Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Zarjadjepark

Ut Wikipedy
Zarjadjepark

It Zarjadje Park (Russysk: Парк Зарядье) is in stedspark tichteby it Reade Plein yn Moskou, Ruslân. It park leit op it plak dêr't ea de histoaryske wyk Zarjadje lei en waard op 9 septimber 2017 troch de Russyske presidint Vladimir Pûtin en de Moskouse boargemaster Sergei Sobjanin iepene.

It Amerikaanske tydskrift Time Magazine sette it park yn 2018 op de list fan World's Greatest Places.

Yn 1935 waard besletten om de histoaryske wyk Zarjadje mei de grûn lyk te meitsjen om romte te skeppen foar de yndustry. In diel fan de wyk waard noch foar de oarloch ôfbrutsen om in ferbining fan it Reade Plein mei in nije Bolsjoj Moskvoretski-brêge oer de Moskva te realisearjen. It grutste part fan 'e wyk waard yn 1947 ferneatige, útsein in rige gebouwen by de brêge westlik fan 'e wyk mei noch in pear tsjerken. Ynearsten wie it doel om dêr in wolkekliuwer fan Dmitri Tsjetsjûlin del te setten, mar dat plan waard noch yn 'e tariedingsfaze opjûn. Ek it plan om de Sint-Annetsjerke en de oare tsjerken te ferhûzjen nei Kolomenskoje gie net troch en it gebiet lei dêrnei noch fyftjin jier braak.

Hotel Rossija

It duorre oant yn 'e jierren 1960 dat de gebouwen by de brêge ek ôfbrutsen waarden en útein set waard mei de bou fan it Rossija-hotel, dat yn 1967 iepene waard. Dat hotel, in ûbidich grut gebou mei 3.182 keamers waard op 1 jannewaris 2006 sletten en dêrnei ôfbrutsen. Der wiene plannen om der in ferdivedaasjekompleks oan te lizzen, in bytsje neffens de styl fan 'e histoaryske wyk Zarjadje, mei in nij hotel, apparteminten en in parkeargaraazje. Mar der wiene beswieren tsjin de werbou fan it hotel en it Heechgerjochtshôf fan Arbitraazje makke in ein oan dy plannen. It gebiet bleau oant 2013 braak lizzen, doe't bekend makke waard dat it gebiet yn in park feroare wurde soe.

De earste plannen foar in nij park ûnstiene yn 2012 mei't de stêd en de stedsarsjitekt Sergei Kûznetsov in ûntwerpwedstriid organisearren om it histoaryske gebiet om te foarmjen ta in iepenbier park. De wedstriid resultearre yn 90 ynstjoerings út 27 ferskillende lannen en in plan fan in ynternasjonaal ûntwerpkonsortium waard dêrút selektearre. It park waard yn 2017 iepene.

Bjirkebosk

De belangrykste eigenskip fan it park is dat de foarsjennings foar in part ferburgen lizze ûnder it lânskip, wylst it park sels ferdield is yn fjouwer klimaatsones: bosk, steppe, toendra en uterwaarden. De sones binne yn terrassen organisearre dy't fan noardeast nei súdwest ôfrinne en útsicht op de Moskva biede. Der is in mediasintrum, in natoersintrum, in restaurant, twa amfiteäters en in filhalmoanysk konsertgebou.

Konserthal

It oerflak fan it gebiet is hast 78.000 m² grut, wêrfan 25.200 m² beset wurdt troch in multyfunksjonele konsertseal. It park hat ek in ûndergrûnske parkeargaraazje. It Zarjadjepark wie it earste nije park yn Moskou sûnt 50 jier en it oanlizzen koste mear as 480 miljoen dollar.

  • De Fleanende Brêge is in smelle V-foarmige brêge dy't sûnder pylders oant 70 meter heech boppe it wetter fan 'e Moskva útstekt.
  • It Mediasintrum hat in oerflak fan 8500 m² en ynformearret oer de Russyske natoer- en kultuerskatten. Fierder wurdt dêr ynformearre oer ferskillende ûnderwerpen út de Russyske skiednis.
  • It gebou ûnder in glêzen koepel is in multyfunksjonele konsertseal. It gebou leit yn in heuvel en it is mooglik om oer it dak te rinnen.
  • De Iisgrot fertelt oer it Hege Noarden. De temperatuer fan 'e grot leit tusken -2 °C en -12 °C en de grot sels wurdt mei in natuerlike wite kleur ôfdutsen.
  • Oan 'e konsertseal grinzget it grutte amfiteäter mei plak foar 1500 besikers. In lytser amfiteäter is ûntwurpen foar 400 besikers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Zaryadye-park