Nasjonaal park
In nasjonaal park, soms (benammen op lânkaarten) ôfkoarte ta N.P., is in beskerme natoergebiet.
Omskriuwing
bewurkje seksjeNasjonale parken binne natoergebieten mei in beskerme status dy't ferliend troch it regear fan in lân (dêrfandinne de term "nasjonaal"). Fan spesifyk hokfoar soarte beskerming sprake is, ferskilt per lân. Nettsjinsteande dat, is it idee efter de oprjochting fan alle nasjonale parken itselde: it behâld fan 'e wylde natoer foar it neislachte en as symboal fan it nasjonaal prestiizje. Oars as in natoerreservaat, dat inkeld foar behearders tagonklik is, kinne nasjonale parken (faak en foar it meastepart) wól troch toeristen besocht wurde. In natoergebiet lykas in nasjonaal park wêrfan't de beskerme status ferliend wurdt troch in legere oerheid, wurdt net in nasjonaal park neamd, mar in steatspark of provinsjaal park. De beskerme status fan in steatspark of provinsjaal park is ornaris beheinder as dy fan in nasjonaal park. Guon gebieten begjinne as in steatspark of provinsjaal park, om letter op te klimmen ta in nasjonaal park as se erkenning krije fan 'e nasjonale oerheid.
It alderearste "publike park of pleziergrûn yn it foardiel en foar it geniet fan 'e minsken" wie it Nasjonaal Park Yellowstone yn 'e Amerikaanske steat Wyoming, dat yn 1872 troch it federaal regear fan 'e Feriene Steaten oprjochte waard. Hoewol't de term "nasjonaal park" foar Yellowstone pas letter yn gebrûk kaam, wie it dat yn 'e praktyk altyd al. It wurdt dêrom algemien beskôge as it âldste nasjonaal park fan 'e wrâld. Yellowstone wie lykwols net it earste natoergebiet mei in beskerme status; dy ear falt ta oan it Wâldreservaat Tobago Main Ridge, oprjochte yn 1776 yn wat no Trinidad en Tobago is, en oan 'e krite om 'e berch de Bogd Chan Uul yn Mongoalje, dêr't yn 1778 it near lein waard op fierdere ûntginning.
Nasjonale parken steane almeast ûnder tafersjoch fan in spesjale oerheidsynstelling dy't de gebieten beheart en soarget dat der gjin fandalisme of streuperij plakfynt. De âldste fan sokke tsjinsten it Parks Canada, de ynstânsje dy't oer de nasjonale parken yn Kanada giet. Dy waard ntl. oprjochte op 19 maaie 1911. Bekender is lykwols de National Park Service fan 'e Feriene Steaten, dy't bestiet sûnt 1916. Yn Nederlân falle guon fan 'e nasjonale parken ûnder Steatsboskbehear, wylst it behear fan oaren útbestege is oan partikuliere natoerbehâldsorganisaasjes, lykas Natuurmonumenten.
In ynternasjonale organisaasje, de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natoer (IUCN) en de dêrtroch ynstelde Wrâldkommisje foar Beskerme Gebieten (WCPA) hawwe de term "nasjonaal park" definiëarre as elts gebiet dat foldocht oan 'e kritearia fan harren natoergebieten fan Kategory II. Op basis dêrfan binne der gebieten dy't nasjonaal park neamd wurde, dy't net as sadanich troch de IUCN erkend wurde, wylst der ek gebieten binne dy't net de term "nasjonaal park" yn 'e namme hawwe en dochs wol as sadanich erkend wurde. Sa is it Nasjonaal Park De Everglades yn Floarida neffens de IUCN eins in 'wyldernisgebiet', dat ûnder Kategory Ib falt, wylst it Nasjonaal Park De Fiktoariawetterfal yn Simbabwe eins as 'nasjonaal monumint' ûnder Kategory III falt. Oarsom binne de provinsjale parken en territoriale parken yn 'e provinsjes en territoaria fan Kanada neffens de IUCN-definysje frijwol allegear nasjonale parken. Op basis fan dy kritearia wiene der neffens in telling fan IUCN yn 2006 yn totaal 6.555 nasjonale parken yn 'e wrâld.
Galery
bewurkje seksjeNasjonale parken yn Fryslân
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|