Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                

Dielteken

(Trochferwiisd fan Trema)
¨

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

It dielteken of trema (fan it Aldgrykske τρῆμα, trêma, "gat") is in lêsteken yn de foarm fan twa stippen dy’t, njonken elkoar, boppee in lûd set wurde. As it teken op de i set wurdt, wurdt de inkelde stip troch twa stippen ferfongen.

It ‘dielteken’ wurdt brûkt om it taalkundige fenomeen diëresis oan te tsjutten: twa opinoar folgjende lûden dy’t yn twa ôfsûnderlike wurdlidden útsprutsen wurde yn stee fan as ienwurdliddich lûd of twalûd. Yn it Frysk wurdt it dielteken gauris brûkt, likegoed as yn it Katalaansk, it Nederlânsk, it Frânsk en it Gryksk. Yn it Spaansk wurdt it dielteken brûkt op de kombinaasje , dus net op twa lûden, mar ek hjir om in aparte útspraak oan te jaan. Yn it Ingelsk is it dielteken net ferplichte en hjoeddedei slim seldsum; mar in beheind tal kranten en tydskriften brûke it noch. It wurd noch wol brûkt yn de namme Boötes (stjerrebyld), om dúdlik te meitsjen dat de lûden oars útsprutsen wurde moatte as yn boot (lears).

It dielteken wurdt allinnich brûkt as it efterinoar skriuwen fan de letters sûnder ekstra oantsjutting ta in ferkearde útspraak liede soe.

By útwreiding brûke guon talen lykas it Spaansk, it Katalaansk en it Frânsk it dielteken ek om in lûd ôfsûnderlik út te sprekken sels as de foargeande letter in bylûd is, lykas g of q. Foarbylden yn it Spaansk vergënza (skamte), pingüino (pinguïn).

Dielteken boppe y

bewurkje seksje

Inkeld wurdt yn it Frysk by fersin in y mei in dielteken brûkt yn stee fan de IJ. De twa puntsjes op de ij binne lykwols gjin dielteken, sels as jo de ij as ién letter beskôgje, lykas yn krúswurdpuzzels. De twa puntsjes fan de ij binne gewoan de twa ôfsûnderlike puntsjes fan de letters i en j dêr’t de digraaf ij út bestiet.

Yn it Frânsk komt de y mei dielteken komselden wol foar. Foarbylden binne de famyljenamme fan de Waalske komponist Eugène Ysaÿe en plaknammen as Freÿr en L'Haÿ-les-Roses.

Ferskil mei Umlaut

bewurkje seksje

Hoewol’t se grafysk identyk binne, hawwe dielteken en Umlaut in ferskillende funksje. It dielteken wurdt brûkt om ûnderskied te meitsjen tusken in twalûd en twa losse lûden, wylst in lûd mei Umlaut in oar lûd fertsjintwurdiget. Dat blykt benammen by it ôfbrekken oan de ein fan in rigel. As it wurd deun foar de trema-letter ôfbrutsen wurdt, ferdwynt it trema. Der is dan ommers gjin betizing mear mooglik. In Umlaut bliuwt lykwols gewoan stean. De Umlaut wurdt dan ek net as in trema beskôge.

Mei de hân skreaun is der in ferskil tusken it dielteken en de Umlaut te sjen. De Umlaut wurdt bytiden as twa koarte fertikale streekjes notearre. Typografen kieze der wolris foar de puntsjes fan de Umlaut wat tichter boppe de letter te setten as dy fan it dielteken.

De karakterkodearing ISO 8859-1 hat de letters ä, ë, ï, ö, ü wol en de byhearrende haadletters ek, mar de ÿ allinnich as lytse letter, mei de Ÿ tafoege yn de wersjoene edysje ISO 8859-15.

Unikoade hat de dûbele stip as kombinaasjekarakter U+0308. Foar kompabiliteit mei âldere karakterkodearrings binne ek tsientallen koadepunten beskikber mei letters mei in dûbele stip der boppe.

Sawol it kombinaasjekarakter U+0308 as de letters mei dûbele stip kinne sawol as Umlaut en as dielteken brûkt wurde.

Inkeld is it nedich in ûnderskied oan te bringen tusken it Umlautteken en it dielteken. Yn dy gefallen soe de folgjende oanbefelling fan ISO/IEC JTC 1/SC 2/WG 2 folge wurde moatte:

  • As dielteken, brûk Combining Grapheme Joiner (CGJ, U+034F) + Combining Diaeresis (U+0308)
  • As Umlautteken, brûk Combining Diaeresis (U+0308)