Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Kjûsjû

Ut Wikipedy
De lizzing fan Kjûsjû yn Japan.

Kjûsjû, ek wol stavere as Kyushu (Japansk: 九州, Kyūshū), is it op twa nei grutste eilân fan Japan, dat lykwols nei Honsjû de grutste befolking hat. De namme betsjut letterlik "njoggen provinsjes". Fan âlds waard dit eilân ek wol Kyūkoku ("njoggen steaten"), Chinzei ("it westen fan it pasifisearre gebiet") en Tsukushi-no-shima ("it eilân Tsukushi") neamd.

Kjûsjû is it meast súdwestlike fan 'e fjouwer haadeilannen fan Japan. It wurdt fierhinne omsletten troch iepen see: de Strjitte fan Koreä yn it noardwesten, de Eastsineeske See yn it westen en súdwesten en de Stille Oseaan yn it suden en súdeasten. Yn it easten wurdt it troch de Strjitte fan Bungo-suido skaat fan Sjikokû, en yn noardeasten en noarden troch de Japanske Binnensee en de Strjitte fan Kanmon fan Honsjû. Mei dat lêste eilân is Kjûsjû ferbûn troch de Kanmonkyo-brêge en de Kanmontunnel.

Utsjoch op 'e stêd Nagasaki.

Kjûsjû hat in oerflak fan 35.640 km², wat delkomt op 9,4% fan it Japanske grûngebiet. It is in bercheftich eilân, en omfiemet û.m. de berch Aso, mei in hichte fan 1.591 m, dat de aktyfste fulkaan fan Japan is. It heechste punt is de berch de Kuju, mei in hichte fan 1.788 m. Kjûsjû is fierders ferneamd om syn waarmwetterboarnen, fral dy yn 'e omkriten fan Beppu, dêr't minsken op ôfkomme om't it wetter in genêskrêftige wurking hawwe soe. It súdlike diel fan Kjûsjû hat in subtropysk klimaat.

Yn 2006 hie Kjûsjû in befolking fan goed 13,2 miljoen minsken, dy't foar it meastepart yn 'e relatyf smelle stripe leechlân by de kusten lâns wenje. De befolkingstichtens fan it eilân komt út op 332,4 minsken de km², mar dat is in gemiddelde, dat yn it binnenlân folle leger leit en by de kust lâns folle heger. De grutste stêd fan Kjûsjû is Fukuoka. Oare grutte stêden binne Kitayushu, Oita, Miyazaki, Kagoshima en Kumamoto. It bekendst is lykwols Nagasaki, dat ien fan 'e beide stêden is dêr't de Amerikanen yn 'e Twadde Wrâldoarloch in atoombom op smieten. Bestjoerlik is Kjûsjû ferdield yn twa regio's, dy't mei-inoar sân prefektueren (sis mar provinsjes) omfetsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.