Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Wikipedy:Oanmelde

Ut Wikipedy

Oanmelde is net nedich foar it lêzen fan siden, en sels net foar it skriuwen, mar it hat al foardielen.

Nije meidogger

[boarne bewurkje]

As jo oan in wikipedy meidwaan wolle, dan kinne jo jo op dy wikipedy as meidogger oanmelde. Dat moat foar eltse wikipedy noch apart. Om jo oan te melden as nije meidogger geane jo, nei't jo dizze side lêzen hawwe, nei Oanmelde (ornaris rjochtsboppe op alle siden), en brûke dêr de keppeling Oanmelde as meidogger.

Ornaris moat op de nije side earst in letterproef ynfolle wurde. Der wurdt in ôfbyld fan in tal letters toand, dy jo krekt sa yn ynfierfjild derûnder oernimme moatte. Dat is om der wis fan te wêzen dat jo in minske binne, en net in programma.

  • Yn it fjild Jo meidochnamme skriuwe jo in namme dy't jo op de Wikipedy brûke wolle. Hokfoar namme dat wurdt, dêr binne jo frij yn; it kin jo gewoane namme wêze, of in optochte namme. De Wiki wegeret allinnich nammen dy't al brûkt wurde troch oare meidoggers.
  • Yn it fjild Jo wachtwurd skriuwe jo in wachtwurd dat jo in moanne fierder ek noch witte. Yn stee fan wat jo skriuwe sjogge jo stjerkes.
  • Yn it fjild Jo wachtwurd (nochris) skriuwe jo datselde wachtwurd nochris. Doch dat net mei knippe en plakke; it is om wis te wêzen dat jo gjin skriuwflater makke hawwe! Ek hjir sjogge jo stjerkes.

Dat wie it, mar as jo wolle, kinne jo noch twa fjilden mear ynfolje:

  • Yn it fjild Jo e-postadres kinne jo jo e-postades skriuwe. Dat hoecht net, mar soenen jo in moanne fierder dochs net mear witte wat jo wachtwurd wie, dan kinne jo freegje om it jo ta te stjoeren op it adres dat jo hjir ynfolle hienen. Ek kinne jo at jo in netpostadres ynfolje, letter oanjaan dat oare meidoggers jo oer netpost skriuwe kinne.
  • Jo kinne noch Oare kear fansels oanmelde. kieze. Dan hoege jo net alle dagen op 'e nij wachtwurd yn te tikken.
  • Klikje op Nije ynstellings oanmeitsje, dan wurde de ynstellings foar jo as nije meidogger oanmakke. Wylst jo oanmeld binne hawwe jo de rjochten fan in oanmelde meidogger, en wurde jo wizigings ûnder jo namme yn de skiednis opnommen. Sjoch ek ris by jo Ynstellings, as jo dêr noch wat oan feroarje wolle.

De Wiki brûkt HTTP-koekjes by it oanmelden. As jo blêder dy net brûkt, dan krije jo de warskôging The user account was created, but you are not logged in. Wikipedy uses cookies to log in users. You have cookies disabled. Please enable them, then log in with your new username and password.

As jo net mear fierder lêze of skriuwe wolle kinne jo jo wêr ôfmelde mei ôfmelde (ornaris rjochtsboppe op alle siden). Ek as jo in skoft gjin Wikipedy-siden mear opfreegje wurde jo ôfmelde.

Op 'e nij oanmelde

[boarne bewurkje]

As jo al bekend binne as meidogger fan de Wikipedy, dan is de proseduere foar it oanmelden koarter. Om jo op 'e nij oan te melden geane jo, nei't jo dizze side lêzen hawwe, nei Oanmelde (rjochtsboppe op alle siden).

  • Yn it fjild Jo meidochnamme skriuwe jo de namme dy't jo de earste kear keazen hawwe.
  • Yn it fjild Jo wachtwurd skriuwe jo it wachtwurd dat jo keazen hienen, as bewiis dat jo it sels binne. Yn stee fan wat jo skriuwe sjogge jo stjerkes.

Dat wie it, mar as jo wolle, kinne jo noch ien fakje oanstreekje:

  • As jo Oare kear fansels oanmelde oanstreekje, wurde jo alle kearen oanmeld sa gau as jo in side fan de Wikipedy oproppe. Fansels is dat oanmelde en ôfmelde foar de feiligens. As jo de kompjûter mei oaren diele moatte dan is dizze opsje faaks gjin goed idee. Streekje jo dit oan, dan hoege jo jo ien as twa moannen net mear sels oan te melden, oant de datum fan it HTTP-koekje ferrin.
  • Klikje op Oanmelde, dan wurde jo oanmelde by de Wikipedy. Wylst jo oanmeld binne hawwe jo de rjochten fan in oanmelde meidogger, en wurde jo wizigings ûnder jo namme yn de skiednis opnommen.

De Wiki brûkt HTTP-koekjes by it oanmelden. As jo blêder dy net brûkt, dan krije jo de warskôging Wikipedy uses cookies to log in users. You have cookies disabled. Please enable them and try again.

Problemen

[boarne bewurkje]

De measte problemen mei oanmelden hawwe ien fan dizze trije oarsaken:

  • De kompjûters fan de Wikipedy kinne net berikke wurde. Hjir kinne jo neat oan feroarje; nim in bakje en besykje dan nochris oft it slagget.
  • Jo binne op in oare wikipedy. Alle wikipedyen hawwe harren eigen list fan meidoggers. As jo jo op in oare Wikipedy oanmelde wolle, dat moat dat dien wurde as in nije meidogger. Al is it sa dat jo by jo ynstellings oanjaan kinne dat jo jo oanmelding foar alle projekten fan Wikimedia brûke kinne.
  • Der binne problemen mei de HTTP-koekjes. As jo komjûter gjin koekjes oannimt, dan krije jo in warskôging. Mar as it koekje oannaam wurdt, mar net fêstholden wurdt, dan liket it goed te gean, mar ien side fierder binne jo wer ôfmelde. Ek de klokynstelling kin hjir fan ynfloed wêze: as de klok fan jo kompjûter net goed rint kinne koekjes ferrinne eart se brûkt wurde kinne. Ek dan bliuwe jo net oanmeld.