Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Viborg

Ut Wikipedy
Viborg
Emblemen
Bestjoer
Lân Denemark
Regio Midden-Jutlân
Gemeente Viborg
Sifers
Ynwennertal plak: 42.234 (2023)
gemeente: 97.731 (2023)
Oerflak gemeente: 1474,05 km²
Oar
Postkoade 8800 Viborg
Tiidsône UTC+1
Koördinaten 56° 27' N 9° 24' E
Offisjele webside
viborg.dk
Kaart
Viborg (Midden-Jutlân)
Viborg

Viborg is in Deenske stêd yn 'e regio Midden-Jutlân. De stêd is ek de haadstêd fan 'e gemeente mei deselde namme.

Oarspronklik hiet de stêd Vibjerg, itjinge yn it Aldnoarsk likernôch 'it wijde plak op 'e hichte' betsjut. Yn 'e midsiuwen feroare dy namme yn Viborg.

Viborg leit yn it binnenlân, mar in pear kilometer fan it geografyske sintrum fan Jutlân. It gebiet om 'e stêd hinne is in heuveleftich morenelânskip. In pear kilometer west fan Viborg leit de saneamde iisrâneline út de lêste iistiid, fierder nei it west wurdt it lânskip foarme troch ôfsettings fan it ranende wetter nei de iistiid. Viborg wie al ier in ferkearsknooppunt en ek tsjintwurdich komme der yn Viborg ferbinings út it noarden (Aalborg, Løgstør), it westen (Holstebro, Skive) en it easten (Randers, Hobro) by inoar om fierder te gean yn 'e saneamde Hærvejen nei de Deensk-Dútske grins en fierder troch Sleeswyk-Holstein nei Hamburch. De âlde haven fan Viborg lei 10 km noardlik by Hjarbæk. Dêrwei koene eartiids skippen troch it Limfjord nei Aalborg en fan dêrwei de iepen see yn.

De domtsjerke fan Viborg

It is net bekend wannear Viborg stifte waard. Yn de Iislânske sêge fan Gisli Sursson wurdt ferhelle dat Gisli mei twa maten yn 961 nei Viborg reizge en dêr oerwinteren yn it hûs fan in man mei de namme Sigurdhaddur, foardat hja werom farden nei Iislân. Om't dy sêge earst yn it begjin fan 'e 12e iuw delskreaun waard, kin dy net as bewiis tsjinje foar de âldens fan 'e stêd. Argeologysk binne der oerbliuwsels fan ferskate pleatsen út de Wytsingetiid (9e iuw) yn it âlde diel fan de stêd fûn. Om it jier 1000 hinne waard der in strjitte oanlein, dêr't hjoeddedei de Store Sct. Peders Stræde (Grutte Sint-Piterstrjitte) leit. Nei alle gedachten waard doe ek in earste tsjerke boud. Yn 1060 waard Jutlân opdield yn biskommen en waard Viborg in bisdom. In pear jier letter waard útein set mei de bou fan de domtsjerke, mooglik op it plak fan in heidensk hillichdom.

Viborg waard al gau it moetingsplak fan it Landsthing foar Noard-Jutlân. Op dy moeting waard ûnder oaren hulde oan 'e keningen brocht, rjocht sprutsen en oer wetten praat. Viborg wie yn 'e midsiuwen it tsjerklike en politike machtssintrum fan Jutlân. Yn 'e midsiuwen hie Viborg njonken de domtsjerke mei syn kapittel fiif kleasters en tolve parochytsjerken.

Yn 1529 waard yn Viborg de lutherske reformaasje ynfierd en al gau dêrnei waarden de kleasters en parochytsjerken fan 'e kening frijjûn foar de sloop. Allinnich de Dominikaanske Tsjerke (Sortebrødre Kirke) en in diel fan it Fransiskaanske kleaster bleaunen oer. Doe't yn 1660 yn Denemark it absolutisme en de erflike monargy yntrodusearre waard, ferlear it Landsthing syn ynfloed en ferlear de stêd ek syn belang. It Landsthing waard yn 1806 as politike ynstelling ûntbûn.

Viborg yn 1865

Yn 1726 waard Viborg troffen troch in ferneatigjende brân. De helte fan 'e stêd, ynklusyf de domtsjerke en it stedhûs, rekke slim skansearre. It duorre wol mear as hûndert jier dat de stêd wer wat bekommen wie fan dy ramp. Mei de ferbining mei it Deenske spoarnetwurk yn 1863 begûn de ekonomyske oplibbing fan Viborg.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Viborg beset troch Dútske Wehrmacht-troepen.

Viborg is hjoed-de-dei in stêd mei in soad iepenbiere ynstellingen. It is de bestjoerlike sit fan 'e gemeente Viborg en de regio Midden-Jutlân en de sit fan de Hege Ried, it Hôf fan Berop foar Jutlân. Viborg is ek de sit fan de lutherske biskop. Ek it ryksargyf foar Noard-Jutlân is yn Viborg te finen. Sûnt 2001 is Viborg gjin garnizoensstêd mear. Op it plak fan 'e eardere kazerne waard in opliedingssintrum boud foar de middelbere skoallen fan de stêd. Bekend is de mediaskoalle, dy't in oplieding oanbiedt foar film en televyzje.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alde Riedhûs
  • De domtsjerke mei fresko's (1901-1906) en oaljeskilderijen fan Joakim Frederik Skovgaard.
  • De Sortebrødre Kirke (eardere Dominikaanske tsjerke) mei in alter mei 16e-iuwsk fykwurk.
  • De Søndermarkskirken is in moderne rûntsjerke fan 'e lokale arsjitekt Svend Frandsen út 1981. In ûnbidich grutte skelp tsjinnet as doopfont.
  • Hans Tausen Betinkingspark mei monuminten fan Hermann Ernst Freund en Bjørn Nørgaard. De herfoarmer Hans Tausen preke yn 1525 yn Viborg.
  • Yn 'e Sct. Mogens Gade steane hûzen út de 16e oant 18e iuw.
  • It riedhûs waard yn 1728 neffens plannen fan 'e Altonaër stedsarsjitekt Claus Stallknecht boud.

Yn 'e lette 19e iuw waard Viborg in sintrum foar de tekstyl-, tabak- en fiedselyndustry. Tsjintwurdich is dy yndustry foar in grut part ferdwûn en ferfongen troch metaalferwurkingsbedriuwen (bou fan wynturbines en koelunits). De ekonomy fan Viborg groeit benammen yn 'e tsjinstesektor.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside, foar boarnen en/of literatuer sjoch: de:Viborg.