Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Laksjmy

Ut Wikipedy
Laksjmy, lykas wenst ôfbylde op in loatusblom
Laksjmy en Fisjnû op 'e rêch fan Garûda

Sjry Laksjmy, soms ek Mahalaksmy (Sanskryt: लक्ष्मी lakṣmī) is de hindûgoadinne fan ljocht, rykdom en lok, mar ek fan skientme, moed, fruchtberens en leafde. Se wurdt beskôge as de mem fan it universum yn it hindoeïsme en wurdt fereare mei it jierlikse ljochtfeest, Diwaly.

Oare nammen fan Lakshmi binne: Haripriya (leafste fan Hary), Padma (loatus), Padmalaya (wenjend op in loatus), Jaladhija (berne út 'e oseaan), Sjansjala (ritige), Karysin (ryk oan dong, as fruchtberens goadinne fan 'e ierde) en Lokamata (mem fan 'e wrâld).

Berte en houlik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de goaden de oseaan fan molke tsjernen om de godlike drank amrita te meitsjen, riisde Laksjmy út it wetter op en waard Fisjnû syn frou. Se kaam op as ien fan 'e fjirtjin 'kostbere byprodukten' fan it tsjernjen fan 'e Oseaan fan Molke. Sawol Sjiva as Fisjnû woene har, mar Sjiva hie de moanne al opeaske en doe't er Laksjmy net krige, slokte er it fergif dat frijkaam by it tsjernjen op. Dat is hoe't Sjiva de skepping rêde fan ferneatiging. Yn in protte boarnen is se lykwols de dochter fan Brigû en flechte de oseaan yn doe't de goaden út 'e himel ferdreaun waarden.

Laksjmy is de sjakty (enerzjy) en frou fan Fisjnû, de god fan wolfeart en ûnderhâld (de beskermer en behâlder). Se hat ferskate avatars, wêrûnder Sita (yn dy foarm troude hja mei Rama) en Rukminy (mei Krisjna). Rama en Krisjna wiene beide avatars fan 'e Hindû god Fisjnû. De ferbyntnis tusken Krishna en Rukmini symbolisearret de relaasje tusken god en de siel. Ut de feriening fan Fisjnû en Laksjmy waard de leafdesgod Kama (begearte) berne. Hy sjit pylken út sûkerreid.

Laksjmy, mei har slanke mul en folle boarsten, wurdt sjoen as it froulike ideaal fan skientme. Se wennet yn 'e swietrokige blommekrânsen dy't yn 'e timpels te krijen binne en jouwe lok en wolfeart oan 'e drager. Soms wurdt it omskreaun as 'feroarlik of ritich', om't it lok likegau ferdwine kin as dat it komt. Se is benammen assosearre mei padma (de loatus), it symboal fan fruchtberens. Se wurdt faak ôfbylde sittend of steand op in loatus, mei of sûnder Fisjnû. Se wurdt meastentiids ôfbylde mei gouden hûd. Yn in populêre ôfbylding rêstet Fisjnû op de slange Ananta en Laksjmy massearret de fuotten fan har hear mei salve.

Goadinne Afrodite út Grykske mytology en Fenus út de Romeinske mytology dy’t ek berne waarden út de oeroseaan, wurde ôfbylde as jonge froulju en wjerspegelje lok, skientme en fruchtberheid. Boppedat is Fenus de mem fan 'e leafdesgod Amor (Kupido), dy't leafdespylken sjit.

  • C. Scott Littleton (2002), Mythologie, Nederlânske útjefte 2003, Librero, side 382