente) is in bestjoerlike ienheid yn Dútslân, dy't út meardere relatyf selsstannige Ortsgemeinden (plakken) bestiet.

In ferbânsgemeente is yn Rynlân-Palts in gearwurkingsferbân fan saneamde Ortsgemeinden, dy't earder folslein selstannich wiene en nei de weryndielings fan de jierren 1970 foar in part harren selstannigens ferlearen. De ferbânsgemeente nimt in tal taken oer fan de dêrûnder fallende Ortsgemeinden op it mêd fan bygelyks ûnderwiis, foarsjennings, sosjale saken en/of brânwar.

De Ortsgemeinden hawwe in eigen (keazen) boargemaster en in ried, dy't op folslein frijwillige (ehrenamtlich) basis wurkje. In Ortsgemeinde hat lykwols gjin gemeentehûs en ek gjin amtlik apparaat. De ferbânsgemeente is út soarte profesjoneel fan karakter, hat in gemeentehûs, beskikt oer in amtlik apparaat en hat in betelle en keazen boargemaster en in keazen ried, dy't út frijwilligers bestiet. De ferbânsgemeente is ferantwurdlik foar in tal oerkoepeljende taken en foar de útfiering fan de besluten, dy't de lokale ried nommen hat.

Yn 'e regel hat it bestjoer fan de ferbânsgemeente syn sit yn it grutste plak fan de gemeente.

Sûnt 1968 binne der ferbânsgemeenten yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De dielsteat Saksen-Anhalt makke de foarming fan ferbânsgemeenten sûnt 1 july 2009 mooglik.