Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Wim Kok

Ut Wikipedy
Wim Kok
politikus
Wim Kok (1994)
Wim Kok (1994)
echte namme Willem Kok
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 29 septimber 1938
berteplak Bergambacht
stjerdatum 20 oktober 2018
stjerplak Amsterdam
partij PvdA
Lid Twadde Keamer
amtsperioade 1986 - 1989,
1994,
1998
Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
amtsperioade 1986 - 1989,
1994,
1998
foargonger Joop den Uyl,
Thijs Wöltgens
Jacques Wallage
opfolger Thijs Wöltgens
Jacques Wallage
Jacques Wallage
partijleider fan de PvdA
amtsperioade 1986 - 2001
foargonger Joop den Uyl
opfolger Ad Melkert
minister fan Finânsjes
regear kabinet-Lubbers III
amtsperioade 1989 - 1994
foargonger Onno Ruding
opfolger Gerrit Zalm
Minister-presidint
regear kabinet Kok I,
kabinet Kok II
amtsperioade 1994 - 2002
foargonger Ruud Lubbers
opfolger Jan Peter Balkenende

Willem "Wim" Kok (Bergambacht, 29 septimber 1938 - Amsterdam, 20 oktober 2018) wie in Nederlânske politikus dy't fan 1994 oant 2002 minister-presidint wie fan twa opinoar folgjende kabinetten-Kok (de saneamde 'Pearske' kabinetten) en teffens minister fan Algemiene Saken.

Wim Kok rekke oan it wurk as fakbûnsman by it boubûn NVV. Hy wie sekretaris en foarsitter, letter waard er ek foarsitter fan de FNV. Yn 1986 stapte er oer nei de polityk en waard fraksjefoarsitter fan de Partij fan de Arbeid yn de Twadde Keamer. Fan 1989 oant 1994 wie er minister fan Finânsjes yn it twadde en tredde kabinet-Lubbers en teffens fise-premier.

Koks twadde 'Pearske' kabinet stapte tiisdei 16 april 2002 op, in moanne foar de ferkiezings. Reden dêrfoar wienen de konsekwinsjes fan it 'Drama fan Srebrenisa', nei it iepenbier meitsjen fan it Srebrenika-rapport troch it NIOD. Nei de ferkiezings fan 2002 naam Kok ôfskied fan de aktive polityk en stapte oer nei it bedriuwslibben.

Hy naam sûnt dy tiid kommissariaten oan, ûnder oaren by Shell, KLM, ING en de Ynternasjonale Krisisgroep. Kok wie fan 2009 oant en mei 2013 presidint fan de Klup fan Madrid, in organisaasje besteande út eardere steatshaden en regearingslieders, om oer de hiele wrâld de demokrasy te befoarderjen. Wim Kok stoar op 20 oktober 2018 yn syn wenplak Amsterdam yn de âldens fan 80 jier yn it sikehûs oan de gefolgen fan in hertkwaal.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]