Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Wulfoald

Ut Wikipedy

Wulfoald (? - Austraasje, 680) wie hofmeier fan de Franyske kening Gilderik II (dy't regearre fan 662 oant 675). Hy waard tusken 11 maart en 14 desimber 662 earst as riedshear fan Gilderik II oanstelle en letter yn maart/maaie 673 syn hofmeier. Hy wie in skoftlang hofmeier oer it hiele Merovingyske Ryk.

Wulfoald bestjoerde as regint fan Gilderik II oer Austraasje doe't dy noch minderjierrich wie en ek dêrnei hâlde hy (yn de funksje fan hofmeier) kontrôle oer de jonge kening. Nei alle gedachten wie Wulfoald it haad fan in kloft eallju dy't de Pippyniden (in machtich Frankysk laach) fijannich sint wienen. Dizze opstelling soe him úteinlik needlottich wurde want ûnder syn bewâld hie hy te krijen mei in soad tsjinwurking. Gilderik II, dy't yn 673 nei de dea fan syn broer Klotarius III allinnichhearsker wurden wie, foel yn 675 ten proai troch in komplot opsetten troch Neustryske eallju. Hy waard fermoarde en Wulfoald moast flechte en socht in goed hinnekommen nei Austraasje. Dêr ienkear oankommen, proklamearre hy mei de machtigen fan it ryk de keningssoan Dagobert II as nije kening. Lykwols woenen Wulfoalds tsjinstanners, wêrûnder de krêftige Ebroin, Klovis II in ferûnderstelde soan fan Klotar III op de troan hawwe. Yn it kylwetter fan de betizing dy't folge op de moard op Gilderik bruts in grinsoarloch út tusken Austraasje en Neustrje, dy't doarre oant 677 doe't it bewâld fan Dagobert troch Neustrje erkend waard. Mar al gau (yn 679) foel ek dizze kening troch moardners hannen. Wulfoald oerlibbe dizze kening mar koart en stoar yn 680.

  • H. Ebling, Prosopographie der Amtsträger des Merowingerreiches (613-741), München, 1974, s. 241-243.