Kompanjy (militêre ienheid)
In kompanjy (fan it Frânske compagnie) is in militêre ienheid besteande út 80-250 (mar meastal út 100-150) manskippen ûnder befel fan in majoar of in kaptein. In âlde namme foar in militêre ienheid fan dizze grutte is in findel. Fjouwer of mear kompanjyen, yn 'e mande mei in stêfkompanjy, foarmje in bataljon. Foarhinne wiene kompanjyen ek wol ûnderferdielings fan in rezjimint. In kompanjy kin sels ornaris ûnderferdield wurde yn seis pelotons (hoewol't it presize oantal fan lân ta lân ferskilt). Kompanjyen komme benammen foar by de ynfantery en ferlykbere kriichsmachtûnderdielen, lykas it marinierskorps. De kavalery brûkt de fierhinne ekwivalinte term eskadron.
Sûnt de Aldheid hawwe de measte legers in ûnderferdieling yn ienheden fan likernôch hûndert man brûkt. It bekendste is op dat mêd sûnder mis de Romeinske sintuerje (of 'hûndertman'), dy't oanfierd waard troch in ofsier dy't in sintuerion neamd waard. De kompanjy as sadanich ûntstie foar it earst ûnder de reorganisaasje fan it Sweedske leger troch kening Gustaaf II Adolf yn 1631. Dêrby waarden kompanjyen fan 150 man gearstald, dy't yn rezjiminten fan acht sokke ienheden ûnderbrocht waarden. Dat systeem waard neitiid oernommen troch de legers fan 'e measte oare Westerske lannen. Letter waarden ynfanterykompanjyen gearbrocht yn bataljons, dy't yn 'e mande mei kavalery- en artillery-ienheden in brigade foarmen.
Doe't der tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw repeteargewearen en letter mitrailleurs en hângranaten ynfierd waarden as wapens foar de ynfantery, moasten gefjochtsformaasjes fanneeds sterk ferspraat operearje, wat geandewei de tweintichste iuw makliker makke waard troch it gebrûk fan radiokommunikaasje. Dêrtroch koene relatyf lytse oantallen manskippen in folle gruttere fjoerkrêft en gefjochtseffisjinsje ûntwikkelje as dat earder mooglik wie. De omfang fan 'e kompanjy as militêre ienheid is lykwols itselde bleaun, mooglik om't oantoand is dat minsken it bêste fjochtsje (mar ek libje, wurkje, sosjalisearje, ensfh.) yn organisaasjes fan omtrint 150 leden. Wat der feroare is, is dat de pelotons dy't mei-inoar in kompanjy foarmje no folle selsstanniger operearje as foarhinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|