Memmert
Memmert is it twadlytste Eastfryske eilân, mei in grutte fan 6,20 km². It eilân is net bewenne en is ferneamd as in fûgelparadys. Memmert is sûnt 1907 beskermd; der stiet ien hûs, foar de fûgelwacht. It is in briedplak foar ûnder oaren leppelbekken, lytse sjouwermannen en ielguozzen. It eilân is net frij tagonklik.
Memmert spilet in wichtige rol yn Erskine Childers's roman The Riddle of the Sands (1903).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Memmert waard yn 1650 foar it earst neamd as sânplaat dy't by deistich tij net mear oerspield wurdt, en dêr't hjir en dêr planten waachse. Oant yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw waard it eilân ornaris gauris noch Memmertsân neamd.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân leit súdwestlik fan Júst, eastlik fan de Kachelotplaat en noardeastlik fan Boarkum. Súdwest fan Memmert leit de Easteriems. Nei it noarden leit de Júster Balch. Nei it easten giet it eilân oer yn it Noardlân. Oan de súdeastkant leit de Memmert Balch. It strân fan Memmert rint noard-súd, yn tsjinstelling ta de strannen fan de oare Eastfryske eilannen, dy't east-west rinne.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Memmert fan Wikimedia Commons. |
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |