Makkingea
Makkingea | ||
De Weyert, Makkingea | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.030 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 16,59 km², wêrfan: - lân: 16,53 km² - wetter: 0,05 km² | |
Befolkingsticht. | 63 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 58' N 6° 13' E | |
Lokaasje Makkingea (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
dorpmakkinga.nl/ | ||
Kaart | ||
Makkingea is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, west fan Easterwâlde. It doarp hat likernôch 1023 ynwenners (1 jannewaris 2009). By it doarp lizze de buorskippen Bûteheidefjild, Legeduerswâlde, Hegeduerswâld, Twitel en Fenebuorren.
Makkingea hat 1.030 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp fierde yn 2008 it 600-jierrich bestean. Dat jubileumsjier soe op basis fan it neamen fan it doarp yn in oarkonde út 1408 oer in te beteljen skatting oan de biskop fan Utert keazen wêze. Neffens T.H. Oosterwijk yn syn boek Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen wurdt Makkingea lykwols net by dy doarpen neamd. Spahr van der Hoek skreau dat Makkingea yn dat jier noch ûnderdiel wie fan East-Nijeberkeap (it hjoeddeiske Nijeberkeap).[3][4] In oare boarne [5] neamt 1527 as it jier dat Mackinge foar it earst neamd waard, wylst K.F. Gildemacher yn Friese plaatsnamen it jiertal 1408 neamd as earste fermelding fan de nammefariant Mackinge.[6]
Wis is dat Makkingea yn 'e 15e iuw ûnstie as in boerestreek. It is in brinkdoarp, dat eartiids in soad te lijen hie fan oerstreamingen fan De Tsjonger. De Brink waard brûkt om kij en skiep by inoar te bringen en der stie ek in pomp. Nei alle gedachten krige Makkingea yn 1543 in tsjerke.[7] De âldste klok fan de oan Sint-Bonifatius wijde tsjerke datearret fan 1463 en it doarp wie yn alle gefallen yn de 16e iuw in selsstannich parochydoarp.
Yn 'e rin fan de 17e iuw gyngen in soad pleatsen oer yn hannen fan net-boeren. Yn 1698 besiet Augustinus Lycklama à Nijeholt 12 pleatsen, wylst de Franckena's der 7 besieten. It skaai Lycklama à Nijeholt hie yn Makkingea in let-midsiuwske state, dy't op it plak stie dêr't hjoeddedei it doarpshûs stiet en yn 1829 ôfbrutsen waard.[8] It hûs waard yn 1829 ôfbrutsen.
Makkingea wie yn de 17e iuw ûnderdiel fan de Fryske wetterline en dêr wie op in sânrêch in skâns. Op 24 en 25 augustus 1673 foelen Munsterske troepen de skâns oan. Striid hat der hast net west; dêr wie gjin oanfal ferwachte en de skâns hie gjin grutte besetting om in oermacht te wjerstean. De Fryske troepen moasten harren efter de Tsjonger weromlûke en ûnder de frjemde troepen hie de befolking te lijen fan ferskriklike wredens.[9].
Fan 1848 oant 1886 wie Makkingea it haadplak fan de gemeente Eaststellingwerf. Foar 1848 wie Aldeberkeap dat, mar Makkingea bleau net lang it haadplak want al yn 1886 waard in nij gemeentehûs yn Easterwâlde yn gebrûk nommen. Yn 1855 waard de dyk fan Makkingea nei de Trije Tolhekken oanlein. Belangryk foar it doarp wie ek it graven fan de Makkingeasterfeart nei de Tsjonger yn 1887. Yn 1914 krige it doarp in oansluting op de tram fan Easterwâlde nei Stienwyk. Sûnt 5 oktober 1947 waard allinne noch fracht oer dat trajekt ferfierd, foar it lêst yn septimber 1962. Oan dat spoar stie ek it yn 1894 stifte molkfabryk De Eendracht. It fabryk bleau oant 1984 bestean en waard letter ôfbrutsen om plak te meitsen foar hûzen.[10] Yn 1990 kaam dêr in keunstwurk fan Peter Hiemstra út Aldeberkeap ta neitins fan it fabryk, dat yn 2020 sloopt[11] en in jier letter ferfongen waard troch in nij keunstwurk fan deselde makker.[12]
Yn it doarp binne yn 1991 neffens nije ynsichten hast alle ferkearsboerden weihelle.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Oosterhuiswei stiet it Gritenenijhûs, it doarpshûs fan Makkingea. De bewenners wurde troch de doarpskrante Kermobri ynformearre. Makkingea hat in feriening Doarpsbelang.
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2009 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 294 | 1047 | 1053 | 999 | 890 | 797 | 1042 | 1042 | 1023 | 1015 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Berne yn Makkingea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Edo Johannes Bergsma (1862-1948), boargemaster Ynskedee
- Bauke Schuurer (1898–1980), waarnimmend boargemaster Drylts/Flylân
- Ike Nienhuis (1921-2001), koartebaanrydster
- Enno Mandema (1921–2010), heechlearaar ynwindige genêskunde
- Jan Kromkamp (1980-), fuotballer
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fan maart oant en mei oktober wurdt op de lêst saterdei fan 'e moanne ien fan de grutste rommelmerken fan it noarden organisearre.[13]
De Makkingeaster Aldjiersploech (MOP) organisearret eveneminten lykas:
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Bonifatiustsjerke datearret fan 1775.
- Oold Ark (museum)
- By it museum stiet De Weyert, in âlde nôtmûne út 1925.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sjoch: Strjitten yn Makkingea
Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jan Nijholt en Jan Oosterhof - Makkinga, haar geschiedenis van zes eeuwen (2008)
- Roelof Gorter - Dorpsgeschiedenis en Veldnamen (2013)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Eaststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Easterwâlde • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | ||
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd | ||
· · |