Janktonai (stamme)
De Janktonai (Ingelsk: Yanktonai, útspr.: ['jæŋktəni:]; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna, útspr.: [i'hã:ktˣũwãna]) binne ien fan 'e sân tradisjonele stammen fan 'e Sû-Yndianen fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei ien fan 'e oare seis stammen, te witten de Jankton, foarmje se Westlike Dakota, ien fan 'e trije grutte etnysk-linguïstyske haadgroepen fan 'e Sû.
Etnografy
bewurkje seksjeDe Janktonai, wa har namme oft "Doarpke oan 'e Ein" betsjut, falle útinoar yn twa substammen, de Opper-Janktonai (Ingelsk: Upper Yanktonai; Dakota: Pabáksa), en de Neder-Janktonai (Ingelsk: Lower Yanktonai; Dakota: Uŋkpátina). Histoarysk sjoen makken se diel út fan 'e Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut en wat yn 'e regel oerset wurdt as de Grutte Sû Naasje. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"), d.w.s. ien fan 'e tradisjonele stammen, wêrfan't de Westlike Dakota der twa hiene, de Eastlike Dakota fjouwer en de Lakota mar ien.
Demografy
bewurkje seksjeHjoed de dei libje de Neder-Janktonai yn 'e Feriene Steaten fierhinne gearklofte yn it Crow Creek Yndianereservaat (Crow Creek Indian Reservation) fan Crow Creek Sû Stamme (Crow Creek Sioux Tribe), mei 3.400 leden, yn 'e steat Súd-Dakota. De folle manmachtiger Opper-Janktonai wenje foar in grut part mei Sisseton- en Wahpeton-Dakota, Hûnkpapa-Lakota en Assiniboin yn it Fort Peck Yndianereservaat (Fort Peck Indian Reservation) fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana (Assiniboine and Sioux of the Fort Peck Indian Reservation of Montana), en mei Sisseton- en Wahpeton-Dakota yn it Fort Totten Yndianereservaat (Fort Totten Indian Reservation) fan 'e Spirit Lake Stamme (Spirit Lake Tribe) fan Noard-Dakota. Yn Kanada libje fierders noch lytse groepkes Janktonai dy't mei Eastlike Dakota-groepen de Birdtail Sû Earste Naasje (Birdtail Sioux First Nation) yn 'e provinsje Manitoba foarmje.