Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Wikipedy:Ferifiearberens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 jul 2024 om 20.18 troch FreyaSport (oerlis | bydragen) (Wikipedy:Ferifiearberens)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen

Mei ferifiearberens ("FER") wurdt bedoeld dat alle ynhâld op Wikipedy neisjoen wurde kin yn in betroubere publikaasje. Dit kin de boarne wêze dêr 't de ynformaasje oan ûntliend is, mar ek oare literatuer. Eat mei net opnommen wurde allinnich om 't it "wier" is. Eigen mieningen en/of spekulaasjes binne net tastien. As yn betroubere publikaasjes ferskate opfettingen oer in ûnderwerp te finen binne, moat it artikel dizze ferskate opfettingen wer jaan, wêrby 't elke opfetting romte kriget neffens it relative belang dat yn de literatuer oan dy opfetting takend wurdt, eat dat ek ferifiearber heart te wêzen.

De siden "Ferifiearberens" ("FER"), "Objektivens" ("NPOV") en "Gjin orizjineel ûndersyk" ("GOU") beskriuwe de kearnprinsipes dêr't de ynhâld fan Wikipedy oan foldwaan moat. Se folje inoar oan en kinne net ôfsûnderlik ynterpretearre wurde. Se moatte dus net ôfsûnderlik ynterpretearre wurde en brûkers soene der goed oan dwaan om har mei alle trije fertroud te meitsjen. De prinsipes dy 't dêryn behannele is, kinne nea oan 'e kant skood wurde, sels net by konsensus.

Underbouwe

[boarne bewurkje]

Alles yn de haadnammeromte fan Wikipedy moat werom te finen wêze yn publikaasjes dy't net allinnich betrouber binne en dêr't in sekere autoriteit oan takend wurdt, mar dy't ek op it ûnderwerp slaan. Wikipedy sels jildt nea as betroubere publikaasje (yn guon gefallen kin materiaal yn Wikisource of in ôfbylding yn Commons as betroubere boarne brûkt wurde; bygelyks de sloop fan in gebou).

Bewijsplicht

[boarne bewurkje]

Foar hiel Wikipedy jildt dat de bewiisplicht foar krektens fan materiaal leit by dyjinge dy't de bydrage leveret (elke meidogger is ferantwurdlik foar syn eigen bydragen) en by dyjinge dy 't it materiaal weromset nei in ferwidering. As eat net ûnderboud wurde kin, dan moat it wiske wurde.

Boarnemelding

[boarne bewurkje]

Om it maklik te meitsjen de ynformaasje yn in artikel te ferifiearjen, kin gebrûk makke wurde fan Boarnemelding troch ferwizings. Boarnemelding of literatuerferwizingen binne net ferplichte, útsein foar materiaal dat kontroversjeel is. In protte is ommers algemien bekend (De haadstêd fan Fryslân is Ljouwert), of yn in hiel prottte publikaasjes op te sykjen ("de falfersnelling op 'e moanne is 1,6 m/s²"). En in literatuerlist of fuotnoaten kin dan ek ôfliedend wêze.

NB. By it sitearjen út auteursrjochtlik beskerme wurk is it wetlik ferplichte om de boarne te melden, en boppedat ek de makker fan it wurk, en binne der fierdere ferplichtingen ("it saneamde sitaatrjocht") Dizze ferplichtingen jilde oeral, dus ek op Wikipedy.

Beskikberens

[boarne bewurkje]

Op himsels makket it net út oft in publikaasje maklik beskikber is; it giet yn it foarste plak om de betrouberens en de gaadlikens fan in publikaasje. In bepaalde webstee mei dan maklik tagonklik wêze, mar is dêrom net better as, of ek mar ferlykber mei, in neislachwurk dat benammen yn universiteitsbiblioteken te finen is. "Ik kin dit net op ynternet fine" is dêrom gjin falide argumint om ynformaasje fan Wikipedy te ferwiderjen. By tige âlde boarnen, dy't yn it publyk domein hearre, kin men de publikaasje foar elkenien te rieplachtsjen meitsje troch in scan nei Wikimedia Commons op te laden.

Histoaryske boarnen

[boarne bewurkje]

Histoaryske boarnen moatte yn de kontekst en de belibbingswrâld fan dy tiid pleatst wurde. In ynterpretaasje fan histoaryske foarfallen moat stave wurde troch moderne boarnen, oars wurdt it "orizjineel ûndersyk".

Eftergrûn

[boarne bewurkje]

Wikipedy-oprjochter Jimmy Wales skriuwt 16 maaie 2006 op de mailinglist foar de Ingelsktalige Wikipedy oer it belang fan ferifiearberens op Wikipedy. Hy seit mei klam dat it ûntbrekken fan ynformaasje de foarkar fertsjinnet boppe misliedende of ferkearde ynformaasje.[1]

Wat te dwaan by twivel?

[boarne bewurkje]

Der kinne allegearre oarsaken wêze foar twivel. It doel fan in ensyklopedy is it byinoar bringen en presintearjen fan ynformaasje, wêrûnder ek ynformaasje dêr't de terloopske lêzer fan tinke sil "dat kin dochs net wier wêze!" Foar dizze terloopske lêzer soe dizze twivel krekt reden wêze moatte om him fierder yn te lêzen (de rjochtline "Gean út fan goede wil" stelt dat bydragen fan ûnbekende meidoggers it foardiel fan de twivel hearre te krijen.) Mar net alles wat meidoggers yn dizze ensyklopedy taheakje is altyd wier en ferifiearber, en as in meidogger dy't reedlik mei it ûnderwerp bekend is twivel hat oer de ferifiearberens, of as der nei ynlêzen twivel bliuwt, binne der ferskate mooglikheden:

  • De ferkearde passaazje(s) direkt ferwiderje/ferbetterje (mar dan moat de brûker wis wêze fan syn saak).
  • In berjocht pleatse op de byhearrende oerlisside, of de oerlisside fan de oanbelangjende meidogger (of op de oerlisside fan it artikel mei in melding op de oerlisside fan de meidogger) mei doelfêste fragen: Hokker sinnen of sinken wurde betwivele?
  • In tuskenoplossing is om de passaazje te ferpleatsen nei de oerlisside, mei dêrby de fraach.

De twadde opsje is meastal better foar de gearwurking. As der oer in net al te lange tiid (sis, in pear wike) gjin reaksje komt op in fraach nei boarnen, mei de net ûnderboude passaazje ferwidere wurde. It is mooglik dat de fragen op byhearrende oerlisside net (daalks) beäntwurde wurde wurde. Is dit it gefal, dan kin ûnderwilens by de bewuste passaazje yn it artikel it berjocht {{Twifel}}; boppe-oan it artikel te pleatsen. Fansels moat mei it pleatsen fan sa'n berjocht weromhâldend omgien wurde: dy binne steurend foar de lêzer.

It is ek mooglik om oaren om in reaksje te freegjen of by it oerlis te belûken troch in berjocht te pleatsen op Oerlisside

libbene persoanen

[boarne bewurkje]

Ekstra omtinken op dat punt fertsjinnet ynformaasje oer libbene persoanen, om't alles wat oer in persoan skreaun wurdt direkte ûnwinsklike konsekwinsjes hawwe kin foar dy persoan sels (of syn omjouwing)

Yn Nederlân en dermei ek yn Fryslân is it ferbean om persoanen ûnterjochte en yn it iepenbier te beskuldigjen mei as doel de reputaasje fan it slachtoffer te ruïnearjen. It Nederlânske Wetboek fan Strafrjocht ferbied smaad en kwealaster op straffe fan in finzenisstraf of in jildboete.

It is faaks pas nei immens dea dat der lykwichtige publikaasjes oer him of har ûntstean. It kin lang duorje foar de werklike ympakt fan saken, ynklusyf alle gefolgen, him ôftekenet (somtiden wol in iuw). Dêrtroch sil men by beskriuwing fan relevante libbene persoanen faak oare prinsipes hantearje moatte. Sa binne bygelyks de gegevens oer in akademikus dy 't oanjûn wurde op de webstek fan de universiteit dêr 't hy of sy dosearret as betroubere ynformaasje te beskôgjen. (Dit moat kritysk besjoen wurde, eat as yndrukwekkende list mei ûndersiken of ynfloedryk persoan falt hjir fansels net ûnder.) De ynset fan sjoernalistike boarnen moat soarchfâldich en by gefal ôfwoegen wurde. Sokke nijsboarnen jouwe neffens har aard nammentlik faak, mar net altyd, mar in momintopname wer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL