Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Veele

Ut Wikipedy
Veele
Lokaasje Veele yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Lokaasje Veele yn de eardere gemeente Vlagtwedde
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 300
Oar
Postkoade 9541
Koördinaten 53° 3' NB, 7° 6' EL
Offisjele webside
www.veele.nl

Veele is in útbuorren yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It plak hat sa'n 80 huzen mei 200 ynwenners. It plak falt ûnder Vlagtwedde, dochs hat it wol in beboude kom en hat it dus blauwe plaknammebuorden. It leit op it plak dêr't de N976 fan Wynskoat nei Ter Apel it Mussel-Aa-kanaal krúst. Justjes bewesten it plak rint de beek de Ruiten Aa. Justjes boppe Veele rint dy gear mei it Veelerdiep en rint dan fierder as de Westerwâldske Aa.

De namme Veele soe komme kinne fan vaal (bleek) of felewa (wylch). By it doarp stie earder de Lugtenborg, dat yn de achttjinde iuw gauris Klein Picardië neamd waard. De pleats Luchtenborch justjes besuden dêrfan waard ferwoaste by de befrijing yn 1945.

De âlde brêge oer it kanaal waard nei de Belgyske parasjutist Philippe Rolin neamd, dy't dêr mei twa oare Belgyske parasjutisten omkamen by de befrijing fan it doarp yn april 1945. By de brêge stiet in kriichsmonumint.

Fan 1977 oant 1981 wenne politikus en polityk aktivist Roel van Duijn yn Veele.

Yn Veele binne de wurkplakken fan it wetterskip Hunze en Aa's.

Alle minsken mei de efternamme Velema hawwe harren komôf fan Veele.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Westerwâlde
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
· · Berjocht bewurkje