Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Oranje

Ut Wikipedy
oranje
spektrale koördinaten
weachlingte 590-620 nm
frekwinsje ~505-480 THz
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FF7F00
RGBª (rgb) (255, 127, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 50, 100, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Oranje is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken giel en read yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 590-620 nm en in frekwinsje fan rûchwei 505-480 THz. Oranje is sawol by additive kleurminging as subtraktive kleurminging in sekundêre kleur. It is de komplemintêre kleur fan ultramaryn. Kwa tinten rint oranje útinoar fan goud, dat ek as in soarte giel beskôge wurde kin, oant skarlekken, dat ek in foarm fan read is. 'Dûnkeroranje' wurdt frijwol nea sa neamd, mar stiet ynstee bekend as brún. Oranje is de nasjonale kleur fan Nederlân. It wurdt fierders assosjearre mei amusemint, waarmte, fjoer, enerzjy, gefaar, de hjerst en Halloween. It is ek de ynternasjonale kleur fan 'e kristen-demokrasy en (as saffraan) de hillige kleur fan it hindoeïsme, boedisme en sikhisme. Yn 'e heraldyk is oranje in moderne heraldyske kleur dy't troch lang net alle autoriteiten erkend wurdt.

It wurd 'oranje' yn it Frysk en Nederlânsk komt fan it Frânske orange, dat ek "oranje" betsjut, mar eins de oarspronklike betsjutting "sinesapel" hat (no almeast oantsjut as pomme d'orange). It Frânske wurd komt fan it Italjaanske arancia, dat wer in lienwurd út it Arabysk is op basis fan نارنج, naarandj. Uteinlik giet it Arabyske wurd werom op it Sanskrityske नारङ्ग, nāraṅga.

De saneamde swarte doazen dêr't fleantugen mei tarist wurde, binne eins oranje.

Oranje is (yn 'e mande mei giel) in kleur dy't it maklikst sjoen wurdt yn twiljocht, by dûnker waar en tsjin dûnkere eftergrûnen, lykas dy fan oerflaktewetters. Sadwaande wurdt it, benammen yn 'e tint dy't feilichheidsoranje hjit, faak brûkt foar rêdingsboeien, rêdingsfesten en rêdingsflotten. Yn 'e Feriene Steaten wurdt deselde kleur ek brûkt foar tydlike ferkearsbuorden yn ferbân mei ûnderhâldswurk. Fierders drage strânwachten en weiwurkers faak oranje klean om harren better sichtber te meitsjen.

Swier materieel (lykas kranen) hat gauris dizze kleur, en oranje wurdt ek faak brûkt as de kleur fan finzenisklean, om finzenen better sichtber te meitsjen, mochten se besykje te ûntsnappen. Astronauten drage ek oranje pakken om se by weromkear út 'e romte better sichtber te meitsjen tsjin 'e eftergrûn fan 'e blauwe see. En de saneamde swarte doazen fan fleantugen (de flight data recorder en de cockpit voice recorder) binne eins net swart, mar oranje, sadat se nei it delstoarten fan in fleantúch sa maklik mooglik fûn wurde kinne. Yn Nederlân wurdt it middelste ljocht fan ferkearsljochten, dat warskôget dat men begjinne moat mei stil te hâlden, ek oranje neamd, hoewol't dat eins in dûnkere tint giel is.

In pear foksen mei in oranje-wite pels.

Oranje wurdt yn 'e Westerske wrâld sterk assosjearre mei fermaak. Dêrfandinne dat clowns bygelyks oranje hier hawwe.

Oranje is de nasjonale kleur fan Nederlân. Dat komt fan it Hûs fan Oranje-Nassau, it Nederlânske keningshûs, dat syn namme ûntliend oan it Prinsdom Oranje, in lyts steatsje fan 280 km² benoarden de stêd Avignon, yn súdlik Frankryk, dat fan 1163 oant 1713 in soeverein lantsje wie. It prinsdom wie neamd nei de stêd Oranje (Orange). Oars as dat faak tocht wurdt, wie de stêd oarspronklik net ferneamd nei de sinesapel, mar wie it Frânske Orange in ferbastering fan it Latynske Arausio, de namme fan in Keltyske wettergod. As plak waard Arausio yn 36 of 35 f.Kr. stifte. It tinken is dat de ferbastering fan 'e namme plakfûn ûnder ynfloed fan 'e hannel yn sinesapels, mei't Oranje oan in rûte lei dêr't in soad fan dy fruchten lâns ferfierd waarden fan 'e Frânske havens oan 'e Middellânske See nei noardlik Frankryk. Hoe't it ek sij, úteinlik ûntstie der in assosjaasje tusken it plak Oranje en de lyknammige kleur.

in Japanske eskdoarn yn hjerstkleuren.

Yn 1544 urf in soan fan 'e greve fan Nassau it Prinsdom Oranje en alle byhearrende besittings en titels fan syn sûnder neiteam ferstoarne neef René fan Châlon. Dy soan wie Willem fan Oranje, ek bekend as Willem de Swijer. Om't dyselde oan 'e widze stie fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dêr't de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen út fuortkaam, rekke de kleur oranje ûnferbreklik ferbûn mei Nederlân. Tsjintwurdich sjocht men yn Nederlân oranje fral op nasjonale feestdagen, lykas Keningsdei en Befrijingsdei, en by sportwedstriden fan nasjonale teams. Behalven de eigentlike kleur komt ek de beneaming yn Nederlân in soad werom, lykas yn 'e nammen fan 'e histoaryske radiostjoerder Radio Oranje en it Oranjefûns, yn 'e tradisjonele útrop "Oranje Boppe" en yn it begryp oranjeferiening.

De Nederlânske flagge dy't yn 1579, by it sluten fan 'e Uny fan Utert, offisjeel oannommen waard, wie in horizontale trijekleur oranje-wyt-blau. Dy flagge stiet no bekend as de Prinseflagge of ek wol it 'oranje-blanje-bleu'. Pas yn 1937 waard by Keninklik Beslút de hjoeddeistige read-wyt-blauwe flagge de offisjele flagge fan Nederlân. De Prinseflagge waard neitiid brûkt troch de yn 'e Twadde Wrâldoarloch mei de besetters kollaborearjende NSB en krige dêrtroch in "besmet" imago.

Pompoenen te keap foar Halloween. De kleur fan pompoenen is wêrom't oranje mei Halloween assosjearre wurdt.

Underwilens hiene de Nederlanners harren oranje lykwols ek om utens brocht. Sa waard troch kolonisten fan Nederlânsk komôf, de saneamde Afrikaners of Boeren, in grutte rivier yn Súd-Afrika de Oranjerivier neamd. Ien fan 'e grutste Boererepubliken kaam yn 1854 de Oranje Frijsteat te hjitten. It grutste part fan 'e tweintichste iuw hie Súd-Afrika in flagge dy't oranje-wyt-blau kleure wie. Dy waard lykwols tagelyk mei it Apartheidsrezjym ôfskaft; yn 'e hjoeddeistige flagge fan Súd-Afrika komt gjin oranje mear foar. Ek de flagge fan 'e stêd New York, dat begûn as Nij-Amsterdam yn 'e Nederlânske koloanje Nij-Nederlân, hat in oranje baan. Nei't yn 1689 Willem III fan Oranje kening waard fan Ingelân, Skotlân en Ierlân, rekke de kleur oranje op it eilân Ierlân ferbûn mei it troch de nije kening útdroegen protestantisme. De oranje baan yn 'e flagge fan Ierlân symbolisearret sadwaande de protestantske befolkingsgroep.

Yn 'e natoer komt de kleur oranje foar yn û.m. sinesapels, mandarinen, woartels, pompoenen en swiete jirpels. Dy kleur wurdt feroarsake troch karoteen, in soarte fan fotosyntetysk pigmint, dat ljochtenerzjy omset yn gemyske enerzjy foar de groei fan 'e plant. Hjerstmis kleurje de blêden fan beskate beammen oranje trochdat karoteen oerbliuwt as it griene glorofyl ôfstoarn is. Ien fan 'e bekendste foarbylden fan oranje yn 'e natoer, te witten de kleur fan woartels, is eins hielendal net natuerlik. Oant de achttjinde iuw wiene woartels út Aazje pears en dy út Jeropa wyt of oars read. It wiene Nederlânske bouboeren, dy't ta eare fan Willem fan Oranje in oranje fariëteit kweekten. De oranje woartel, dy't sûnt alle oare kleuren woartels folslein út 'e merk drukt hat, waard foar it earst beskreaun yn 1721.

In omdoarmjende hindoeïstyske hillige of sadhu, klaaid yn saffraan.

Yn 'e polityk is oranje de ynternasjonale kleur fan 'e kristen-demokrasy. Dat Nederlânske kristen-demokratyske politike partijen lykas it CDA (grien) en de KristenUny (blau) oare kleuren oanhâlde, hat dermei te krijen dat oranje yn Nederlân de nasjonale kleur is. Mar foar û.m. it Bündnis Zukunft Österreich (BZÖ) yn Eastenryk, de Kristendemokraterne (KD) yn Denemark, Christen-Demomatisch & Vlaams (CD&V) yn Flaanderen, it Centre Démocrate Humaniste (CDH) yn Walloanje, de Christlichdemokratische Volkspartei der Schweiz (CVP) yn Switserlân en ek de SGP yn Nederlân is oranje wol deeglik de partijkleur.

Yn Noard-Ierlân wurd oranje benammen assosjearre mei it protestantisme, trochdat de fan oarsprong Nederlânske kening-steedhâlder Willem III fan Oranje dêrfan yn 'e santjinde iuw as beskermhear fanwegen kaam. It dúdlikst is dy assosjaasje yn it gefal fan 'e Oranje Oarder, in organisaasje dy't yn it simmerhealjier û.m. optochten organisearret dy't geregeldwei ta konfliktsitewaasjes liede mei it roomske befolkingsdiel.

In goudsjeblom.

Yn Georgje keas opposysjelieder Micheil Saakasjvili by de Roazerevolúsje fan novimber 2003 de kleur oranje as symboal fan ferset tsjin it regear fan presidint Edûard Sjevardnadze. Yn 2004 die de Oekraynske opposysjelieder Viktor Jûsjtsjenko itselde by de Oranjerevolúsje yn syn lân.

Oranje, of eins dûnkersaffraan, is de hillichste kleur fan it hindoeïsme, en ek fan it boedisme en it sikhisme, religyen dy't oarspronklik út it hindoeïsme fuortkomme. Saffraan rint kwa tint útinoar fan goudgiel oant oranjeread. Sokke kleuren wurde yn it hindoeïsme en sikhisme brûkt foar findels en flaggen. Ek de kladen fan hindoeïstyske omdoarmjende hilligen (saneamde sadhu), en de pijen fan boedistyske mûntsen fan 'e teravadatradysje hawwe dy kleur.

Yn it kristendom symbolisearret de kleur oranje de deadssûnde fretterigens.

Neffens it konfusianisme, de religy en filosofy fan it âlde Sina, is giel de kleur fan perfeksje en adel, en read de kleur fan lokkigens en macht. Giel en read wurde fierders assosjearre mei ljocht en spiritualiteit, resp. fjoer en sensualiteit. Se lykje tsjinsteld, mar folje inoar eins oan. Ut 'e ynteraksje tusken dy beide komt oranje, de kleur fan transformaasje.

De wichtichste tinten oranje binne: abrikoas, âldgoud, amber, atoommanderyn, baarnd oranje, bitterswiet, buff, butterscotch, dadelprom (persimmon), dûnkersalm, dûnkersitroengiel, dûnkerwoarteloranje, feilichheidsoranje, fermiljoen, flamread, foks, goud, gouden klaproas, goudsjeblom, guttegom, ynternasjonaal oranje, karamel, kraalread (of koraalread), liuwetaan, mahoanje, mandaryn, mango, metallic goud, oranjeread, Perzysk oranje, pjisk, pjiskgiel, pjiskoranje, pompoen, Portlandoranje, Princetonoranje, roastbrún, salm, satynglânsgoud, seeskulp, sinesapelskyl, sinneglâns, sinne-ûndergong, sjampanje, sjonkyl, skarlekken, taan, tangelo, teeroas, tomaat, weboranje en woarteloranje.

fan swart nei oranje:
                                   
000000 110B00 221600 332100 442C00 553700 664200 774D00 885800 996300 AA6E00 BB7900 CC8400 DD8F00 EE9A00 FFA500 FF8800 FF7F00
fan oranje nei wyt:
                                   
FF7F00 FF8800 FFA500 FFAB11 FFB122 FFB733 FFBD44 FFC355 FFC966 FFCF77 FFD588 FFDB99 FFE1AA FFE744 FFEDCC FFF3DD FFF9EE FFFFFF
fan read fia oranje nei giel
                               
FF0000 FF1100 FF2200 FF3300 FF4400 FF5500 FF6600 FF7700 FF8800 FF9900 FFAA00 FFBB00 FFCC00 FFDD00 FFEE00 FFFF00

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.