Peins
Peins | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 245 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 4,06 km², wêrfan - lân: 4,03 - wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 64 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 12' N 5° 35' E | |
Offisjele webside | ||
Side 'Us Peins' | ||
Kaart | ||
Peins is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Peins leit noardeastlik fan Frjentsjer en Skalsum, noardwestlik fan Skingen, súdwestlik fan Slappeterp en besuden Rie. De doarpskearn fan Peins leit om de Sint-Gertrudistsjerke, benammen oan de Doarpsstrjitte, en Master Frankstrjitte. Tegearre mei Boer, Sweins, Ried en Skalsum foarmet Peins it Frjentsjerter Fiifgea.
Op 1 jannewaris 2023 hie Peins 245 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Peins is in âld doarp dat ûntstie op in terp. It doarp ûnstie al foar de 1200. Aldere farianten fan Peins binne (Pesinghe), Pewenzee (1275), Peijnse (1406), Peynsera Gae (1422), Peijns en Peyns (sûnt 1480), Peyns en sûnt de 16 iuw ek Peins (of Peyns).[1]
De hjoeddeiske Gertrudistsjerke is 14e iuwsk, mar resten fan tufstien bewize dat it gebou der al earder stie. De âlde sealtektoer is yn 1902 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske tuorke.
It doarp hie yn de 15e iuw twa stinzen: de Tammingastins en de Aesgemastins.
Sûnt 2018 leit Peins yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn Us Doarpshûs. Dorpskrante 't Roeke-each ferskynt tsien kear yn 't jier. De S.J. Boersma Stifting set him yn foar it yn stân hâlden fan in jeugdbibleteek.
Peinzers wurde tradisjoneel goatlingskrabers neamd.[2]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Sint-Gertrudistsjerke (Peins).
De eardere herfoarme Gertrudistsjerke wurdt út en troch noch brûkt troch de PKN-gemeente en is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn 1913 stifte de Grifformearde Tsjerke fan Frjentsjer it evangelisaasjegebou Rehoboth. Rehoboth waard yn 2018 sletten en ferkocht.[3] Tsjerklik foarmet protestantsk Peins ûnderdiel fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.[4]
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In eigen skoalle hat Peins net. De bern fan Peins geane nei de iepenbiere skoalle 'De Oanset' yn Rie.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2005 | 2008 | 2009 | 2013 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 168 | 342 | 344 | 329 | 316 | 309 | 270 | 278 | 282 | 265 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||||
Ynwenners | 255 | 255 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne yn Peins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Josse de Haan (1941), Skriuwer en Dichter
- Pieter van Althuis (1983), Keatser
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doarpsstrjitte, Master Frankstrjitte, Potterslân, Riedsterwei, Skalsumerwei, Slappeterpsterwei, Sweinserwei, Tsjerkestrjitte.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|