Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Augustus Oktavianus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Imperator Caesar Augustus)

Augustus Oktavianus (Rome, 23 septimber 63 f.Kr. - Nola, 19 augustus 14 n.Kr.) wie de earste princeps (fergelykber mei "keizer") fan Rome. Troch hieltyd mear ferskate foegen fan republikeinske magistraten nei him ta te lûken krige hy it feitlik bewâld oer Rome yn hannen.

As efterneef en foarnaamste erfgenamt fan Gaius Julius Caesar (Julius Caesar) wûn er de machtsstriid dy't folge op de moard op Caesar yn it jier 44 f.Kr. en kaam yn 31 f.Kr. as ienige libjend út de striid. Sûnt 27 f.Kr. soed er as princeps (earste boarger) de leie fan it Imperium Romanum yn hannen hâlden. Troch syn oerwinning makke hy in ein oan in iuw fan Boargerkrigen en stifte yn it dêropfolgjend tiidrek de Julysk-Klaudyske dynasty. Under it mom dat er de republyk werom bringe soe (restitutio rei publicae) feroare hy stadichoan de Romeinske steat om ta in monargy (principaat). Syn hearskappij soe de oanset foarmje foar in lange tiid fan ynterne frede.

Buste fan Augustus

De opkomst fan Augustus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan Caesar loekt earst de Romeinske steats- en kriichsman Markus Antonius de macht nei him ta, mar rekket al gau yn konflikt mei de Romeinske senaat dy't Oktoavianus de erfgenamt fan Caesar stipje. In koarte boargerkriich brekt út dêr't Oktavianus, Antonius yn wit te ferslaan by Mutina (43). As Oktavianus fuort dernei sels yn konflikt komt mei de senaat slút er mei Antonius en Lepidus in ferbûn, it saneamde Twadde Trijemanskip (43).

Yn 40 komt it ta in ferdieling fan it Ryk; Antonius kriget it easten, Oktavianus it westen, Lepidus Afrika. Lepidus wurdt yn 36 út it Trijemanskip set. Troch de relaasje fan Atonius mei Kleopatra en syn optreden as easterske foarst komt it tusken de oare twa ta in nij konflikt, dat einiget mei de besetting fan Aleksanderje yn 30. Antonius en Kleopatra pliigje selsmoard.

Augustus as princeps

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 29 keart Oktavianus yn Rome werom en nimt de earetitel imperator oan. Op 13 jannewaris 27 kundicht hy it werstel fan de republyk ôf; op 16 jannewaris jout de Senaat him de titel Augustus. De republikeinske foarm fan it Ryk ferhoalen lykwols in monargy dy't in hiel bot autokratysk karakter draacht.

Bûtenlânske polityk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utwreiding fan it Ryk bûten de al earder berikte natoerlike grinzen (Eufraat, Donau, Ryn, Atlantyske Oseaan en Sahara wurde troch Augustus net neistribbe. Syn fierdere regear wie foar Rome in tiidrek fan frede dêr't keunsten en wittenskip in grutte bloei trochmakken.