Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Den Ham (Westerwâlde)

Ut Wikipedy
Den Ham
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Oar
Koördinaten 53° 8' NB, 7° 10' EL

Den Ham is in útbuorren yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân en falt ûnder it doarpsgebiet fan Bellingwolde. It leit rjocht benoarden Bellingwolde oan de Hamsterweg, dy't parallel mei de Dútske grins en it B.L. Tijdenskanaal.

De namme komt fan ham, dat "hoeke", lântonge", "finne" betsjut.

It doarp ûntstie nei alle gedachten yn de fyftjinde iuw oan de râne fan it eardere heechfean. Troch it ûntstean fan de Doalert moasten bewenners fan de leger lizzende gebieten, by de Westerwâldske Aa del, ferfarre nei hegere gebieten. Yn 1498 waard it doarp Upham neamd, en letter waard it ek den Ham, Nye Ham of Bellingwolderham neamd, ta ûnderskieding fan Houwingaham of Utham. Den Ham hearde fanâlds by it karspel Bellingwolde, yn tsjinstelling ta Hamdyk, dat in oerbliuwsel fan it eardere karspel Houwingaham is. Dêrnjonken waard ek it eardere doarp Wynedaham (Nieuw-Beerta) ynearsten as Den Ham of Beertsterham neamd.

Fan de âldste Doalertdyk ôf waard it úttynjen fan de Doalert stoppe en waard yn de iuwen dêrnei it opslike lân fannijs ynpoldere. De pleatsen stiene ynearsten ferspraat yn de saneamde Bovenlanden mooglik benefter in binnendyk, de lettere Hamsterwei. By dy dyk del waard yn 1657 it Hamsterdjip groeven as de nije ôfwettering fan Bellingwolde. De measte pleatsen ferhuzen dêrnei nei de Hamsterwei, en in lytse tal bleau efter yn de útbuorren Lutje Ham. Oare pleatsen waarden yn de achttjinde iuw nei Koudehoek ferpleatst. De langhalige kavels fan Den Ham en Koudehoek leine trochinoar hinne en wikselen inoar ôf.

Om 1800 hinne hiene Den Ham, Koudehoek en Hamdyk harren eigen buertgilde.

De Hamsterwei dy't troch Den Ham hinne rint, waard foar in part yn 1892 en yn 1913 folslein ferhurde.


Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje