Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kastiel fan Windsor

Ut Wikipedy
Kastiel fan Windsor
Windsor Castle
bouwurk
Kastiel fan Windsor
Kastiel fan Windsor
lokaasje
lân Grut-Brittanje
Flagge fan Ingelân, yn Grut-Brittanje Ingelân
Greefskip Berkshire
plak Windsor
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
boujier 1070
boustyl Fiktoriaansk,
Georgiaansk,
Gotyk

It Kastiel fan Windsor (Ingelsk: Windsor Castle) is in kastiel yn it Ingelske stedsje Windsor (yn it greefskip Berkshire). It is ien fan de residinsjes fan it Britske Hôf en de Britske keninklike famylje ferbliuwt hjir geregeldwei.

It kastiel fan Windsor wurdt al hast 950 jier bewenne en is op 't heden it grutste noch bewenne kastiel fan 'e wrâld. It oerflak beslacht goed 450 are (45.000 kante meter). De measte foarsten brûkten it as twadde wenning, omdat sy der de foarkar oan joegen yn Buckingham Palace yn Londen te wenjen. Guon, wêrûnder kening George IV, brûkten it ek as har haadferbliuwplak. Sûnt 1917 draacht it Britske keninklik hûs ek de namme Windsor.

It kastiel waard yn 1070 boud yn opdracht fan Willem de Oermasterder, as ferdigeningsboarch. Dêrnei is it gâns feroare en útwreide, nei de modernere noaden fan de tiid. Yn syn hjoeddeiske foarm waard it boud yn de tiid fan Hindrik II en Hendrik III (ein 12e en begjin 13e iuw). Under kening Edwert III (14e iuw) waard it útboud ta keninklike residinsje. Edwert IV liet de Sint-Joariskapel of St George's Chapel (1475-1528), yn de styl fan de Ingelske gotyk bouwe.

Grutte brân 1992

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plattegrûn fan it kastiel
A: De rûne toer
B: De boppeste wyk, It fjouwerkânt
C: De steats apparteminten
D: Privee apparteminten
E: Súd fleugel
F: De legere wyk
G: Sint-Joariskapel
H: Hoefizer kleaster
K: King Henry VIII poarte (Haadyngong)
L: De lange gong
M: De Normandyske poarte
N: Noard Terras
O: Edward IV Toer
T: De jûnsklok Toer

Op 20 novimber 1992 bruts yn de Private Chapel (tusken C en D op njonkensteande plattegrûn) om it middeisoere hinne brân út. Der ûntstie in soad skea oan de grutte steats fertrekken yn de boppeste wyk; goed 100 sealen en salons waarden skansearre. Undersyk wiisde út dat de brân ûntstien wie trochdat in gerdyn, nei lang yn oanrekking west te hawwen mei in lampe, flam fette. De gefolgen wiene rampsillich: it midsiuwske dak bynt fan de Sint-Joaris seal stoarte folslein yn en grutte skilderijen giene ferlern omdat se net ferpleatst wurde koene. De restauraasje naam fiif jier yn beslach. 70 persint fan de kosten foar de restauraasje waarden byinoar brocht troch parten fan it kastiel en Buckingham Palace, foar it earst yn de skiednis iepen te stellen foar it publyk.

It kastiel bestiet út twa grutte dielen, skieden troch de grutte middeltoer (rûne toer); yn de toer is in part fan de keninklike kolleksje en de keninklike argiven húsfeste. Op dizze toer wapperet de Grutte Keninklike Standert (6×8 meter) as de monarch der ferbliuwt; is er der net, dan wurdt de flagge fan it Feriene Keninkryk hise. Oan de iene kant leit de legere wyk, mei de Sint-Joariskapel, dêr't de thúsbasis leit fan de Oarder fan de Hoasbân. Oan 'e oare kant, yn 'e boppeste wyk, lizze benammen de privee-fertrekken fan 'e keninklike famylje; ek lizze der steatsfertrekken dy't brûkt wurde foar steatsbanketten, û.o.de St. George's Hall dy 't 55,5 meter lang is en 9 meter breed.

Histoaryske foarfallen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]