Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Keinens

Ut Wikipedy
In faam ôfbylde mei in skyltsje moanne as teken fan keinens.

Keinens of keinheid (miskien better bekend ûnder de Nederlânske namme kuisheid) is in eigenskip fan in persoan dy't yn algemiene sin ferwiist nei moreel gedrach en deugdsumens, almeast yn it ramt fan 'e foarskriften fan 'e hearskjende religy. Yn 'e Westerske wrâld, dy't oant fier yn 'e tweintichste iuw eksplisyt dominearre waard troch it kristendom, is keinens sterk assosjearre rekke mei seksuële ûnthâlding, yn 't bysûnder foar en bûten it houlik.

Yn it kristendom wurdt keinens fan âlds beskôge as ien fan 'e sân deugden, en ek yn 'e oare abrahamityske godstsjinsten, te witten it joadendom en de islaam, wurdt it fan âlds sjoen as in tige positive eigenskip. Dêrby waard yn alle trije neamde religyen foarhinne faak (en no noch wol) ûnderskie makke tusken manlju en froulju: foar manlju wurdt keinens as prizensweardige eigenskip sjoen, wylst it foar froulju faak bittere needsaak is om net ferstjitten of sels it slachtoffer fan earwraak te wurden. Fierders is in ûnthjit fan keinens ek ien fan 'e trije kleasterûnthjitten (njonken de ûnthjitten fan earmoede en hearrigens) dy't geastliken fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ôflizze by harren yntrede. Yn 'e sekuliere Westerske maatskippij hat keinens foar de measte minsken, yn 't bysûnder foar de jongere generaasjes, in frijwat negative lading krigen.

Keinens yn 'e ikonografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e kristlike ikonografy wurdt de keinens symbolisearre troch it moanneskyltsje, it earste rântsje fan in opgeande moanne. Yn byldhouwurken yn goatyske tsjerkegebouwen is ek de wale in symboal foar keinens. Noch wer in oar symboal is de palmtûke dy't droegen wurdt troch martelderessen dy't noch faam binne. De personifiëarre keinens fertrapet in wyld swyn dat symboal stiet foar de gleonens, it tsjinstelde fan 'e keinens.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.