Holwert
Holwert is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Holwert leit noardlik fan Brantgum, noardwestlik fan Dokkum, westlik fan Ternaard, eastlik fan Blije en besuden de Waadsee. Op 1 jannewaris 2023 hie Holwert 1.545 ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit op de terp fan Holwert.
Holwert | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.545 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 18,42 km², wêrfan: - lân: 18,33 km² - wetter: 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 84 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 5° 54' E | |
Offisjele webside | ||
Side Holwert | ||
Kaart | ||
De buorskippen Kletterbuorren, Medwert en Trijeboerehuzen hearre ek by Holwert.
Holwert wurdt fanâld rekkene ta de Holwerter Seis.
Namme
bewurkje seksjeYn de earste helte fan de 11e iuw komt it plak foar as Holeuurt, yn 1399 as tot Hoelwerde en Holwerde, yn 1486-1487 as to holwert, yn 1500 as jn dat holuerde en yn 1505 as Holwerdt. It wurd hol kin sawol 'heech', der wurdt dan tocht oan it Ingelske wurd "hill", as 'leech' betsjutte. Oaren tinke dat hol "hillich" betsjut, fergelykje it mei it Ingelske wurd "holy".
Skiednis
bewurkje seksjeTerpen
bewurkje seksjeHolwert moat al fier foar it begjin fan de jiertelling bewenne west hawwe. Yn de 8ste of 9e iuw is de terp útwreide. Holwert bestie doe út in wenterp en in tsjerketerp. Doe't de earste seedyk oanlein waard, kaam de tsjerke bûtendyks te lizzen, dat doe waard der in nije tsjerketerp yndyksk opsmiten. Neffens de ferhalen moat it âlde tsjerkhôf noch lang brûkt wêze. Der is sein dat yn Holwert de manlju by de tsjerke begroeven waarden en de froulju bûtendyks.
Willibrord
bewurkje seksjeHolwert is ek ferbûn oan de namme fan de misjonaris Willibrord. Neffens de kroniken gie Willibrord, nei't er op It Amelân wurke hie, nei Holwert. Dat der in bân west hat, docht bliken út it feit dat kleaster yn Echternach yn Lúksemboarch grûn hie yn Holwert. It soe kinne dat guon Holwerters nei Echternach gien binne, dêr't Willibrord de lêste tiid fan syn libben wenne hat. De namme mountsehûs komt yn Holwert twa kear foar. Der is eins neat mear bekend oer úthoven fan kleasters.
Untjouwing
bewurkje seksjeIt doarp is twaris ôfbaarnd. De earste kear wie yn 1421 en de twadde kear yn 1515. Dy lêste kear hawwe de Ljouwerters dêrfoar soarge. Sieds Bonga, dy't it doe yn Holwert foar it sizzen hie, hie de kant fan de Geldersken keazen. Om dêr mei ôf te weven hawwe de Ljouwerters it hiele doarp delbaarnd. Dat Holwert in wichtich doarp west hat docht bliken út it feit dat it it earst stimmende doarp yn West-Dongeradiel wie en 45 stimhawwende pleatsen hie. Sûnt de 19e iuw hat Holwert him súdeastlik fan de de âlde kearn útwreide. De karakteristike stoepen fan de huzen oan de Hegebuorren binne ûntstien troch ôfgraving fan grûn yn de jierren 1870 om sa it hichteferskil oer de terp lytser te meitsjen.
Sûnt 1845 fart de boat nei It Amelân fan Holwert ôf. Holwert hat in haventsje hân en hie earder ek noch fiskerij fan betsjutting. Yn de jierren 1960 waard Holwert in waadrinsintrum.
Bestjoer
bewurkje seksjeSûnt 2019 leit Holwert yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Gebouwen
bewurkje seksjeTsjerken
bewurkje seksjeSint-Willibrordtsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Sint-Willibrordustsjerke (Holwert).
Holwert moat al ier in oan Willibrord wijde tsjerke hân hawwe. De Sint-Willibrordustsjerke fan dowestien stie los fan de toer. Al yn 'e 13de iuw hie Holwert in frij hege toer, dy't troch de waadskippers as in beaken brûkt waard. Yn 1661 waard in spits boud, dy't yn 1792 fierder ferhege waard ta 52 meter. Yn de toer hinget in klok út 1653 makke troch Jurjen Balthasar.
Yn 1776-1778 boude de arsjitekt Willem Douwes út Harns de hjoeddeiske tsjerke. De tsjerkebou is grut opsetten; de Van Aylva's moasten konkurrearje tsjin oaren. It stúkwurk is makke troch Jan Filipps en Johan George van Hempel. De rokoko preekstoel en dooptún mei koperwurk is fan Yge Rintsjes. Willem Douwes hie ek noch in houthannel, dat hy brûkte in protte hout. De bûnte kjifkrobbe hie him dêr lykwols yn de rin fan de tiid goed oan dien. Yn 1967-1968 is de tsjerke, dy't der doe min oan ta wie, restaurearre. Yn 1890 is in part fan de tsjerketerp ôfgroeven. Dêrtroch kaam it silhûet fan de tsjerke better út.
Yn de tsjerke binne der noch sarken fan de famyljes van Aylva, Tsjessens, Jaersma, Ringia en Bonga. Op it tsjerkhôf leit de Fryske skriuwer Waling Dykstra begroeven. De tsjerke wurdt brûkt troch de PKN-gemeente Holwert.
Fermanje
bewurkje seksjeYn Holwert hat al in hiel skoft in minnistegemeente west. It is no in streekgemeente mei Ternaard en Blije. De hjoeddeiske fermanje út 1850 stiet prominint midden yn it doarp. Opfallend is de gevelstien mei de dúdlike minniste boadskip: Een is uw Meester en gij zijt allen broeders.
Mei de nijbou hawwe de herfoarmen brûk makke fan de fermanje. Yn de lêste tsjinst dêr gie de minniste learaar foar. De herfoarmen joegen út tankberens seis nachtmielbekers. De wichtichste tsjerkfâd wie doe Hessel Douwe Ernst van Aylva, dy't foarstanner wie fan mear gearwurking tusken herfoarmen en minnisten.
Grifformearde tsjerke
bewurkje seksjeDe grifformearde tsjerke waard yn de jierren 1933-1934 boud neffens in ûntwerp fan de bruorren Offringa. It yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle boude tsjerkegebou waard yn 2014 troch de foarming fan ien protestantske gemeente mei de herfoarmen sletten foar tsjerketsjinsten. It karakteristike gebou bleau lykwols fan bûten itselde en krige in funksje as Waadsintrum. Dat koe yn 2020 net út en nei't it sletten waard hat it tsjerkebestjoer de tsjerke te keap oanbean. Yn jannewaris 2022 waard de tsjerke ferkocht oan in boubedriuw út Bûtenpost om der apparteminten yn te bouwen.
Mûnen
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side De Hoop (Holwert).
- De Wikipedy hat ek in side Miedemûne.
Holwert hat mûglik al om 1400 in mûne hân. Dy waard yn 1515 lykwols tagelyk mei de rest fan it doarp delbaarnd. Earst yn 1677 wurdt der wer skreaun fan in mûne, in roggemûne. Dy mûne hat in trochgeande skiednis mei de hjoeddeiske mûne De Hoop.
Yn 1699 waard noch in twadde mûne neamd, in pelmûne. Koart foar 1750 waard dy ek geskikt makke foar rogge. Dat waard lykwols gjin súkses en in 1751 waard fernijd dat de mûne ôfbrutsen is.
Nije konkurrinsje foar wynmûnen komt der earst yn rin fan de 20e iuw. Yn 1954 waard de mûne stilset en feroare yn in opslach. Yn 1963 waard de mûne lykwols troch de gemeente oankocht, dy't fiif jier letter mei de restauraasje begûn. Sûnt 1982 draait de mûne wer.
Besuden Holwert stiet de Miedemûne.
Stinzen
bewurkje seksjeYn Holwert hawwe ferskillende stinzen stien. Oant 1752 stie oan de súdwestlike hoeke fan de dyk en de Foarstrjitte de stins Brandstede. [2] De stins 't Gebuirte hat yn 't lêst noch tsinst dien as jeneverstokerij en bleau oant 1804 stean.[3] Fan beide hûzen is neat werom te finen Fan de oarspronlike Bongastins is allinne de letmidsiuwske kelder bewarre bleaun. Súdeastlik fan Holwert tsjin de grins mei Waaksens stie eartiids it hûs Tjessens.
Mienskip
bewurkje seksje
Tsjerken
bewurkje seksje- [PKN-gemeente Holwert]: Sint-Willibrordustsjerke (yn it ramt fan de foarming fan in PKN-gemeente waard de grifformearde tsjerke fan Holwert sletten).
- [Fermanje fan Holwert]
Skoallen
bewurkje seksje- Basisskoalle De Tsjelke
De protestantsk-kristlike Ploos van Amstelskoalle en de iepenbiere skoalle de Tsjelke binne op 1 augustus 2019 fusearre en krigen op 6 maart 2023 in nij ûnderkommen yn it MFA De Ynset.[4]
Ferienings
bewurkje seksje
|
|
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeHolwert heart ta it krimpgebiet. De befolking fergrizet en it tal ynwenners rint al jierren tebek. Om dat te kearen hawwe fjouwer Holwerters in plan ûntwikkele om by Holwert de dyk troch te brekken. In haven oan see soe neffens de inisjatyfnimmers fan Holwert wer in libben plak meitsje kinne.[5] Swierrichheid dêrby is lykwols it fersânjen fan it far en de hege kosten fan it jimmeroan útbaggerjen.[6]
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 2.020 | 1.906 | 1.959 | 2.168 | 2.127 | 1.762 | 1.670 | 1.580 | 1.580 |
Berne
bewurkje seksje- Johannes Phocylides Holwarda (1618-1651), filosoof
- Hâns Willem fan Aylva (1633-1691), ritmaster
- Sicco Douwe fan Aylva (1734-1807), steatsman
- Wessel Ruwersma (gedoopt 1751-1827), skilder
- Albert ten Broeke Hoekstra (1765-1828), grytman
- Douwe Petrus van Steenwijk (1784-1867), dokter en skriuwer
- Cees Egas (1913-2001), PvdA-politikus
- Kobus Walsma (1942-), CDA-politikus
- Theo Hiddema (1944-), abbekaat en FvD-politikus
- Hans Jouta (1966-), byldhouwer
- Albertina Soepboer (1969-), skriuwster
- Eelke van der Wal (1981-), hurdfytser
Ferskaat
bewurkje seksje- Op de pier fan Holwert stiet it walfiskbyld fan Anne Woudwijk. Earder lei dat yn de Waadsee mar de sokkel fan it grutte byld rekke yn 2001 flink skansearre doe't de fearboat der tsjinoan fear.
- Yn de Buorren stiet de stins fan de eardere grytman fan West-Dongeradiel. Eartiids wie it ek de rjochtbank, yn de kelders is it gefang, dêr't dieven, swalkers en sûplappen yn opsluten waarden.
- Hjir stiet ek it ûntfangstasjon fan de eardere molklieding fan de feriene boeren fan It Amelân.
- Op de Nije Seedyk steane sûnt 2019 de bylden fan twa fiif meter hege froulju fan metaal. It keunstwurk draacht de titel Wachten op hoog water en waard makke troch Jan Ketelaar.
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Holwert.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|