Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Haulerwyk

Ut Wikipedy
Haulerwyk
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Haulerwykster Feart yn Waskemar
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 3.195 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 10,38 km², wêrfan:
- lân: 10,30
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 308 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 03' N 6° 16' E
Offisjele webside
www.haulerwijk.nl
Kaart
Haulerwyk (Fryslân)
Haulerwyk

Haulerwyk is in doarp yn 'e gemeente Eaststellingwerf oan de noardkant fan de Tsjonger. It plak grinzet oan 'e provinsje Drinte en leit ticht by it punt dêr't de trije provinsjes (Grinslân, Fryslân en Drinte) byelkoar komme. Yn 1880 waard Haulerwyk in selsstannich doarp, dêrfoar waard de befolking by De Haule rekkene. Yn 2006 hat it doarp syn 250-jierrich bestean fierd. Haulerwyk hat trije buorskippen: Elleboog, Koudenburch en Rolpeal. Haulerwyk is ien fan de doarpen fan Eaststellingwerf dêr't it Frysk de fiertaal is.

Haulerwyk hat 1.605 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp is ûntstien yn it jier 1756 en hat syn bestean te tankjen oan it ûntginnen fan it fean, dat yn dit gebiet op grutte skaal plak fûn hat. De oanlis fan de Haulerwykster Feart út Waskemar (dat doe noch Beneden-Haulerwyk hiet) wei nei Boppe-Haulerwyk (tsjintwurdich Haulerwyk) hat yn 'e earste jierren foar de tagonklikens fan it gebiet soarge. Troch de ferbining fan dy feart mei Drachten en Assen koe eartiids it stutsen turf mei in snikke ferfierd en ferkocht wurde. De bewenners hiene it tige earm mar opskuor lykas yn Appelskea hat der net west. Faaks hie dat te krijen dat de feanterij al yn de jierren 1870-1890 ôfnaam en in soad feanarbeiders nei Appelskea ferhûzen.

It doarp ûntwikkele him by de feart lâns en dy lintbebouwing is dan ek byldbepalend yn it lânskip. Letter yn 'e tiid hat it ferfier oer de wei en de opkomst fan de lânbou it lânskip fierder foarme. De oanmakke grûn waard brûkt foar molkfee en lânbou (hjoeddeis foaral mais en jirpels). De (hannels)rûte nei Grins hat derfoar soarge dat der in kearn yn it doarp ûntstien is.

Sûnt 1829 hiene de Haulerwykster bern in eigen skoalle. De skoalle waard yn 1858 ferfongen troch in oare skoalle, dy't yn 1878 fergrutte waard. In kristlike skoalle folge yn 1896 tusken Waskemar en Haulerwyk yn en yn 1919 krigen de twa doarpen elk in eigen kristlike skoalle.

De herfoarme tsjerke; tsjintwurdich PKN.

Tsjerklik hearde Haulerwyk by de herfoarme gemeente Donkerbroek-Haule. Yn 1852 waard útein set mei de bou fan in eigen herfoarme tsjerke. Al ier wie der yn 1837 in ôfskieden gemeente as kombinaasje mei Donkerbroek en noch foar de bou fan de herfoarme tsjerke krige Beneden-Haulerwyk (Waskemar) in eigen ôfskieden tsjerke, dy't yn 1876 troch in nije tsjerke ferfongen waard. Yn 1929 waard ek dat tsjerkegebou ferfongen troch de tsjerke dy't hjoeddedei de Oerdracht hjit. Yn 1867 waard ek in Frije Evangelyske gemeente stifte, dy't him yn 1880 by de baptisten oanslette.

Yn 'e lêste jierren fan de 19e iuw krige it doarp ek in bûterfabryk, sûnt 1904 in koöperative feriening mei de namme 'De Eendracht'. Yn 1907 waard it fabryk opheft en gearfoege mei it suvelfabryk 'Hoop op Zegen' yn Waskemar, dy't hjoed-de-dei ek net mear bestiet.

Haulerwyk ha twa stellingmûnen hân: de mûne fan Ritsema út 1881,[3] dy't yn 1920 ôfbrutsen waard en de mûne fan Van der Wal út 1853, dy't yn 1929 foar ôfbraak ferkocht waard.[4]

Yn 1880 waard Haulerwyk in selsstannich doarp en sûnt de iuwwikseling naam de befolking wer ta. Yn it sintrum fan it doarp hat eartiids in brêge west, dy't wichtich wie foar it trochgeande ferkear. Earst wie dat in klapbrêge en letter in fêste brêge. De brêge waard letter ferfongen troch in lange dûker, dêr't hjoed-de-dei in rotonde op leit.

De yn 2008 boude klokkestoel fan Haulerwyk

Der is in aktyf ferieningslibben mei in ferskaat oan aktiviteiten. Foarsjennings (de skoalle, it pjutteboartersplak, de bibleteek, de speel-o-theek, Pleatslik Belang mei in tsiener-/jongereinromte, de thússoarch mei in konsultaasjeburo binne ûnderbrocht yn it multyfunksjonele akkomodaasje 'De Boekebeam'. It doarp hat in skeelerbaan.

De feriening foar Pleatslik Belang hjit De Foarútgong en it doarpshûs De Enter. De Streekkrante is te finen op ynternet. By it doarp leit sportsintrum De Hichte en binnensporten wurde dien yn De Bongerd. Om de fiif jier is der in doarpsfeest, der is ek in Stifting Evenemintenterrein Haulerwyk. De Haulewelle is it iepenloftswimbad. De filmwurkgroep Haulerwyk hat in filmsearje fan 4 dielen makke: HAULERWIJK IN OUDE BEELDEN. Dêrneist is yn 2006 ek noch in CD makke mai as titel “Alles draait om dokter Beumer”.

De Oerdracht (earder de grifformearde tsjerke)

Fierder is der in Keninkryksseal, dêr't de Jehova's Tsjûgen gearkomme.

  • Basisskoalle 'De Laweij'.
    De skoalle ûnstie yn 2018 troch in fúzje fan de iepenbiere basisskoalle 'It Twaspan' en de kristlike basisskoalle 'De Schalmei'. De grifformeard-frijmakke skoalle 'De Rank' moast yn 2014 de doarren slute.

Sjoch ek op de side fan Haulerwyk foar de aktuele list fan ferieningen

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2006 2009* 2010*
Ynwenners 2.481 2.441 2.484 2.553 2.726 3.313 3.260* 3.263*
Jier 2015 2020
Ynwenners 3.188 3.245

(*) Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010

Blauwe Bosk

Haulerwyk leit yn de Fryske Wâlden tsjin de Drintske grins oan. It lânskip is boskich mei dobben en skiere útsichten. By it doarp leit de Blauwe Bosk. Dat bosk is ûngefear 300 ha grut en bestiet út heide, dobben en nuddelbeammen en leafbeammen. Yn in straal fan 10 km is der mear natuergebiet te finen, lykas de Bakkefeanster Dunen, de Liekster Mar, de Zuurse Dunen, Mensinge-Havesathe, it Noarger Esdoarpen Gea, it Fochtelerfean, it Drintsk-Fryske Wâld en de Duerswâlder Heide mei de Alde Bosk fan de Slotpleats yn Bakkefean.

De Strjitten yn Haulerwyk

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Geschiedenis van de Ooststellingwerfse dorpen, Dr. T.H. Oosterwijk, 1986, Stichting Stellingwarver Schrieversronte
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Molendatabase
  4. Molendatabase

Eaststellingwerf
Doarpen en útbuorrens:
AldeberkeapAppelskeaDonkerbroekEasterwâldeElsloDe FochtelDe HauleHaulerwykLangedikeMakkingeaNijeberkeapRavenswâldWaskemar
Buorskippen:
AakingeaAlde Willem (foar in part)BekhofBentemadenBoekhorstBoppefjildBûteheidefjildButtingeaDeddingabuertElleboochEgypteFeanebuorrenFeanekoatenFrankrykHegeduerswâldIt HegesânJanssenstiftingKanadaKlazingeaKninebuertDe KnolleDe KolannenKoudenburchLegeduerswâldMedhuzenDe Monden (foar in part)Moskou (foar in part)NanningaNije FeartPetersburch (foar in part)PrandingeaDe RieteRolpealSkottelenburchSkrappingeaSúdhoarneTerwisschaTrije TolhikkenTrondeTwitelDe WeperWeperpolderWillemstêd
· · Berjocht bewurkje