RSG Magister Alvinus
De RSG Magister Alvinus is in iepenbiere skoallemienskip foar fuorset ûnderwiis yn de Almastrjitte yn Snits.
Histoarje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]RSG Magister Alvinus is ferneamd nei de earste rektor fan de Latynske skoalle yn Snits, in wichtich ûnderwiissintrum yn de 15e iuw. De skoallemienskip is yn 1971 ûntstien troch in fúzje fan de Ryksskoallemienskip (mei hafû en atheneum) mei it Steedlik Magister Alvinus-gymnasium. Letter binne der ek oare ûnderwiisfoarmen by komd. Yn 2010 sieten der sa'n 1800 learlingen op, dy't ûnderbrocht binne yn ien haadgebou yn Snits. It hjoeddeiske gebou is yn 1958 yn gebrûk nomd en letter útwreide.
De RSG Magister Alvinus is ien fan de tsien skoallen dy't meidocht oan it Frysk Jeugd Parlemint, in jierliks barren wêrby't it bestjoer fan de provinsje Fryslân troch jongeren neispile wurdt.
Ald-learlingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Laurens ten Cate
- Charles Groenhuijsen
- Pauline Krikke
- Haitske van de Linde
- Frits van der Meer
- Erik van den Muijzenberg
- Habtamu de Hoop
- Sybrand van Haersma Buma
- Bernhard van Haersma Buma
- Nyck de Vries
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|