Location via proxy:   [ UP ]  
[Report a bug]   [Manage cookies]                
Springe nei ynhâld

Sweins

Ut Wikipedy
Sweins
Tsjerke fan Sweins
Tsjerke fan Sweins
Emblemen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 125 (2022) [1]
Oerflak 2,05 km², wêrfan:
- lân: 2,01 km²
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 62 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 11' N 5° 36' E
Kaart
Sweins (Waadhoeke)
Sweins

Sweins is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Sweins leit eastlik fan Frjentsjer en westlik fan Dronryp. De doarpskearn fan Sweins leit oan de Haadwei, wêr’t de Reginatsjerke ek stiet. De buorskip Keimpetille (diel) heart ek by Sweins. Tegearre mei Boer, Peins, Ried en Skalsum foarmet Sweins it Frjentsjerter Fiifgea.

Op 1 jannewaris 2023 hie Sweins 125 ynwenners.

Sweins ûntstie yn 'e midsiuwen as in terpdoarp, mar de doarpsterp is foar it measte ôfgroeven. Der wiene lykwols mear terpen yn 'e himrik en tusken Salwert en Sweins lei in rige terpen. By it ôfgraven fan de terp fan Keimpetille yn 1900 (de terp tusken de doarpsterp en dy fan Kingmastate) waard in ier-midsiuwsk grêffjild fûn, mei yn alle gefallen twa minsken en in hynder en bonkebeslach fan in kistje. Fierder hearden dêr nei alle gedachten noch twa bonkerakken en kralesnoeren by. De fynsten waarden datearre yn 'e 7e, 8e of 9e iuw.[2]

Yn 'e 13e iuw waard Sweins 'Sueninghe' neamd, yn 1427 'Sueyns', yn 1433 'Sweyne en yn 1511' Sweyns. It plak ferwiist nei it folk fan de persoan Sween of Swene.

De fan giele kleastermoppen boude midsiuwske tsjerke waard yn 1783 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn Sweins hat de Mûne fan Izaak de Swart stien. De mûne waard earne foar 1832 boud en is healwei de 19e ôfbrutsen.[3]

Sweins groeide yn 'e rin fan de tiid bûten de terp en in sletten kearn krige it net, sadat it doarp ek no noch in iepen karakter hat, dat oan in buorskip tinken docht.

Sûnt 2018 leit Sweins yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).

Haadwei rjochting Keimpetille

Súdeastlik fan it doarp rjochting Keimpetille stie eartiids Kingma State. De state waard om 1500 hinne boud troch Jelle thoe Kingum en yn 1864 ôfbrutsen nei't de state al in skoft leech stien hie. Yn it lânskip is noch jimmeroan de tagongsleane te werkennen. Ek in lyts hûs oan it begjin fan de tagongsleane en dat tsjintwurdich troch in partikulier bewenne wurdt, hearde oarspronklik ta de state. De Stifting Herstel Kingma State set him al in skoft yn om op de histoaryske lokaasje in nije state yn moderne foarmen mei apparteminten te bouwen.[4] De tariedings dêrfan binne yntusken yn gong set (2023).[5] Oare states yn Sweins wiene Grut Herema en Rinnerda, mar dy wiene minder belangryk. It wapen fan Sweins mei de trije tuorren ferwiist nei de trije states fan it doarp.

Der is in Feriening foar Doarpsbelang Sweins. Sûnt 1970 hat Sweins in eigen doarpshûs.

De Wikipedy hat ek in side Reginatsjerke.
Pleats oan de Haadwei

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009
Ynwenners 113 205 187 169 126 119 110 110
Jier 2015 2020
Ynwenners 115 120

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Haadwei, Kingmatille, Ryksstrjitwei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: