Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Woudrichem

Ut Wikipedy
Woudrichem
Sicht op Woudrichem
Sicht op Woudrichem
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Altena
Sifers
Ynwennertal 4.680 (2021)
Oerflak 7,68 km²
lân 6,85 km²
wetter 0,83 km²
Befolkingsticht. 609 ynw./km²
Oar
Stifting 1356
Postkoade 4285
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 49' N 5° 0' E
Kaart
Woudrichem (Noard-Brabân)
Woudrichem

Woudrichem (Brabânsk: Woerkem of Woerkum) is in âlde fêstingstêd oan de Merwede yn de provinsje Noard-Brabân yn it Lân fan Heusden en Altena. Eartiids wie Woudrichem in selsstannige gemeente, mar sûnt 2019 foarmet Woudrichem ûnderdiel fan de gemeente Altena.

Martinustsjerke

Woudrichem ûntstie yn de 9e iuw as merkplak op it plak dêr't no de Hoogstraat en de Molenstraat lizze. Om it jier 1000 hinne ûntstiene fral noardlik fan de Alm in tal delsettings, dy't rjochte wiene op Woudrichem. Strategysk lei Woudrichem geunstich oan it gearrinnen fan Maas en Waal. Yn 1322 waard it Lân fan Altena by it Greefskip Hollân foege, oant it yn 1815 wer by de doe nije provinsje Noard-Brabân yndield waard.

Yn de 14e iuw ferliende Willem VII fan Horne Woudrichem stedsrjochten. Dy stedsrjochten, de tolheffing foar de rivier (ek yn 1356 ferliend) en oare foarrjochten lykas it fiskrjocht út 1362 brochten de stêd wolfeart. Yn dy tiid waard ek de Sint-Martinustsjerke boud. Yn 1386 folge de bou fan stedsmuorren om de stêd.

Doe't de tol yn 1420 nei Gorkum ferhûze en yn 1421 de Sint-Elisabetfloed it lân oerspielde en dêrnjonken ek nochris fochten waard om de stêd, rekke Woudrichem ekonomysk yn it neigean.

Yn 1572 keas Woudrichem de kant fan Willem fan Oranje. Om't de wettergeuzen mienden dat de stêd net te ferdigenjen wie stieken hja Woudrichem yn 'e brân. Tusken 1583 en 1588 waarden om de stêd wâlen en bolwurken lein, dy't lykwols in lytser oerflak omfiemen as de eardere stedsmuorren. Woudrichem waard mei help fan de oanbuorjende plakken wer opboud, mar de ekonomyske sitewaasje bleau min en yn 1700 krige de stêd dêrom frijstelling fan belesting.

De fiskmerk fan Woudrichem, ± 1850

Yn 1814 waard Woudrichem opnommen yn de Nije Hollânske Wetterliny. Yn de omkriten mocht tenei net mear boud wurde en yn 1815 waard yn de dyk in slús boud, sadat it omlizzende lân ûnder wetter set wurde koe. It duorre oant 1926 dat der wer wat mear mooglik waard en pas yn 1955 waard de fêsting opheven. Einlings koe der wer bûten de stedswâlen boud wurde. Sûnt 1971 is de restauraasje fan de histoaryske stêd ûnder hannen nommen. It sintrum hat de status fan beskerme stedsgesicht.

Woudrichem fierde yn 2006 it 650 jier bestean fan de stedsrjochten. Oant jannewaris 2019 bleau Woudrichem it haadplak fan de selsstannige gemeente mei deselde namme. Yn dat jier gyng de gemeente mei Aalburg en Werkendam op yn de nije gemeente Altena.

De twa salmen yn it wapen fan de stêd ferwize nei it belang fan de rivierfiskerij. Troch de fersmoarging fan it rivierwetter ferdwûn de fiskerij yn de jierren 1950. Ek lânbou, túnbou en it feebedriuw foarmen tradisjoneel sterke pylders fan de ekonomy fan Woudrichem. Tsjintwurdich foarmet it toerisme in wichtige boarne fan ynkomsten.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It histoaryske sintrum fan de stêd is yn syn gehiel it besjen wurdich en erkend as beskerme stedsgebiet. De wichtichste monuminten binne:

  • de goatyske Martinustsjerke mei de fjouwerkante toer dy't de bynamme Mosterpot hat;
  • de roomske wettersteatstsjerke Jehannes Nepomuk út 1838;
  • de poarte dêr't eartiids finzenen yn opsletten waarden;
  • de yn de jierren 1990-1996 weropboude nôtmûne Nooit Gedagt;
  • de omwâling út 1580;
  • ferskillende 19e-iuwske militêre gebouwen en twa arsenalen út 1851;
  • it alde stedhûs mei trepgevels oan de Hoogstraat 47;
  • ferskillende 16e- en 17e iuwske gevels;
  • de stiennen pompe oan de Hoogstraat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar ferwizings sjoch ûnder: Noten.