Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

François Jaffrennou

Ut Wikipedy
François Jaffrennou
persoanlike bysûnderheden
echte namme François-Joseph-Claude
   Jaffrennou
oare namme Taldir
nasjonaliteit Frânsk
berne 15 maart 1879
berteplak Carnoët (Bretanje)
stoarn 26 maart 1956
stjerplak Bergerac (Akwitaanje)
etnisiteit Bretonsk
wurkpaad
berop/amt dichter
aktyf as aktivist
jierren aktyf 18981955
bekendste
  wurk(en)
Bro Gozh ma Zadoù
   (Bretonsk folksliet)

François Jaffrennou (folút: François-Joseph-Claude Jaffrennou; Bretonsk: Frañsez Jaffrennou; Carnoët, 15 maart 1879Bergerac, 26 maart 1956) wie in Frânsk dichter, redakteur en aktivist fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie in Bretonske nasjonalist en in neo-druïdistyske bard en stie ek rûnom bekend ûnder syn druïdistyske namme Taldir, dat Bretonsk is foar "Muorre fan Stiel". Soms wurdt er dêrom François Taldir-Jaffrennou neamd. Hy wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e autonomistyske beweging yn syn heitelân Bretanje en ek fan 'e Goursez Vreizh, it Bretonske neo-druïdistyske genoatskip. Teffens wied er de skriuwer fan it Bretonske folksliet Bro Gozh ma Zodoù. Under de Twadde Wrâldoarloch besmodzge Jaffrennou syn reputaasje troch gear te wurkjen mei it kollaborearjende Vichy-rezjym. Nei de oarloch waard er dêrom oppakt en finzen setten, mar op foarspraak fan fersetslju en Joaden kaam er wer frij.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jaffrennou waard yn 1879 berne yn Carnoët, yn it Frânske departemint Côtes-du-Nord (no Côtes-d'Armor), dat ûnderdiel útmakket fan Bretanje. Hy kaam út in begoedige sosjaal fermidden. Syn heit, Hernin Jaffrennou, wie notaris. Syn mem, Anna Ropars, kaam fan Bolazec. Jaffrennou learde nei de middelbere skoalle troch en studearre rjochten.

As jongeman fan 21 jier joech Jaffrennou him by de Bretonske Regionalistyske Uny (URB), in nasjonalistyske politike partij, dy't yn augustus 1898 yn Morlaix oprjochte waard troch Régis de l'Estourbeillon mei Anatole Le Braz as earste foarsitter. Jafffrennou waard sekretaris fan 'e ôfdieling fan 'e URB dy't wijd wie oan 'e Bretonske taal en literatuer. Fan 1898 oant 1899 wurke er as sjoernalist foar de krante La Résistance yn Morlaix, wêrfoar't er in bledside oer Bretonske literatuer skreau.

Mei tweintich oare Bretonnen brocht Jaffrennou op 18 july in besyk oan 'e Eisteddfod, in Welsk kultureel festival yn Cardiff, dêr't er yntrodusearre waard as Taldir ap Hernin ("Taldir Hernins"). It wie om dyseldichste snuorje hinne, dat er it Welske nasjonale folksliet Hen Wlad fy Nhadau oersette nei it Bretonsk as Bro Gozh ma Zadoù (beide titels betsjutte "Lân fan myn Foarfaars"). Hy publisearre dy fertaling yn 1898 yn La Résistance. Neitiid ûntjoech Bro Gozh ma Zadoù him ta it nasjonale folksliet fan Bretanje.

Yn oktober 1899 ferfear Jaffrennou nei Rennes, dêr't er yn 'e kunde kaam mei de haadredakteur fan it doe krekt oprjochte tydskrift L'Ouest-Éclair. Dêryn publisearre er neitiid twa kollumns yn it Bretonsk. Inkele moannen letter rjochte Jaffrennou de Federaasje fan Bretonske Studinten op. Hy gie yn it Frânske Leger om syn tsjinstplicht te ferfoljen, wêrfoar't er legere wie te Guingamp.

Fierder aktivisme foar Bretanje en it Bretonsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1901 rjochte Jaffrennou tegearre mei Jean Le Fustec de Goursez Vreizh op, de neo-druïdistyske bruorskip fan druïden en barden, dy't mear rjochte wie op 'e dichtkeunst fan 'e barden as it moderne heidendom fan 'e neo-druïden. Tsjin dy tiid hie Jaffrennou syn stúdzje rjochten mei goed gefolch ôfrûne, mar hy soe nea praktisearjend abbekaat wurde. Ynstee rjochte er mei de drukker Alexandre Le Goaziou it tydskrift Ar Vro ("De Naasje") op, wêrfan't de earste edysje op 1 maart 1904 útkaam. Nei't se yn Carhaix in eigen drukkerij iepene hiene, begûnen se ek it twatalige (Frânsk-Bretonske) nijsbrief Ar Bobl ("It Folk") út te jaan, dat oant 1914 fuortbestie.

Jaffrennou studearre troch, mar dan yn 'e letterkunde. Yn 1913 behelle er dêryn syn doktoraat foar in proefskrift dat er yn it Bretonsk oer de Bretonsktalige auteur Prosper Proux skreau. Yn 'e Earste Wrâldoarloch tsjinne er oan it Westfront yn it Frânske Leger.

Doe't er nei de oarloch weromkearde nei Carhaix, ferkocht er syn oandiel yn 'e drukkerij. Hy bleau lykwols belutsen by de URB en wurke yn 1923 mei oan it tydskrift La Bretagne libertaire. Yn 1926 rjochte er An Oaled op, in nijsbrief dat ienris yn it fearnsjier ferskynde en regionalisme en bardisme útdroech yn sawol it Frânsk as it Bretonsk. Dêr gied er oant syn dea yn 1956 mei troch, útsein in ûnderbrekking yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Dêrnjonken skreau Jaffrennou ek withoefolle artikels en teffens toanielstikken en boeken, lykas An Hirvoudou (1899), An Delen Dir (1900) en Breiziz (1911).

Politike skelen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hiele 1930-er jierren troch wie Jaffrennou iepentlik deilis mei de ekstremistyske fleugel fan 'e Bretonske Nasjonale Partij (PNB), dy't oanfierd waard troch Olier Mordrel en François Debeauvais. Der wiene ferskate striidpunten tusken harren, te witten: de nije Bretonske flagge (de Gwenn-ha-Du), de juste stavering fan it Bretonsk en fral de fraach oft Bretanje him fan Frankryk besykje moast ôf te skieden, of dat it stribje moast nei autonomy binnen it Frânske steatsbestel. Yn it regionalistyske tinken fan Jaffrennou moast Bretanje in autonome regio yn Frankryk wurde, wylst Mordrel-en-dy separatistyske ideeën hiene en fan Bretanje in ûnôfhinklik lân meitsje woene. De rûzje waard útfochten yn in lange rige artikels dy't yn An Oaled publisearre waarden.

Yn deselde snuorje, ntl. yn 1933, waard Jaffrennou ek oansteld as de nije aartsdruïde fan 'e Goursez Vreizh, in funksje dy't er oant 1955 útoefenje soe.

Twadde Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1939 de Twadde Wrâldoarloch útbriek, hold Jaffrennou der pro-Britske en anty-Dútske tinkbylden op nei. Yn desimber 1940, nei de Frânske kapitulaasje, kaam er lykwols ta oerienstimming mei maarskalk Philippe Pétain, it haad fan it Frânske Vichy-rezjym, dat mei de nazys kollaborearre. Foar it Vichy-regear naam er letter sit yn 'e Bretonske Advyskommisje (1942), wêrmei't er de politike, ekonomyske en kulturele rjochten fan 'e Bretonnen yn 'e drege en gaoatyske oarlochsjierren besocht feilich te stellen.

Underwilens liet Jaffrennou syn regionalistyske ideeën farre, dy't er yn it ljocht fan 'e oarlochsûntwikkelings no as "âlderwetsk en efterhelle" beskôge. Yn 1941, doe't it tritichjierrich bestean fan 'e PNB fierd waard, joech Jaffrennou him by dy partij. Ek hy stie no folsleine ûnôfhinklikheid fan Bretanje foar. Dêroer publisearre er tenei yn l'Heure Bretonne, it pro-Dútske nasjonalistyske blêd fan Mordrel en Debeauvais.

Nei de befrijing fan Bretanje en oare dielen fan Noard-Frankryk, yn 'e simmer fan 1944, waard Jaffrennou op 7 augustus 1944 troch leden it Frânske ferset arrestearre op fertinking fan kollaboraasje, bannen mei it Vichy-rezjym en Bretonsk separatisme. Hy waard mei gauwens wer frijlitten, mar op 10 augustus waard er fannijs oppakt. Nei koart fêstholden te wêzen yn it Château Lancien yn Carhaix, waard er nei se Saint-Charlesfinzenis yn Quimper oerbrocht, dêr't er hast tsien moannen finzen bleau. Begjin juny 1945 waard er oerpleatst nei Mesgloaguen, in oar tichthûs.

Op beskuldiging fan kollaboraasje mei de nazys, aktiviteiten dy't de nasjonale ferdigening fan Frankryk skea tabrocht hiene en it ferrieden fan fersetslju waard Jaffrennou foar de rjochter brocht. In M. Baudet-Germain, dy't ûnder it Vichy-regear sekretaris-generaal fan 'e regionale prefektuer yn Rennes west hie, bewearde nammentlik dat hy persoanlik in brief fan Jaffrennou ûntfongen hie wêryn't dy de fersetslieder Adolphe Le Goaziou oanjoech. Neffens Baudet-Germain hied er it orizjineel fan dat brief ferneatige nei't er it oerskreaun hie. Doe't him frege waard syn kopy te produsearjen, seid er dat er dy ek ferneatige hie. Der bestie sadwaande gjin inkeld fysyk bewiismateriaal fan ferrie troch Jaffrennou, mar de beskuldiging fan Baudet-Germain wie genôch om him feroardiele te krijen ta fiif jier finzenisstraf en konfiskaasje fan in fjirdepart fan syn besittings.

Dêrtsjin kaam Le Goaziou sels yn ferset, dy't nei de befrijing foarsitter fan it befrijingskomitee yn it departemint Finistère wurden wie. Hy sei dat er altyd goed mei Jaffrennou kinnen hie en net twifele oan syn oprjochtens. Relevanter wie syn opmerking dat hy (Le Goaziou) earder arrestearre wie as dat Jaffrennou him by Baudet-Germain oanjûn hawwe soe. De plysje fan Quimper wie yn in offisjeel rapport ta deselde konklúzje kommen.

De ferneamde Eastenrykske Joadske skriuwer Leo Perutz, dy't in earelid fan 'e Goursez Vreizh wie, skreau twa brieven wêryn't er pleite foar Jaffrennou: de iene nei de prokureur-generaal fan it Hof fan Berop yn Rennes op 16 july 1945, en de oare oan generaal Charles de Gaulle op 1 oktober 1945. As gefolch fan ynternasjonale druk dy't op it nije Frânske regear útoefene waard, benammen troch it Feriene Keninkryk en Joadske ynstânsjes yn Britsk-Palestina, krige Jaffrennou yn 1945 foarearst amnesty, dy't yn 1946 troch premier Georges Bidault definityf makke waard.

Ballingskip en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jaffrennou kearde, nei't er frijlitten wie, nea mear werom nei Bretanje, hoewol't er fan 1947 oant 1955 as aartsdruïde wol de liederskip fan 'e Goursez Vreizh wer op him naam. Hy sette him lykwols nei wenjen yn Le Mans, yn Maine, en letter loek er him werom yn Bergerac, yn Akwitaanje. Dêr kaam Jaffrennou op 23 maart 1956 te ferstjerren, alve dagen nei syn 77e jierdei. Hy waard begroeven yn Carhaix.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.