Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Jabba de Hutt

Ut Wikipedy
Jabba de Hutt
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Jabba Desilijic Tiure
sekse manlik
soarte personaazje Hutt
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt gangster
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Han Solo
Chewbacca
Boba Fett
prinsesse Leia
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1983

Jabba de Hutt (útspr.: [ˈʤɑbɑ], likernôch "dzjab-ba"), folút: Jabba Desilijic Tiure, is in ferneamd fiktyf personaazje en in ikoanyske smjunt út 'e Star Wars-franchise, betocht troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in gangster en it haad fan in misdiesyndikaat op 'e planeet Tatooine "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Jabba heart ta de Hutts, in ras fan grutte slakeftige bûtenierdske wêzens. Hy waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). Yn dy film wurdt Jabba foarstelt as de belicheming fan lust en ynklauwerigens as er bûtenierdske slavinnen mei keatlings healneaken oan syn troan fêstmeitsje lit. Hy waard spile troch in trio poppespilers yn in pop dy't letterlik in ton weage. Syn karakteristyk djiptoanich stimlûd waard ynsprutsen troch stimakteur Larry Ward yn it Hutteesk, in fiktive taal ûntwurpen troch lûdstechnikus Ben Burtt.

Jabba de Hutt wurdt yn 'e Star Wars-franchise foarsteld as in obese gangster en de ûnbekreaude lieder fan in misdiesyndikaat dat de tsjinst útmakket op 'e planeet Tatooine. Hy sjocht derút as in groteske reuzeslak of -wjirm en is troch science fiction-auteur Jeanne Cavelos "it walchlikste bûtenierdske wêzen" fan it wite doek neamd. Syn fretterigens, ynklauwerigens en lust lykje ûnbedimber te wêzen. Hy is ek tige wreedaardich; sa fuorret er yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi de Twi'lek-slavinne Oola oan syn rancor. Oan 'e oare kant lit er yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars oprjochte noed om en leafde foar syn soan Rotta blike, as dy ûntfierd wurdt. It liket der sterk op dat betinker George Lucas de namme fan it personaazje ûntliend hat oan oare talen, mei't жаба, zjaba, it Russyske en Oekraynske wurd foar "pod" is, wylst حُوت ḥūt, Arabysk is foar "fisk" of "walfisk".

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Episode VI – Return of the Jedi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jabba de Hut waard oarspronklik yntrodusearre yn it trêde diel fan 'e orizjinele Star Wars-trilogy, de film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, út 1983. Dêryn hâldt er yn syn haadkertier anneks paleis op Tatooine de progagonist Han Solo finzen, dy't earder (yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back) troch Darth Vader ynferzen is yn 'e fiktive stof karbonyt. Han is in smokkelder en hy hat in lading kontrabande, dy't er yn opdracht fan Jabba ferfierde, yn 'e romte útsmite moatten om't er pakt drige te wurden. Dat betsjutte dat er Jabba de priis fan 'e smokkelwaar skuldich wie, en doe't er dat net betelje koe, sette Jabba him in priis op 'e holle, dy't de preemjejager Boba Fett mar al te graach ynkassearje woe. Jabba brûkt de ynferzen Han no as in wandornamint.

Mar Han hat freonen dy't net rêste oant se him befrijd hawwe. De Jedi Luke Skywalker stjoert de beide androïden R2-D2 en C-3PO nei Jabba ta mei in boadskip wêryn't er om 'e frijlitting fan Han freget, mar Jabba beslút de beide robots te hâlden. Dan ferskynt der in Ubeeske preemjejager by Jabba oan 'e doar, dy't de finzen Wookiee Chewbacca meifiert, de ko-piloat fan Han Solo. It docht lykwols bliken dat de preemjejager prinsesse Leia yn momkape is. Hja wit Han te ûntteien, mar wurdt dan trappearre en sels ek finzen nommen. Jabba lit har yn in metalen bikiny mei in grou keatling oan syn troan fêstklinke. Dan ferskynt Luke Skywalker sels, dy't syn easken foar de frijlitting fan syn freonen werhellet. Jabba stegeret him ôf en smyt him yn in put dêr't er syn húsdier hâldt, in reuseftige rancor. It bist besiket Luke op te fretten, mar Luke deadet it, ta argewaasje fan Jabba.

Jabba feroardielet dan Luke, Han en Chewbacca ta de deastraf, dy't er útfiere litte wol troch harren oan 'e sarlacc fan it Grutte Gat fan Carkoon te fuorjen, sadat se libben fertard wurde sille. De hiele hofhâlding wurdt op in swevend plezierjacht laden en set de woastyn yn. By de sarlacc oankommen, brekt Luke lykwols mei help fan R2-D2 los, wylst in oare freon fan Han, Lando Calrissian, de organisaasje fan Jabba as bewekker ynfiltrearre blykt te wêzen. Luke, Lando en de oaren meitsje koart wurk fan Jabba syn trewanten, fan wa't ferskaten yn 'e sarlacc trûdelje. Dat is ek it lot fan 'e preemjejager Boba Fett. Underwilens makket prinsesse Leia gebrûk fan it keatling dêr't se mei oan it tsjoar lein is, om Jabba te smoaren, dat er it bestjert.

Efter de skermen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om it uterlik fan Jabba wer te jaan, dy't winliken in ûnbidige slak of wjirm is mei lytse earmkes, waard foar Return of the Jedi in reuseftige pop boud, dy't likernôch in ton weage. Dêryn sieten trije poppespilers, Toby Philpott, David Barclay en Mike Edmonds, fan wa't ien de rjochterearm en de mûle beweegde, in oaren de lofterearm en de ûnderkinnen en de trêde de útein fan 'e sturt. In fjirde poppespiler befûn him earne boppe de pop en liet mei toutsjes de eagen iepen en ticht gean.

De dialooch fan Jabba waard ynsprutsen troch stimakteur Larry Ward. It djiptoanige, droanjende lûd fan Jabba syn stim waard berikt troch it stimlûd fan Ward yn 'e lûdsmixing in oktaaf te ferleegjen en it troch in subharmonyske generator te heljen. Jabba sprekt yn 'e film inkeld Hutteesk, in fiktive taal dy't ûntwurpen waard troch lûdstechnikus Ben Burtt.

Episode IV – A New Hope

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), waard Jabba yn 'e oarspronklike ferzje inkeld neamd. It senario befette in sêne wêryn't Han Solo op Tatooine yn 'e delsetting Mos Eisley in moeting mei Jabba hat. Jabba easket kompinsaasje foar de smokkelwaar fan sines dy't Han dumpe moatten hat, en Han ûnthjit dat er Jabba werombetelje sil sadree't hy en Chewbacca harren passazjiers Obi-Wan Kenobi, Luke Skywalker, R2-D2 en C-3PO nei Alderaan brocht en dêrfoar betelle krigen hawwe. Jabba stimt dêrmei yn, mar drigemintet dat er in hege preemje op Han syn holle sette sil as Han him net oan 'e ôfspraak hâldt. De sêne wie bedoeld om út te lizzen wêrom't Jabba yn The Empire Strikes Back efter Han oan sit en om as brechje te fungearjen tusken A New Hope en Return of the Jedi.

De sêne waard yn 1976 opnommen mei de Noardierske akteur Declan Mulholland as in stand-in foar Jabba. Regisseur George Lucas liet Mulholland in hierrich brún kostúm drage, mei't er him de Hutts oarspronklik foarstelde as hierrige wêzens, dy't wol wat op Wookiees lieken. It wie de bedoeling om 'e ferskining fan Mulholland yn 'e postproduksje troch tapassing fan special effects fierder oan te passen. By de filmmontaazje besleat Lucas letter lykwols om 'e sêne fuort te dwaan, in beslút dat foar in diel ynjûn wie troch budgetêre beheinings en tiidneed, mar ek om't er fûn dat de sêne eins neat oan 'e film bydroech. Yn 'e remastere special edition fan A New Hope, dy't yn 1997 útkaam, waard de sêne lykwols àl ynpast. Sadwaande wie dat de twadde kear dat Jabba op it wite doek te sjen wie.

Episode I – The Phantom Menace

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy is Jabba de Hutt inkeld koart te sjen yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), dy't 36 foar syn dea yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spilet. Yn dizze film is Jabba earegast by de race yn Mos Espa, op Tatooine, dêr't de njoggenjierrige Anakin Skywalker oan meidocht. Hy jout opdracht foar de start, en falt dêrnei al rillegau yn 'e sliep, sadat er de ein fan it evenemint mist. Op 'e ôftiteling fan The Phantom Menace wurdt by túltsjes fermeld dat Jabba de Hutt troch himsels spile wurdt, mar eins waard er skepen mei special effects en waard syn stim ynsprutsen troch Scott Schumann.

Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) komt Jabba de Hutt net foar, en yn 'e op harsels steande Star Wars-films Rogue One (2016) en Solo (2018) likemin, hoewol't der yn dy lêste film nei him ferwiisd wurdt as de mentor fan Han Solo, Tobias Beckett, Han útnûget om oan it wurk te gean foar "in machtige gangster" op Tatooine. Oan 'e ein fan 'e film beslute Han en Chewbacca om op dat oanbod yn te gean.

Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) wurdt Rotta, de jonge soan fan Jabba de Hutt (ynsprutsen troch Kevin Michael Richardson), ûnder de Kloane-oarloggen ûntfierd troch de Sith greve Dooku yn gearwurking mei de ferriedlike Ziro de Hutt, in omke fan Jabba. Dyselden besykje dêrmei Jabba tsjin 'e Galaktyske Republyk op te setten troch de skuld foar de ûntfiering op 'e lea fan 'e Jedi te skowen. Wylst Anakin Skywalker en syn nije learling Ahsoka Tano besykje om it bern werom by syn heit te bringen, jouwe Obi-Wan Kenobi en Padmé Amidala lieding oan twa selsstannige ûndersiken om út te finen wa't de wiere ferantwurdliken binne. Anakin en Ahsoka witte by de weriening mei syn soan fan Jabba in frije trochtocht los te krijen foar romteskippen fan 'e Republyk dy't troch syn domein komme. As Padmé de belutsenens fan Ziro by de gearspanning bekendmakket, ûnthjit Jabba dat syn omke in passende straf krije sil.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e tillefyzje ferfolle it personaazje fan Jabba de Hutt in gastrol yn fjouwer ôfleverings fan 'e Star Wars-tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Dat wiene de ôfleverings Sphere of Influence, Evil Plans en Hunt for Ziro út it trêde seizoen en de ôflevering Eminence út it fyfde seizoen. Yn alle ôfleverings waard de dialooch fan it personaazje ynsprutsen troch Kevin Michael Richardson.

Jabba de Hutt spilet ek in rol yn in diel fan 'e Star Wars-romans. Yn 'e roman foar jongfolwoeksenen Zorba the Hutt's Revenge (1992), fan Paul en Hollace Davids, wurdt de heit fan Jabba identifisearre as in machtige gangster dy't Zorba hjit. Yn itselde boek komt ek oan it ljocht dat Jabba 596 jier foar de foarfallen yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope berne is, wat betsjutte soe dat er likernôch 600 jier âld is wannear't er troch prinsesse Leia yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi út 'e ljochten holpen wurdt.

Yn 'e ferhalebondel Tales from Jabba's Palace (1996), ûnder redaksje fan Kevin J. Anderson, drage ferskate auteurs yn 'e foarm fan koarte ferhalen stikjes en brokjes by oan 'e eftergrûn fan Jabba de Hutt. Dat dogge se troch elts in oarenien fan syn hantlangers as haadpersoan te nimmen en harren relaasjes mei him te beskriuwen yn 'e lêste dagen foar syn dea. It docht dêrút bliken dat mar in inkeling fan syn trewanten wier trou oan him is, en dat in protte fan syn hantlangers op it stuit fan syn dea har eigen plannen útbriede om him om hals te bringen. Nei syn ûnbeskriemd ferskieden sykje de oerlibjende leden fan syn hofhâlding emploai by oare Hutts op Tatooine, dy't by syn libben syn rivalen wiene, wylst syn famylje op Nal Hutta, de thúswrâld fan 'e Hutts, besiket en lis beslach op syn besittings.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope personaazje ûntbrekt yn 'e oarspronklike ferzje fan 'e film
Scott Schumann (stim) yn 'e special edition út 1997
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi Larry Ward (stim) en (Toby Philpott, David Barclay en Mike Edmonds (poppespul)
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace Scott Schumann (stim)
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars Kevin Michael Richardson
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono